Gerben Willem Abma

Gerben Willem Abma is op 12 july 1942 berne yn Folsgeare. Hy is de jongste út in húshâlding fan tsien bern. Syn heit wie in boer dy’t teologyske boeken lies en de Bibel letterlik naam. Se wennen op, sa’t dy no noch yn Folsgeare neamd wurdt, de Abma’s pleats. Dizze pleats hat goed 130 jier yn it besit fan de Abma famylje west.

\r\nWillem Abma syn heit Jelle Ruurds en mem Doutsje Tjitzes Bouma kamen op de pleats yn 1929, nei’t se earst yn Nijlân buorke hiene. Jelle en Doutsje rieden mei twa bern ( Hessy en Tsjitse)  op’e wein en it hynder derfoar nei Folsgeare. De âldste dochter Ruurdtsje en de faam rûnen der efteroan.\r\n

\r\ndbfolsgeare_15740352002568720.jpg

\r\nYn 1965 nimt de âldste soan Ruurd Teades Jelles it bedriuw oer fan harren heit.  Hy lit yn 1975 in lisboksstâl nêst de pleats sette foar 75 kij. Letter is der noch in útwreiding nei 120 kij. Yn 1992 komt Willem syn neef Bouwe Ruurds op de pleats.

\r\nDe gemeente Snits keapet it bedriuw foar de oanlis fan de nije súdlike rânewei om Snits. Bouwe Ruurds ferhûzet op 18 desimber 2001 nei Winsum. De pleats wurdt sloopt yn likernôch 2003. In leech terpke yn it lânskip en in grêft mei beammen der om hinne binne de stille tsjûgen op it plak dêr’t de âlde pleats stie.

\r\nIt paad nei de pleats  waard destiids ek wol “Reade leane” neamd, nei de stikkene dakpannen dy’t tsjinnen as ferhurding fan it paad. Abma neamt de leane griffermeard, om’t er kronkelet.

\r\ndbfolsgeare_15740352006108847.jpg

\r\nFerdwûn ( gedicht fan Willem Abma út: Inerlik ferskinen 2010)
\r\nferdwûn foargoed ferdwûn
\r\nen mei de grûn gelyk
\r\ndêr't ea it âlde stee
\r\nminske en fee ferbûn
\r\nin dyk en in fabryk

\r\nbûn bliuwe doarp en laach
\r\nyn skoalle en tsjerkemuorre
\r\nmar klinkt om tsjerke en toer de fraach
\r\nwêr is dat folk bedarre
\r\nde dea hat op it iensum hôf
\r\nde seine ta in andert harre

\r\nAbma seit oer dit gedicht: Soms hat fiksje in foarsizzende wearde”, om’t it gedicht skreaun is yn in tiid dat de A7 der noch net lei en de pleats noch net sloopt wie.

\r\n dbfolsgeare_15895872003350832.jpg\r\n

\r\nYn “In Satansbern” ( 1981) beskriuwt Abma syn jeugd yn en om de pleats. It boek lit deselde wrakseling om in eigen identiteit sjen as yn de earste poëzybondels. Lykas de skriuwer sels neffens syn iere fersen moatten hie, moat ek syn romanspersonaazje Wibren Hiddema him losfjochtsje en befrije fan it âlderlik miljeu, dat dominearre wurdt troch in strang-religieuze heit.

\r\nHy wurdt troch de oare bern in soad pesten. Utsein mei in buorjonkje fan de pleats op Strûpenkeal, boartet hy mei net ien oars. En dan ek allinne mar as der gjin oaren by binne, oars rint it dochs faak ferkeard foar him ôf.\r\nHy is bang oaren ta lêst te wêzen, is stil en wol net opfalle. Dochs moasten se him altiten ha as slachtoffer. Hy wurdt gemien slein, fêstbûn, mishannele. Willem kin thús net op stipe rekkenje, fielt him dêr ek net feilich.\r\nHy is by syn heit it swarte skiep, hat mei him in soad konflikten. Syn broers en susters ha dêr folle minder lêst fan, dy binne meigeander. Willem hat, oars as de oare bern, in sterke eigen wil. Sa folget hy net altyd de opdrachten fan syn heit op. Dy giet der fan út dat dit wol bart en wurdt dan razend op him. (Hy kriget der gauris stevich fan lâns, wurdt soms slein mei in tou)

