Doarpskanon fan Broek


Broek mag zich een bijzonder dorp noemen. Een vaar(t)-dorp. In de vorm is nog de structuur te herkennen van de middeleeuwse ontginning. 

Het dorpsgebied is een combinatie van een bebouwingslint langs een dorpsvaart, met aan weerszijden een open polderlandschap met opstrekkende stroken verkaveling. Een dorpsvorm die in het verleden veel in Nederland voorkwam, maar nu vrijwel overal is verdwenen.Vroeger lag het gebied hier veel hoger, iets wat moeilijk voor te stellen is gezien de lage ligging nu. Er lag een meters dik hoogveen pakket. De ontginning van dit gebied is ter hand genomen toen in het al langer bewoonde kleigebied door bevolkingsgroei en door landverlies (als gevolg van het ontstaan van de Middelzee), behoefte was aan meer landbouwgrond, zo ongeveer in de 10e en 11e eeuw. Vanuit de kleistreek is het veengebied ontgonnen. Voor Broek ligt de start van de ontginning vanuit het riviertje ‘t Ges waaraan nu nog de dorpen Oppenhuizen en Uitwellingerga liggen. Het startpunt zou gelegen hebben in wat ooit het dorp Folprandegea  is geweest. 

Toen het veen daar inklonk en het gebied te nat werd schoof men verder het veengebied in en schoof het dorp op. Een naam als “de oude weg” (Noorderoudeweg, verbindingskanaal tussen Langweerderwielen en Goïngarijpsterpoelen) herinnert nog aan zo’n fase in de verkaveling. In het huidige landschap kunnen we nog zien hoe de ontginning indertijd, heel systematisch is aangepakt. De ontginner/kolonist kreeg een breedte land toegewezen, waarop een huisje gebouwd kon worden. Van hieruit kon men het woeste hoogveen- landschap gaan ontginnen. 

Tussen de stroken van de verschillende ontginners werd een sloot gegraven die diende als grens tussen de eigenaren en als afwatering. Dat was dus nodig om het als bouwland te kunnen gebruiken. Door de afwatering zakte het veen in en als het te laag kwam te liggen en te nat werd, werd de bewoning opgeschoven. Dat resulteerde in een verkaveling in lange stroken. 

Per ontginningsgebied vormen die lange stroken samenhangende blokken. Die blokken en kavelrichtingen zijn op topografische kaarten, luchtfoto’s en met enige kennis in het huidige landschap te herkennen. Wetenschappers hebben het voor Broek en omgeving fraai in beeld gebracht en zo kunnen we zo’n 1000 jaar ontginningsgeschiedenis nog steeds herkennen. 
Het proces van opschuiven op de eigen kavelstrook heeft zich in de periode van 1300 -1500 een aantal keren herhaald. Broek bereikte zijn huidige plaats rond 1440, er kon niet verder opgeschoven worden omdat men aan de grens van zijn gebied kwam.Wat achterbleef na deze ontginning was een laaggelegen gebied met daarin poelen die veelal waren ontstaan door turfwinning. Sommige daarvan zijn in de loop der eeuwen uitgegroeid tot grotere plassen. De dorpsvaart was in het verleden een dorpsstraat, iets wat in Broek nog goed te herkennen is. Alle boerderijen en huizen stonden van oorsprong ook met de voorkant naar het water. Pas toen de weg is aangelegd, en boerderijen vervangen werden keerde men de voorkant naar de weg. Nu het water weer aantrekkelijk wordt gevonden vind opnieuw een draaïng plaats. De verbinding met andere plaatsen was ook over het water.

Op trije jannewaris 1941 wie der in gearkomste fan tweintich minsken yn it houten sneinsskoallegebou "Samuel". It doel wie it oprjochtsjen fan in pleatslike iisklub. De twa oprjochters wienen de hearen Sietze Pekema en Herre van der Ley. Yn it earstoan wie der gjin fêste baan om op te riden. De earste wedstriden binne doe ferriden op de Kromme Far yn de Súdbroek en op de Swettepoel. It bestjoer besocht doe in fêste baan by de Sylroede te krijen, mar omdat it folk hieltyd nei de Sniksweachster ikkers gie, hat dêr oant de ruilferkaveling ta in baan west. Yn de gloarjejierren, tink aan 1952, hie ús iisklub de earste koartebaan wedstriid fan Fryslân. Oan de start fan de wedstriden ferskynden in protte pommeranten út de riderswrâld, lykas Jan Pomper, Kees van Eikeren, Klaas Poepjes, Jan en Abe Lenstra. Bekende nammen wienen ek Martha Wieringa, Jantje Tienkamp en Sietske de Boer fan Sniksweach. In wedstriid wie altyd in prachtich barren en elkenien wie der by oanwêzich. It wie machtich gesellich op it iis en doe't ris in kear it praat troch de buorren gie dat der keninklike besite komme soe fan fjouwer prinsessen, waard fuortdaalk de flagge útstutsen by Douwe Egberts. Neidat ien útsocht hie wat dêr wier fan wie, waard de flagge wer ynhelle. Nei de ruilferkaveling fan 1970 is de iisklub oanwiisd op de Broeksterfeart. Spitigernoch is de Broeksterfeart net sa gau fertroud en dêrtroch is it net mear mooglik om as earste in wedstriid te hâlden. De lêste jierren is der in protte feroare.  Sûnt 2004 hat Broek in Amerikaanske wynmoter dy’t de iisbaan oan de Plusterdyk yn de winter ûnder wetter pompe kin. Mar noch altyd is it sa, sa gau't it iis hâldt, is de iisklub warber om in wedstriid te organisearjen. Dan stride de bern fan de leden om de prizen, en as it mooglik is, de leden sels ek.

