Folsgeasterleane 15

Fanút it doarp komme je, links oanhâldend, oan ‘e ein fan’e Folsgeasterleane by nû 15. De lânreed waard ek wol “Reade leane” neamd. It is in stee dêr’t in âlde grêft, beseamd mei beammen, sjen lit dat hjir destiids minsken wenne ha. De slopers ha goed wurk levere. Der is neat mear werom te finen fan’e Abma pleats dy’t hjir stien hat en dy’t goed 130 jier famyljebesit west hat. .

Catharina Tichelaar út Snits wie oant har fertsjerren yn 1844 eigerneske fan dizze buorkerij. Jessina Feickens, ien fan ‘e dochters út har earste houlik, ervet de buorkerij, mei as hierder Sjoerd Ates Ypma. Yn novimber 1862 set Jessina Feickens in advertinsje yn ‘e Ljouwerter Krante.

Aan de Mac-Adamweg van Sneek naar Bolsward en aan den Rijdweg naar Folsgare is een welonderhouden Huizinge en Schure benevens Hieminge, Hovinge, Watermolen en verdere annexen te koop in huur bij Sjoerd Ates Ypma tot Petri Mei 1864.


Wannear’t Sjoerd Ates Ypma yn 1864 fan de pleats giet, wurdt der boelguod holden. Yn ‘e Ljouwerter Krante fan 05-04 -1864 stiet de neikommende advertinsje:

BOEREBOELGOED ONDER FOLSGARE De Notaris A HAAGSMA te Sneek zal ten verzoeke van den Heer E J ATTEMA, Notaris te Dragten, op Maandag den 11 April 1864 ’s morgens 9 uur ten huize van S A IJpma onder Folgare, tegen contante betaling, verkoopen: LEVEND VEE , als : 37 melke en kalve Koeijen , 1 beste vare Koe, 6 Hokkelingen, eenige Suipkalvers, 1 Bul, 1 best oud Varken, 10 Kippen en 1 Haan. BOEREGEREEDSCHAPPEN enz als 2 Hooiwagens waarvan 1 met beslag en Stokraam, Aardkar, Sleeptrog, Kapwagen, kromzijdige Chais, Schuifslede, eene partij houten Aden, koperen Emmers, houten dito, een groote Brokaad, Tobbe, Kaasvaten, Emmerbank, Aadschammel, Slijpsteen met Raam, Kruiwagen, droog Spek, Rookvleeseh vleesch , Schrenkel enz MEUBELEN als : Kabinet, Hoekspinde, Pulpitum , Klokje, ronde Tafel enz De MESTHOOP, liggende op de Hieminge, in den afgeloopen Winter op deze Zaihe gemaakt. N.B. Koekdisschen of Hakblokken worden niet toegelaten

De pleats is foar de ferkeap opdield yn achttjin stikken lân. Hessel Rintjes Boschma fertsjinnet as strykjildskriuwer de buorkerij mei de jister. De stikken lân wurde troch meardere keapers opkocht. Hessel Rintjes sit no mei in âlde buorkerij sûnder lân dy’t feitlik net te ferkeapjen is. De iennige manier om der noch wat oan te fertsjinjen, is om de buorkerij te ferhieren, mar dan sil der earst noch wat oan de buorkerij barre moatte. In nije buorkerij is de bêste opsje en hy freget oan timmerman Willems Twijnstra út it doarp oft hy dizze put dwaan kin. Dy nimt de opdracht oan en set útein mei it ôfbrekken fan de buorkerij. Hessel set dêrnei de neikommende advertinsje yn de Ljouwerter Krante fan 01-11-1864:

BOELGOED VAN AFBRAAK TE FOLSGARE De Notaris A W NAUTA te IJlst zal op Maandag den 7 November 1864 des nademiddags precies 1 uur op het Kerkhof en op het Hornleger der Zathe bewoond geweest door S A IJpma aldaar , bij boelgoed, tegen gereede betaling, presenteren te verkoopen: Een best GREENEN BINDTWERK, lang 8 el , hoog 5 zwaar 34 bij 34 duim : GREENEN MIDDELSTIJLEN dito lengte, zwaar 30 bij 30 duim ; eene groote partij kleine beste STEEN , dito MOPSTEEN , eenige duizend PANNEN, 1200 gesmoorde DITO, ESTRIKKEN, KOZIJNEN en KOEBINTEN, RIBBEN, DAMLEGGERS, VLOERPLANKEN, HEKPALEN, STEKGOED, BRANDHOUT enz