\r\nHy fielt him allinnne, yn’e steek litten. Hy praat oer syn heit as ‘hy’-‘ him’ net as heit. Syn heit hat it oer ‘dy jonge’, brûkt net syn namme. Syn mem stipet him ek net. Se begjint by konflikten tusken Willem en syn heit te gûlen en kin net tsjin syn heit op. Se hat in hiel grut Gods betrouwen en is tige from. Se hâldt him foar dat, as er mar goed yn de Bibel lêst en bidt, it allegearre wol goed komme sil.

\r\nBy Willem ûntstiet in ynwindige striid oer it leauwen. “Wêrom helpt God my net, wêrom lit God dit allegearre gewurde, wêrom lit God nea wat fan him merke?” Op it lêst komt it sa fier dat er foar himsels beslút dat bidden dochs net helpt. \r\n

\r\nYn in petear mei de Ljouwerter Krante ( novimber 2018) seit Willem Abma: “Alles wat ik oer it leauwe by ús thús yn Folsgeare fertel, is myn eigen belibbing. Myn broers en susters sjogge der hiel oars tsjinoan.” Abma wist as jong bern net rjocht wat er mei al dy wûnders yn it hillige boek oan moast. Ek krige er hieltyd mear it gefoel dat it ferskil tusken alle moaie bibelske wurden oer de leafde en de strangens wêrmei’t heit en tsjerke it leauwe oan him as bern opleine, wol hiel grut wie.

\r\ndbfolsgeare_15740352002654886.jpg\r\nDoe’t er as jonge studint op keamers kaam te wenjen, fielde dat as in befrijing. It keammerke wie lyts, it meubilêr bestie út kratsjes, sinesapelkistjes en in wankel burootsje. It wie der soms sá kâld, dat de kofje yn de kopkes befrear, mar hy koe sels útmeitsje wannear’t er fan bêd ôf kaam. Bang foar de strange oardielen fan syn heit hoegde er net mear te wêzen. Tagelyk giet der by syn stúdzje teology yn Grins in wrâld foar him iepen. By it fak ferlykjende godstsjinstwittenskip learde hy dat it bibelske skeppingsferhaal net unyk is, mar in soad oerienkomsten fertoant mei oare skeppingsferhalen, “Doe rekke ik los fan it tsjoar. Ik haw de stúdzje sels in skoft staakt en ha in oantal jierren feebegelieder west. Mar ik wie altyd wol fan doel om de stúdzje letter wer op te pakken. Ik woe mear oer de tsjerke witte. Ik woe witte wat der achter de wûnders siet dêr’t ik al sa lang net mear yn leaude.”

\r\nAbma studearre earst in koart skoftsje rjochten yn Utert, dêrnei yn Grins teology en hy die, neidat er ferskillende baantsjes hân hie, yn 1974 syn doktoraal eksamen teology. Yn it deistich libben wie hy jierrenlang learaar ( hy joech godstsjinst by it middelber ûnderwiis yn ’t Fean en Ljouwert fan 1969 oant 1987) en skriuwer. Fan 1987 oant 2012 hat Abma in gesprekstherapeuteuske praktyk yn Drachten en Ljouwert hân. De therapy is basearre op kognitive therapy, rasjoneel-emotive therapy en gedrachstherapy. Hy hat eleminten út dy  trije benaderingen ta in eigen ienheid smeid. Abma besiket minsken bewust te meitsjen fan it ûnbewuste oandiel dat je sels hawwe yn wat der mis giet in jins libben. Abma studearre psychology as twadde fak mar is dêr net yn ôfstudearre. Fia kursussen hat hy himsels fierder ûntwikkele. Dizze kennis en ynteresse yn de psychology kaam him fansels goed fan pas yn’e gespreksterapeutyske praktyk.\r\nWillem Abma hat dêrneist ek noch redakteur west fan Alternatyf, Operaesje Fers en Trotwaer.