De Spaanske legeroanfierder Verdugo lei foar Fryslân. It slagge him net om mei in leger Fryslân binnen te kommen. Derom stjoerde er lytse ploechjes soldaten Fryslân yn. Faak wienen dy ploechjes yn boargerklean stutsen. Sy hienen de taktyk om nachts of oerdeis troch binnenpaden it lân yn te gean. As it harren slagge namen hja minsken yn gizeling en gienen dermei werom nei stânplak Stienwyk. Foar de gizele minsken fregen sy in heech losjild oan de ynwenners fan it doarp. Dizze smoarge manier fan oarlochsfieren koe der sels yn dy tiid net by troch. Steedhâlder Willem Loadewyk skreau dan ek oan Verdugo dat hy Frijbûtsers en ynslûpers beskôgje soe as strjitskeinders en harren net behannelje soe as kriichsfinzenen. Om I585 hinne kriget de Broek ek besite fan sa'n ploech Frijbûtsers. Mar de Broeksters binne op har iepenst. Al wiken wurdt der yn de omkriten wachtrûn. De tsjerke wurdt derby brûkt as wachtlokaal. Op in jûn dogge de Broeksters wer in rûnde. Al wiken moatte sy om bar in nacht opbliuwe om it doarp te behoedzjen foar Frijbûtsers. En dan yn de nacht hearre sy it geklots fan in boom. Sy fertrouwe it net, hielstil wurde de oare manlju fan it doarp der by helle en at sy mei in fikse ploech binne, sette sy op it keppeltsje snoeshanen ta. De frjemden binne krekt dwaande by de wâl op te kommen. De foaroanman fan de Broeksters freget wa't sy binne, mar oan de taal is fuort al te hearren dat de lju hjir net hearre. De frjemden besykje út te piken en it giet op in wrakseljen. Mar de oermacht fan de Broeksters is te grut. De beropsfjochters moatte belies jaan. De wapens wurde sy ôfpakt en goed bewaakt wurde sy nei tsjerke brocht. Derwurde sy ynit hûnegat ûnder de toer smiten. Der sitte sy, de fiif hiersoldaten. Fêstnommen yn de Broek, de deastraf hinget harren boppe de holle. Sa kin it bard wêze. Hoelang de Frijbûtsers der sitten hawwe, is net bekend. Wol is bekend dat de fiif soldaten letter, nei alle gedachten mear as twa jier letter, nei Ljouwert oerbrocht binne. Der moasten sy foar it gerjôcht komme. Sy krigen net de ferwachte deastraf. Der waard graasje ferliend omdat sy al sa'n skôft yn it hûnegat fest sitten hienen. Dat beslút waard nommen op 5 july 1588. It is net bekend hokker straf de manlju wol krigen hawwe. Miskien binne sy frijlitten en hawwe sy tsjinst nommen yn it leger fan steedhâlder Willem Loadewyk. Yn dat gefal hawwe sy fjochtsje moatten tsjin de Spanjerts, harren eardere baas. It hiele barren hat grif in grutte yndruk makke op de Broeksters. In hielskoft hawwe de fiif manlju yn it dampe tsjustere gat ûnder de toer sitten. Alle ynwenners sille wol ris troch it beluchtingsgat loerd ha om te sjen hoe't dy op wetter en brea libjende boeven der út seagen, en har fol ôfgrizen ôfkeard ha en sein: wat sjogge sy der gemien út net? Miskien waarden ûndogenske bern wol drige mei: Tink derom, oars stopje we dy by de boeven yn it hûnegat! Wat sille sy bliid west ha doe't de soldaten nei in lang skoft ophelle waardenen dat der gjin gefaar fan ûntsnapping mear wie. Want men wist fansels noait hoe't dy smjunten dan tekear gean soenen. Fol fjoer en spanning waard it ferhaal trochferteld oan bern en bernsbern. Doe't kronykskriuwer Winsemius sa'n tritich jier letter yn de Broek kaam, krige er in ferhaal te hearren dat slim optúgd wie mei optinksels út de folksmûle. De fiif Frijbûtsers wienen útwreide ta tritich rôvers en hienen in haadman dy't de Boerefijân neamd waard.