Yn de nije buorkerij komme trije famyljes te wenjen. Yn de foarkeamer wennet Feike Boomstra en yn de middelste keamer komt Douwe Ids Bootsma, dy’t de souder, de kowestâl en de kelder derby yn hier hat. De eastlike keamer wurdt brûkt troch Johannes ter Horst. It hiem, it hôf en de melkstâl wurde ferdield oer de trije hierders. Op it hiem binne trije wetterputten, foar elts ien.Yn de stâl is in welle dêr’t it wetter foar it fee oppomt wurdt. Yn 1865 set Hessel Rintjes de nije buorkerij te keap. Der wurdt wol bean mar net genôch, dat hy nimt de buorkerij wer út’e ferkeap. Fiif jier letter besiket hy it op nij.

Yn 1870 begjint it Abma tiidrek op Folsgeasterleane 15 as Klaas Ruurds Abma syn eigen buorkerij oan de Folsgeasterleane nû 2 ferkeapet oan Pier Wattes van der Velde. Hy is dan 63 jier en wol it rêstiger oan dwaan mei syn twadde frou Jetske Theunis Schoustra. Hy keapet de nije buorkerij fan Hessel Rintjes Boschma. Lykwols, it bloed krûpt dêr’t it net komme kin en hy keapet dochs wer wat lân om te boeren.

By syn ferstjerren yn1879 is der al wer oan libbene have en boere-ark: 5 hoornbeesten, waarvan 9 melk- en kalve koeijen, 2 stieren en 4 hokkelingen, 4 suupkalveren, 6 schapen met lammeren, 1 zwart merriepaard, 2 oude varkens, 22 henen en 2 hanen, eenige duiven en 1 hond. Boerenreeuw en gereedschappen, waaronder glaswagen, kapchais, 2 hooiwagens, 2 sleeptroggen, dongegge, Amerikaansche kaaspers, ijzeren dito, kaasketel, karn met toebehoren, 19 koperen aden, 2 boter en brokaden,; 6 koperen en 4 houten emmers, 2 melkemmers, kaasvaten en tobkes, 4 molkenvaten, koekmolen, slijpsteen, handschroef, Schalen en gewichten, tieme en touwwerk, harken, vorken, laden, schoppen en ander gereedschap, kruiwagen en mestplanken, 2 gereiden met hoofdstellen, leidsels en verder Paardentuig enz. Eene partij best gewonnen binnenlandsch hooi, voor p.m. 8 koeijen.

Nei it boelpartsjen komt Ruurd Klazes Abma, soan út it earste houlik fan Klaas Ruurds, op it buorkerijke. Syn frou Ybeltje Hilbrands Boschma ferstjert yn 1893 en Ruurd Klazes wennet der fuortoan allinne. No komt der in lytse ûnderbrekking yn it Abma tiidrek as de buorkerij mei 7 ha lân troch de erven fan Klaas Ruurds Abma yn de ferkeap dien wurdt. Yn de Ljouwerter Krante fan juni 1899 stiet: Te Koop: Eene kleine, doch vruchtbare ZATHE en LANDEN te Folsgare , bestaande in een goed onderhouden BOERENHUIS en vier stukken Weiland van de eerste klaase ; een en ander thans in gebruik bij den Heer Ruurd Klazes Abma , geheel groot 7 hectaren 36 aren 10 centiaren of 20 pondemaat. Aanvaarding van de Landen 12 November 1899, het Huis en Erf 12 Mei 1900

Nei de ferkeap is it besit ferdield oer fiif nije eigners ta grutte ûntefredenes fan Ruurd Teades Abma. Hy is in famyljeman en ûnderhannelet mei de nije eigners. Hy keapet yn oktober 1899 de buorkerij mei lân wer werom. Syn omke Ruurd Klazes hoecht net fan’e buorkerij en kin der wenjen bliuwe.