\r\nYn 1970 debutearre er yn boekfoarm mei de gedichtenbondel De âlde en de leave hear as lead om âld izer, ûnder it pseudonym Daniël Daen. Der binne tsien bondels ûnder dy skûlnamme útkommen. Yn 1973 krige er foar de earste trije bondels de Gysbert Japicxpriis. Yn dat iere dichtwurk wurdearre de advyskommisje doedestiids it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Hoewol't it wurk tige persoanlik is en lykas by de measte dichters yn haadsaak oer de gefoelens, emoasjes, oantinkens, tinzen en ideeën fan Abma sels giet, behannelet er yn syn fersen de grutte tema's lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij. Al dichtsjend hat de dichter besocht klearrichheid te krijen oer syn identiteit, syn ferhâlding ta de meiminske en syn plak op ierde. “De fersen binne de rispinge fan in libben fan striid en gewraksel, fan ups en downs, fan mominten fan lok en fertriet”. Yn 1980 kaam Abma mei de gedichtenbondel  En it barde ûnder eigen namme. De lettere bondels ferskynden ek ûnder syn eigen namme. De toan yn de lettere gedichten is mylder, de fersen binne begrypliker.

\r\nDêrnei ferskynde der  in rige romans ûnder syn eigen namme, û.o. it boppe neamde In Satansbern. Fierder hat Abma in tal toanielteksten en in ferhalebondel skreaun. Tusken 1983 en 1990 skreau er fjouwer autobiografyske romans mei Heerd Hissema as haadpersoan: De oantaasting, De Roekkat, It Byldsje mei brieven oan Priscilla en It Orakel. Nei’t er as teologystudint it leauwe fan thús ôfswarde, hat Willem Abma fjirtich jier gjin stap mear yn tsjerke set. \r\nHy makke de stúdzje in oantal jierren letter ôf, mar it soe oant 2001 duorje ear’t er foar it earst wer in tsjerketsjinst bywenne. Yn dat jier rekke er op in tafallige manier yn petear mei de dûmny fan tsjerklik sintrum De Skeakel yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren.

\r\n“In hiele oare dûmny as dy út myn bernejierren. Ik tocht: ik wol ris in tsjinst fan dy man bywenje. Dat ha’k dien en dat befoel sa goed, dat ik dêrnei eins nea wer in snein oerslein ha.” “It grutte ferskil mei earder wie dat ik myn tinken net mear op nul hoegde te setten. Ik koe leauwe mei myn folle ferstân. Ik hoegde al dy wûnders net mear foar wier oan te nimmen. Emeritus-dûmny Jaap Goorhuis hat ris sein: wat no net kin, koe eartiids ek net. Doe’t ik dat hearde, wie dat in moaie koarte omskriuwing fan wat ik yn myn stúdzje al leard hie” Dat er fjirtich jier nei it ferlitten fan de tsjerke dochs it paad werom fûn, is, tinkt er efterôf,  foaral te tankjen oan syn mem. Hy wie noch mar in beuker doe’t hja him op harren jûnskuiers by moanneljocht oer Jezus fertelde en wat dy foar har betsjutte.“ Wy hiene ferbaal in hiel yntinsyf kontakt mei elkoar. Sy hat de siedsjes op de boaiem fan myn siel lein, dy’t, doe’t ik âlder waard,  pas ta bloei kommen binne.”.

\r\nIn “De Reed” roept hij het beeld van die avondwandelingen op.

\r\nDe reed
\r\nOp ’e reed is it begûn / by ljochtskynmoanne en stjerreflûnker./
\r\nSy fertelle en leauwe, / ik tinke en fragen stelle / en harkje en leauwe.//
\r\nOp dy reed tusken pleats en doarp / dêr’t ik in bern noch mei har rûn./
\r\nOp dy reed dêr’t ik noch altyd mei har rin. / Dy reed de mem de mem dy reed.

\r\nDat Willem Abma it leauwe no folslein oars belibbet, hat ek mei syn leeftyd te meitsjen. “Bist safolle âlder wurden, dat makket dy mylder. Myn temperamint kaam yn de poëzij soms goed fan pas, mar it hat my ek parten spile. By it âlder wurden, ast dy net mear liede litst troch grime en wrokjen, komt it leauwe ten goede oan jins ynderlik wolbefinen.” Fanôf oktober 2014 giet Abma regelmjittich foar yn ferskillende tsjerken fan de PKN. Hy wol ophâlde mei preekjen ( yn it Frysk) yn 2020 as er 78 wurdt.