Yn it jier 1723 komt de tekener Jakobus Stellingwerf yn de Broek om in tekening fan de tsjerke te meitsjen. De toer is dan al sloopt. Nei alle gedachten hat de toer tefolle te lijen hân fan it lieden fan de klok. Dêrom waard de klok yn in klokkestoel hongen. De Broeksters hienen doe al hielwat belibbe mei de klok. Dêrfoar moatte we earst nei Goaingaryp ta. Yn it Frysk Sêgeboek fan S.J.v.d. Molen stiet de folgjende sêge:

`Gongryp hie in pear moaie klokken yn it klokhûs hingjen, dy`t sa skoan (0f fúl) letten, dat it stiek de Lju yn Snits dy`t de klokken dêr hielendal hearre koenen de eagen út. Op in kear teagen hja nei Gongryp, hellen ien fan`e beide klokken út`e stoel en bruiden dy ûnderweis yn 'e Snitsermar. Sûnt steane de Snitsers yn`e Legewâlden bekend as `Klokkedieven` en heart men soms op stille dagen út`e djipten fan`e mar wei sêfte klanken rûzen. Dat is dan de Gongrypster klok dy`t ûnder wetter sels net swije kin” Sa as it sa faak mei sêgen is, is der in bytsje fan it ferhaal wier. Allinnich hat de folksmûle it ferhaal wat oanstreke. O.Santema hat útfûn dat it wier is dat de Snitsers in klok stellen ha. Mar dat wie net de klok fan Goingaryp, it wie de klok fan de Broek (It Beaken 1973). Hy fûn yn âlde boeken prosesstikken oer de klokkerôf: Die van Sneek door enige personen in de jare 1588 uit den Dorp Broeck hebbende doen halen, en tot hun wille en gelieven binnen der voorsz. steede doen vervoeren zekere hun costelick metalen clock, swaar geweest zijnde in gewigte ongeveerlick 4800 ponden, en die na hun wille te emploreren, niet tegenstaande diverse bevelen, die hun by syn G(enade) ende Gedep staten van dese landen, dienende tot restitutie van den clock gedaan waren, en daaromme wel behoorde, dat de Snekers aan die van Broeck restitueerden die rechte estimatie van den voorn clock, ten minsten`t gene sy uit saken van dien genoten hadden, bleven niet alleen om sulx te doen in gebreke dese en gene pretexten, weshalven de Ingesetenen van ged dorp haar daar over hebben aangesproken voor`t Hoff met dat gevolgd dat die van Sneek cum exp. was, indien niet te betalen de regte waarde van dien`. It fûnis is útsprutsen op 3 april 1593. De oarspronklike klok is nea werom kommen.

Yn de jierren tachtich kaam ik elke wike by myn omke Sipke Hoekstra yn Broek. Ien kear op de praatstoel fertelde hy de moaiste ferhalen oer eartiids. Hjirûnder ien fan dy ferhalen.

Oan it begjin fan de 20e iuw wenne Klaas Hoekstra (myn pake) yn in lyts boerespultsje yn Broek. Klaas wie altyd skipper west en hja ferfierden ierappels, klaaimodder en stront. Op de foto, it skip wer’t hy mei fear. Wierskynlik is Klaas de man rjochts mei de kroade. Lofts fan de mêst steane syn soan Sipke en it soantsje Jan. Jan is net âlder as trije en in heal jier wurden. Sa’t Sipke it fertelde is Jan oan nekkramp ferstoarn. Skipper wêze betsjutte yn ‘e winter net folle fertsjinst dus wie it betiden goed earmoedsjen.

It boerebestean joech mear fêstichheid en sa lieten hja in pleatske sette en buorken op lân yn Súd Broek en by de Jentsjemar. Gjin grut boer fansels, dat in meifallerke op ,‘e tiid wie fan herte wolkom. Dat meifallerke kaam.

By buorman Pekema rakke in ko dea. Kopsykte, fertelde omke Sipke letter oan my. Kopsykte is wat we no de "gekke koeienziekte neame". It bist hie wakker spinfuotte en wie yn in pear oeren dea. Dúdlik wie dat de ko net slachte wurde mocht, nee dy moast djip bedobbe wurde en dat ûnder tasicht fan de plysje. Broek hearde doe by Doanjewerstâl dat de plysje, yn dit gefal de fjildwachter fan Langwar moast tasicht hâlde en proses-ferbaal opmeitsje.

Mar it gie oars. Klaas Hoekstra koe de ko krije en slachte it bist. Mar de plysje dan? Gjin noed. De ko, dat wol sizze, de kop mei it fel der noch oan, waard kreas yn in kûle lein en de fjildwachter koe wol komme. No mocht de fjildwachter graach in slokje en de flesse stie al klear. Knap toarstich seach er it spul ris oer. It lei der mar kreas hinne en wat hie er dochs in droege kiel. Heech tiid om dy efkes goed te smarren. Hy waard it hûs yn noege en naam der ien op en dêrnei noch ien. Wa wit hoefolle, mar genôch om proses-ferbaal op te meitsjen.

Fan de slachte ko hat nea immen lêst hân.

Gjin fantasy, in wier ferhaal.

Sipke Hoekstra