Deel:


Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard

 

It earste dat yn it tsjerke argyf oer dit tjerkehûs stiet, is in betelling yn 1816 oan Sikke Willems Goenga, timmerman út Nijlân, foar “de kerkhuizinge”. Wannear’t it tsjerkehûs krekt boud is, is  ûnbekend, mar nei alle gedachten sil dat nei 1800 wêze. De earste hierders dy’t wy tsjin komme yn it tsjerke argyf binne Niklaas (Klaas) Feddes Breeuwsma en syn frou Pyttje Sytses Ypma (troud yn 1830). Yn 1833 ferhúzje se en komt Jouke Rintjes Boschma, troud mei Jetske Klazes Bosma, yn it tsjerkehûs. Hja wenje dêr krapoan in jier. Yn de jierren dêrnei is it in kommen en gean fan hierders dy’t  tydlik ûnderdak nedich ha.

Der binne hierkontrakten bewarre bleaun fan 1844 ôf. Dy waarden alle jierren op’e nij opmakke. Neffens it kontrakt fan 1844 wenje skuonmakker  Bokke Pieters Nettinga en syn frou, naaister Jeltje Pieters Bergsma yn it hûs. Nei it ferstjerren  fan Bokke Pieters yn 1845, trout Jeltje wer yn 1846 mei Douwe Lucas Elsinga dy’t ek skuonmakker is. It pear wennet dêr oant 1850. Dêrnei wennet Klaas Durks der oant 1853.

Fan 1854 ôf wurdt it huis benammen as starterswente brûkt troch de bern fan Willem Sjerps Twijnstra en Japke Pieters. Alle jonges wenje der nei harren trouwen in skoftsje. Harren âlden, dy’t der skean tsjinoer wenje, kinne moai ris by springe. As lêste fan dizze famyljetradysje wennet Nantje van Hasinge, widdow fan Willem Sjerps Twijnstra ( pakesizzer fan  earstneamde Willem Sjerps) der oant 1899.

 

 

 

Locatie

Folsgare

Zie voor meer informatie:

Tsjaerddyk Kerkhuis noord, nl
Tsjaerddyk Tsjerkehûs noard, fr





















© Tekst: Wytske Heida - © Foto voorblad: dbfolsgeare

Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
©: dbfolsgeare
Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
Op de kaart fan 1832 stiet it hûs der al. (©: Dorpsbelang Folsgeare)
Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
Lytse Tjerk mei de hûnekarre. (©: Dorpsbelang Folsgeare)
Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
Dit is it oansjen fan Folsgeare om 1935 sjoen fanôf de kant fan Nijlân. It earste hûs oan de linkerkant is it tsjerkehûs. (©: Dorpsbelang Folsgeare)
Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
Tsjaerddyk (©: Dorpsbelang Folsgeare)
Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
De boat fan Wybren Sweering (©: Dorpsbelang Folsgeare)
Tsjaerddyk, tsjerkehûs noard
De wurkpleats fan no (©: Wytske Heida)


Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur van het item. (Wytske Heida)