De grêfstiennen fan`e Foekema`s

De grêfstiennen fan`e Foekema`s
©: Tresoar

Foaryn’e tsjerke fan Folsgeare steane, yn twa moaie houten kistjes, de grêfstiennen fan Hoyte Wybes Foekema (1583-1661) en twa fan syn bern: Ulbe Hoytes (1611-1618) en Wybe Hoytes (1619-1641).

De stiennen binne yn 2002 werom fûn by it oanlizzen fan’e sintrale ferwaarming yn’e tsjerke troch Harmen Foekema út Wergea, in streekrjochte ôfstammeling fan Hoyte Wybes Foekema.

It is al iuwen lyn dat dizze famylje yn Folsgeare wenne en in wichtige rol spile yn’e mienskip yn en om it doarp.

De âldste feiten oer dizze famylje komme út it register fan oanbring út 1511. Under it haadstik Folsgeare wurdt trije kear in Foekelaz (Foekema) neamd: Jancka, Hoyte en Tjaerd Foekelaz. Wis is it net, mar mooglik binne it bruorren fan elkoar.

Ut’e stikken docht bliken dat it giet om in wichtige famylje.

Jancka Foekelaz wennet oan’e Tsjaerddyk 31 en Hoyte (Hoijta) Foekelaz op’e lokaasje fan’e ein 19e iuw ôfbrânde pleats fan Breeuwsma (no Wallemadyk).

Beide pleatsen binne foar in part eigenerfde pleatsen, dat in oanwizing is dat se hjir al langere tiid wenje.  

Tjaerd Foekelaz is meier (hierder) op’e pleats oan’e Folsgeasterleane 2.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Tresoar

Relatearre ynformaasje


Dokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)