Tsjaerddyk, Kerkhuis zuid

Yn 1859 wurdt troch de tsjerkfâdij de bou fan it nije tsjerkehûs oan de Tsjaerddyk opdroegen oan timmerman Pieter Willems Twijnstra út it doarp. It hûs komt tusken de winkels van Epeus Couperus en Sjirk Annes Cnossen te stean. Ein 1859, as it hûs oplevere is, stjoert Pieter Willems de rekken mei in bedrach fan fl 555, 56 nei de tsjerkfâdij. De rekken wurdt betelle mei de opbringst fan in partij terpierde.

<img src="./beeldbank/frieslandwiki/lemmas/dbfolsgeare_15742080009250629.jpg"> De ondertekenden Sipke Gabes Kooistra, Klaas Feddes Breeuwsma en Freerk Fongers Ringnalda, boeren van bedrijf en te Folsgare woonachtig, in qualiteit als kerkvoogden der hervormde kerk te Folsgare ter eenre, en Fedde Klazes Breeuwsma boer onder Oosthem woonachtig ter andere zijde, Verklaren:
De eerstgenoemden te hebben verkocht en de laatstgenoemde in koop te hebben aangenomen: Eene partij beste terpaarde liggende op een poltje land, tegenover de kerk van Folsgare, toebehoorende aan de kerkvoogdij der hervormde gemeente te Folsgare.
Art. 5 De afgraving en wegvoering van de aarde zal binnen drie jaren moeten plaats hebben, aanvang nemende heden den tweeden februari achttien honderd en negen en vijftig tot aan den zelfden datum 1800 en twee zestig. Boppensteand kontrakt wurdt tekene yn it hûs fan Epeus Gerhardus Couperus, dy’t net allinne winkelman mar ek kastlein is yn Folsgeare.

<img src="./beeldbank/frieslandwiki/lemmas/dbfolsgeare_15742080002349449.jpg"> It nije tsjerkehûs is in stik lytser as it tsjerkehûs oan’e noardkant fan’e Tsjaerddyk. Dit docht ek bliken út de hierpriis yn 1860. Dy fan it tsjerkehûs noard is fl. 45,- en fan it hûs oan’e súdkant fl.25, - De earste hierder fan it nije tsjerkehûs is Grietje Sipkes Bleeker, widdo fan Meinte Klazes Zijlstra, dy’t der tegearre mei har dochter Sytske komt te wenjen. Sytske wennet dêr mei har mem oant har houlik yn 1869 mei Willem Wieringa, dy’t skipper is yn Loënga. Na harren trouwen geane se nei Snits ta te wenjen en Sytske rekket al gau swier. As se acht moanne hinne is, komt Willem nei in koart siikbêd te ferstjerren op 20 maart 1870. In moanne letter, op 28 april 1870, wurdt Pieter Willem berne. Sytske is widdow, mei in poppe, sûnder ynkommen, yn in foar har frjemd fermidden. Se seit de hier op en begjin july 1870 komt se werom yn Folsgeare en trekt mei Pieter Willem yn by har mem. Har mem is keapman fan berop en Sytske wurdt naaister om in ynkommen te hawwen. Pieter Willem leart fan syn mem it fak dat se sels ek hat en hy wurdt letter dan ek kleanmakker fan berop. Yn juny 1882 ferstjert Grietje Sipkes Bleeker. Se is dan77 jier. Sytske wennet dêrnei tegearre mei har soan Pieter Willem yn it tsjerkehûs. Sytske trouwt yn 1884 op ’en nij mei Douwe Feenstra en yn 1885 ferhuzet de húshâlding nei Nijlân.

Ruurd Rients Abma en Johantje Martens Visser trouwe yn 1885 en binne de nije bewenners fan it tsjerkehûs. Ruurd is arbeider / keapman fan berop. Johantje kriget yn augustus 1887 in twilling. De jonges Rients en Marten wurde mar in pear dagen / wiken âld. Johantje kriget yn 1889 in soan dy’t wer Rients neamd wurdt. As yn 1894 Klaaske derby komt, wurdt it wat krap yn it tsjerkehûs. Rients wol lapkekeapman wurde en dêr hat hy mear romte foar nedich. As Ruurd Rients heart dat it hûs op Tsjaerddyk 48 meikoarten frijkomt, wit hy genôch.

Nei de ferhuzing fan de fam. Abma komt it tsjerkehûs frij. Dirk Kamstra en Antje Visser ferhúzje yn 1894 mei harren soan Jelle dy’t yn1891 berne is, nei it tsjerkehûs..Yn 1895 wurdt dochter Wijke berne. Yn 1896 komt der wer in jonge by dy’t Sjerp neamd wurdt. De bern trouwe en ferlitte ien foar ien it hûs. Yn 1931 ferstjert Antje Visser, 72 jaar âld en Dirk Kamstra wennet dêrnei allinne yn it tsjerkehûs. Dirk Kamstra docht hjir en dêr yn it doarp putsjes. Yn 1955 kin hy net mear allinne wenje en ferhuzet nei Snits. Hjir stjert hy yn 1959 en wurdt yn Folsgeare by syn frou Antje Visser begroeven.

It hûske wurdt minder, de efterkant is al jierren oan it fersakjen. As je by de yttafel sitte, moat de stoel dwers stean, oars is der kâns om efteroer te fallen. Yn 1955 is Sjouke de Groot de hier opsein fan it hûs op Tsjaerddyk 47 en hy wol no graach it tsjerkehûs fan de fâdij keapje. Hjir is de tsjerkfâdij op tsjin want dy wol it leaver ferhiere. Dat is Sjouke ek goed mar hy hat noch wol in pear dingen dy’t oan it hûs dien wurde moatte op syn ferlanglistje stean. It bedstee en de keuken feroarje, de skoarstien moat oanpast, der moat in dakrút yn, de dwerslatten moatte út’e kezinen en dan nij glês der yn (dat hy sels wol betelje wol ) en “board” tsjin it plafond. De arguminten dy’t Sjouke oanfiert binne net ûnridlik want hij is oan de lange kant en past net yn it bedstee. Timmerman Eppinga makket op fersyk fan de tsjerkfâden in begrutting fan alle kosten. Dit falt de tsjerkfâden tige ôf, mar it hûs moast dochs opknapt wurde nei’t Dirk Kamstra der fan 1894 ôf yn wenne hat. In hierferheging fynt Sjouke de Groot dan ek net ûnridlik. Sa wurde Sjouke en Jetske de nije hierders fan it tsjerkehûs.

Sjouke de Groot stjert yn septimber 1957, hy is dan 72 jier. Jetske kriget yn it jier dêrnei te meitsjen mei in hierferheging fan 25% om’t de finansjele posysje fan’e tsjerke yn ferbân mei de takomstige restauraasje fan tsjerke en toer net sa bêst liket. Hja seit de hier fan it tsjerkehûs op yn 1958.

Th. Tuininga wurdt no de nije hierder. Hy giet fuort yn 1965/66. Wybren Sweering keapet it tsjerkehûs en ferbout dat ta garaazje. Nei in soad jierren as garaazje brûkt te wêzen, is it eardere tsjerkehûs ta oan grut ûnderhâld. Op de rjochter foto it hûske oan de efterkant yn 2019

<img src="./beeldbank/frieslandwiki/lemmas/dbfolsgeare_15742080005913403.jpg"> Tekst en foto’s: A. Bruin Bewurking en oersetting: Wytske Heida

Zie voor meer informatie:


Colofon

© Tekst: wytskeheida2547
© Foto voorblad: DB Folsgeare

Opmerkingenvenster

Tsjaerddyk,  Kerkhuis zuid