\r\n dbfolsgeare_15895872008880032.jpg\r\nWillem Abma is in skriuwer dy't sjen litten hat dat in ûngelokkige bernetiid in moaie boarne fan ynspiraasje wêze kin. Doe't er it tema fan de ûntwrakseling oan it âlderlik miljeu en it finen fan in eigen identiteit fan alle kanten besjoen en op alle manieren behannele hie, socht er om nije tema's, lykas syn mystike leauwe en oanhâldend ferlet om yn de inerlike dialooch fan it gebed it kontakt mei God te ûnderhâlden.

\r\nDat resultearre yn 2018  yn de bondel Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben. Yn Ferbûn en sjoen stiet net allinne poëzij, mar der steane ek tinzen en mimeringen yn dy’t net de foarm fan in gedicht hawwe. De fersen geane oer it leauwe, mar ek oer it libben, benammen oer it âlder wurden en de dea dy’t hieltyd tichterby komt: ‘Wy falle as bledsjes fan ’e beammen / en ik ferwûnderje my en freegje my ôf: / hoe soe ik reagearje as de diagnoaze  / kalm mar ûnferbidlik in wite jas ferlit / yn in keamer as in koele klankkast.’ “It âlder wurden kin, trochdatst de rêst hast foar meditaasje, treast en bemoediging jaan. Do moatst neat, do meist alles, kinst tankber wêze. Mar ast op in dei te hearren krijst, datst deasiik bist, soest dan noch tankber wêze?” Ien fan de fersen út Ferbûn en sjoen giet oer it lêste momint fan it libben.

\r\n“Wy falle as bledsjes fan ’e beammen /
\r\nen ik ferwûnderje my en freegje my ôf: /
\r\nhoe soe ik reagearje as de diagnoaze /
\r\n kalm mar ûnferbidlik in wite jas ferlit /
\r\nyn in keamer as in koele klankkast.”

\r\n“It âlder wurden kin, trochdatst de rêst hast foar meditaasje, treast en bemoediging jaan. Do moatst neat, do meist alles, kinst tankber wêze. Mar ast op in dei te hearren krijst, datst deasiik bist, soest dan noch tankber wêze?” Ien fan de fersen út Ferbûn en sjoen giet oer it lêste momint fan it libben.

\r\nHoe sil it wêze
\r\nHoe sil it wêze as it om it lêste siket?/
\r\nAst dy neat mear ôffregest oer no en / wat west hat en dy foarme.//
\r\nHoe sil it wêze as fizioenen as fjilden foar dy út lizze?/
\r\nDyn tinken dy loslit ta in sweven, / dyn tonge ta gjin wurd by steat is,/
\r\ndyn alderneisten om dy hinne steane, / wachtsjend op dyn lêste siken.//
\r\nSil der in lêste sjen wêze yn ’e eagen fan dyn leafste?/
\r\nYn ’e eagen fan dyn bern en bernsbern?//
\r\nEn silst op ’e wjukslach fan har leafde ferfleane, / ta berte weve, feriene mei de Ivige?’

\r\nColofon: Tekst gearstald mei help fan ynformaasje fan Tresoar, in LC+ artikel fan 30 november 2018 mei in fraachpetear mei Willem Abma troch Sietse de Vries ( Mimeringen oer leauwe en libben fan Willem Abma) en teksten fan Atse Bruin, Folsgeare

\r\nFoto’s: Niels Westra, Sipke Bakker, Wytske Heida
\r\nhttps://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/16-a/44-abma-willem
\r\nhttps://www.lc.nl/friesland/Mimeringen-oer-leauwe-en-libben-fan-Willem-Abma-23885708.html
\r\nhttps://www.willemabma.nl

\r\nGearstalling tekst en oersetting: Wytske Heida\r\nNeat út dit artikel mei troch immen oars brûkt wurde, mits de gearstaller hjir tastimming foar jout

Zie voor meer informatie:

Venster 14 Gerben Willem Abma.pdf


© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: Niels Westra

Opmerkingenvenster

Gerben Willem Abma