Op 19 januari 2018 sit it projekt 'Canons van de Friese dorpen en steden' offisjeel út ein sette tidens de startgearkomste. Dizze gearkomste start om 15:00uur (ynrin fanôf 14:30uur). De lokaasje is Seal de 2Gemeenten yn Jirnsum (Grousterdyk 1, 9011WK, Jirnsum)

De gearkomste is ornearre foar eltsenien dy't ynteresse hat yn it projekt as der oan meidwaan wol. Ferienings fan doarps- as pleatslik belang, histoaryske ferienings en sa fuort hinne wurde benammen útnoege en sille middels de email in útnoeging krije.

Tidens de gearkomste sil ynformaasje jûn wurde oer de oanpak fan it projekt en sille de earste konkrete resultaten dy't troch trije doarpen tidens de pilotfase oanmakke binne, sjoen litten wurde.

It is wol needsaak om yn't foar oan te melden, sjoen it beheinde tal sitplakken.