Hy wol it in pear jier letter dochs wat rêstiger oan dwaan. Dêrom wurdt yn 1903 in advertinsje yn’e Ljouwerter Krante pleatst. Verhuring, bij briefjes van een puik best Greidplaatsje onder Folsgare, tot dusverre in gebruik bij R. K. Abma , groot 10 bunder 92 roede 26 el (29 p /m ) voor vijf jaren op voorwaarden ter lezingliggende op het plaatsje en bij Notaris FENNEMA te Sneek , aan wiens adres de briefjes, gemerkt merkt F , moeten worden ingeleverd voor of op Dinsdag 22 December a.s.

Der komt nimmen ôf op de advertinsje en Ruurd Klazes bliuwt oant 1907 op de buorkerij. Hy ferhuzet nei Toppenhuzen, dêr’t hy yn 1908 fertsjert. Fanôf 1907 oant 1910 is it ûndúdlik oft der immen op de buorkerij wennet. Sije Kooistra wurdt yn 1910 de nije hierder. Hy wennet der mei syn frou oant 1914. Dêrnei boere Douwe Hiemstra en Hiltje Hoekstra op it buorkerijke oant 1921. Dan trout Meinte Ruurds Abma, de 2e soan fan Ruurd Teades mei Akke Boschma. Sa as destiids wenst wie, stelde de nestor fan’e famylje fêst wa op hokfoar buorkerij buorkje soe. Meinte en Akke komme sa op de buorkerij en Ruurd Teades, sels boer op Carpe Diem, hâldt in eachje yn it seil. Yn 1929 beslút Ruurd Teades fan de buorkerij ôf te gean. Hy sil rintenierje en set no Meinte en Akke op Carpe Diem, syn soan Jelle mei syn frou Doutje komme op de buorkerij op nû 15.

Jelle Ruurds lit yn 1948 in stik efter de buorkerij oanbouwe.

Yn 1965 nimt soan Ruurd Teades Jelles it bedriuw oer fan syn heit. Hy is in ûndernimmende boer en lit yn 1975 in lisboksbûthús nêst de buorkerij sette foar 75 kij. Dit is lykwols noch net genôch want yn 1978 wurdt dizze útwreide oant 120 kij. De âlde buorkerij is in modern bedriuw wurden en yn 1992 nimt soan Bouwe Ruurds it oer fan syn heit. De gemeente Snits hat lykwols oare plannen en keapet it hiele bedriuw mei goed 30 bunder lân foar de oanlis fan de nije súdlike rûnwei om Snits. Bouwe buorket hjir noch in goed jier mar giet 18 desimber 2001 mei alles wat er hat nei Winsum ta.

Ruurd Freeks Abma kaam op 25 oktober 1801 as earste Abma op de buorkerij oan de Folsgeasterleane nû 2 yn Folsgeare te wenjen en Bouwe Ruurds Abma ferlit as lêste Abma op 18 desimber 2001 fan de Folsgeasterleane nû 15 it doarp. Hjirmei is nei twa ieuwen oan it tiidrek fan de Abma’s yn Folsgeare in ein kommen.

De buorkerij stiet no leech. It ferfal begjint as in part fan de skuorre ynstoart.


Wannear’t de ruten yngoaid wurde, ha de eleminten frij spul. It foarhûs begjint te skuorren en te fersakjen. Der wurdt in hikke omhinne setten oant yn 2008 de slopers komme.


Nei koarte tiid is der fan de ienris sa moaie buorkerij neat mear werom te finen yn it lânskip. Der is allinne noch in stikje grêft, beseame troch beammen en in leech terpke yn it lânskip .


( sjoch ek it finster oer Willem Abma, Carpe Diem en Folsgeasterleane 2)

Tekst : A. Bruin

Bewurking en oersetting: Wytske Heida

Tekening: Feike van der Velde

Foto’s: Reinder Ourensma ( https://www.reinderourensma.nl ) en Sipke Bakker

Zie voor meer informatie:


Colofon

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: DB Folsgeare
© Slideshow foto 0:
© Slideshow foto 1:
© Slideshow foto 2:
© Slideshow foto 3:
© Slideshow foto 4:

Opmerkingenvenster

Folsgeasterleane 15