Tsjaerddyk 27

Tsjaerddyk 27
©: archief db folsgeare

 

Yn de tiid dat de súdkant fan’e kwelder ( Nieuwlander polder) foarme waard, waard der troch de Middelsee in brede stripe klaai ôfsetten. De Tsjerdyk, no Tsjaerddyk, waard oanlein tusken 1000-1200 as grins en wetterkearing fan dyselde Middelsee.

Op ien plak bleau de stripe lykwols frijwat smel. Dat is de reden dat de buorkerij dêr’t dit finster oer giet, yn’e lingte oan’e dyk boud waard.

Sybren Haites Schukken, de âldste soan fan Haite Gerrits en Sybrig Tjeerds út Jirnsum, ( Haite Gerrits naam yn 1811 de namme Schukken oan)  trout op 12 juny 1811 mei Willemke Luitjes Kleiterp út Tsjalhuzum, dêr’t har mem en styfheit buorken.  Sybren wie al boer op’e buorkerij oan’e  Tsjaerddyk (nû 27) dêr’t it stel harren nei it houlik no ta wenjen set. Sybren syn heit besit ien tredde part fan’e buorkerij, syn skoanheit Tjeerd Sybrigs twa tredde part.

De sate bestiet út in hiem foar it hûs, huzinge mei skuorre, hôf ( efter de buorkerij ) mei 22 bunder greide. Hjirfan leit 10 bunder noardlik en 12 bunder súdlik fan ‘e Tsjaerddyk midden yn it Marlân.

Earst nei tsien jier wurdt harren earste dochter Sytske berne, yn’e jierren dêrnei komme der noch trije bern dy’t lykwols allegearre jong stjerre.

 

 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief db folsgeare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)