Doarpskanon fan Folsgeare


Doarpskanon fan Folsgeare


Wolkom op'e de doarpskanonside fan Folsgeare. In soad wille tawinjske mei it lêzen fan'e finsters oer de skiednis fan ús moaie doarp. It hjoeddedei wurdt lykwols net oerslein. De kanon is noch net folslein. Regelmjittich sille der nije finsters ferskine, dat sjoch sa út en troch ris op ús doarpskanon. Op de website fan it doarp, https://folsgeare.nl/, komt te stean wannear't der wer ien of mear finsters pleatst is / binne.


Folsgare, de naam

Dorpswapen en -vlag

Folsgeasters

Taede Ruurds Abma

Meinte Ruurds Abma

Meinte Jelles Abma

Gerben Abma

Gerben Willem Abma

Marco Rypma 

Wout Zijlstra

Wout jr. en Katinka Zijlstra,   de Zijlstra Gym

Clasina S. Flapper

Jouke Boschma

Willem Sjerps Twijnstra

De Twijnstra broers

Kees van de bakker

Minne Minnema

Jentje Everts versus Hoyte Lolkes

Anne Wytzes

Woningen in de ‘buorren’  aan de Tsjaerddyk

Tsjaerddyk begin 1900

Tsjaerddyk 26  Koemelkerij

Tsjaerddyk Koemelkerij Willem Twijnstra

Tsjaerddyk 28 / 26b   Koemelkerij / Timmerbedrijf 

Tsjaerddyk 30  Koemelkerij / Bakkerij

Tsjaerddyk 32  Rentenierswoning

Tsjaerddyk 34  Schilder

Tsjaerddyk 36   Kruidenier

Tsjaerddyk Kerkhuis zuid

Tsjaerddyk 38   Kruidenier

Tsjaerddyk 40   Smederij

Tsjaerddyk 42  Timmerzaak / Kuiper / slagerij / SRV

Tsjaerddyk 44  Timmerzaak / Streekje

Tsjaerddyk 48   Schoenmaker

Tsjaerddyk 47  

Tsjaerddyk de Tempel

Tsjaerddyk het huis tussen de Tempel en Kerkhuis Noord

Tsjaerddyk Kerkhuis Noord

Tsjaerddyk 39 t/m 33   Nieuwbouw

Woningen buiten het dorp

Easthimmerwei 25

Tsjaerddyk 22 / 24   it Reidpôltsje

School

De eerste School

De tweede School

Kerk

De kerk in Folsgare vanaf 1864 tot heden

De grafstenen van de Foekema’s

De pastorie van Folsgare

Het torenuurwerk van Folsgare

De kerkklok van Folsgare

Het orgel van de Laurentiuskerk

Folsgare en de Barbarijse zeerovers

Boerderijen

Boerderijen in en rond Folsgare

Folsgeasterleane                           Breeuwsma Zathe

Folsgeasterleane                           De terp Strûpenkeal (Afgebrand)

Folsgeasterleane 2                        Afgebrand

Folsgeasterleane 4                        Carpe Diem

Folsgeasterleane 15                      Abma pleats

Tsjaerddyk 21   boerdrerij afgebroken, nu woonhuis

Tsjaerddyk 27   boerderij            

Tsjaerddyk 29   boerderij               Boschma pleats

Tsjaerddyk 31   boerderij

Tsjaerddyk 49                                 Pastorie pleats

Dyckhuistera state en Scheender state, Kooistra boerderij

Skeender 2       Kooistra boerderij

It Werp              Kooistra / Breeuwsma boerderij

Easthimmerwei 1

Esathimmerwei 21

Easthimmerwei 23, Suderburen

Easthimmerwei 25

Easthimmerwei 27, Walma state

Straten

Garastrjitte

Aanleg Folsgeasterleane

Mieddyk

Diversen

Monument   De drie Monniken

Monument de Hoanne

De Tjaardvaart

Dorpshuis Yn’ e Lyte

Folsgare 1940 – 1945

Folsgare aan het spoor

Het gemaal aan de Tsjaerddyk

Folsgare is om de alfde iuw hinne ûntstien oan’e râne fan’e Middelsee.

Wêr komt de namme  Folsgare/ Folsgeare wei?

De Plaatsengids en Wikipedia ferwize beide nei it Aldfryske gâra = geer, in kilich, puntich tarinnend stik lân dat yn besit is fan in persoan mei de namme Foldo of bewenne waard troch immen mei dy namme.

Yn’e Encyclopedie van Friesland (1958) ûnder redaksje fan Prof. Dr. J.H. Brouwer stiet ûnder Folsgare / Folsgeare:  gare = landtong, met mansnaam?

It twadde part fan’e namme:

Ut de list mei skriuwwizen fan it doarp docht bliken dat it efterheaksel earst foaral foaral “gara”  wie y.p.f.  “gare”.  De feroaring fan “gara” nei “gare” hat yn’e rin fan’e tiid syn beslach krigen.

De Plaatsengids  en Wikidedia wize der op dat yn it Aldfrysk “gâra” betsjut:  kilich, puntich tarinnend stik lân.

De Encyclopedie van Friesland skriuwt dat “gare” oerde betsjut.

In greide krekt westlik fan Schenerstate, hat yn’e Floreen kohiers fan 1700 de fjildnamme “de Gare”. Dit stik lân grinsget oan’e noardkant fan it Middelpad of Legedyk. Dizze namme is faaks de oarsprong foar de nammewiksel fan it efterheaksel fan it doarp. De âlde betsjutting wie grif yn’e rin fan’e jierren net mear fan tapassing of bekend en beide, it doarp en de greide  sille in oerde west ha.

“Te gaer” betsjut yn it Aldfrysk “by elkoar komme”.

“Gear” yn it Frysk hat deselde betsjutting as “Gara” , dat de Fryske namme hat de âlde betsjutting oernommen.

Yn 2002 kriget doarpsbelang de fraach wêrom’t Folsgeare net in eigen wapen en flagge hat.  Feike van der Velde wurdt frege in ûntwerp te meitsjen. Feike ferwiist it doarpsbelang troch nei de Fryske Rie foar Heraldyk.

In doarpswapen is in wapen dat gjin offisjele status hat, mar wol troch it doarp, nei tastimming fan de gemeente dêr’t it oanbelangjende plak ûnder falt, brûkt wurde mei.

De oanfraach foar in  wapen of flagge begjint mei it freegjen fan advys by de Fryske Rie foar Heraldyk. De Rie is in ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy’t dizze yn 1956 ynsteld hat.

De Rie is net in oerheidsorgaan en hat gjin wetlike taken en foegen. It is it âldste provinsjale heraldysk kolleezje yn Nederlân en bestiet út spesjalisten, dy’t op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne.

Allinne de Nederlânske ‘Hoge Raad van Adel’ hat in yn de wet fêstleine taak oangeande aadlike wapens en oerheidswapens.

De Rie is in riejaande kommisje dy’t yn Fryslân wapens en flaggen fan de  provinsje, gemeenten, wetterskippen, stêden, doarpen  en famyljes registrearret.

De Rie advisearret ek  oer de foarmjowing fan nije wapens foar oerheden, doarpen, famyljes en ferieningen en/of makket ûntwerpen hjirfoar. Foar famyljewapens jildt as betingst dat de famylje yn Fryslân wenje moat en de Nederlânske nasjonaliteit hat, of in Fryske namme ha moat as se bûten de provinsje wenje. Dizze wapens wurde yn it Genealogysk Jierboek publisearre dat troch de Fryske Akademy útjûn wurdt.

Dêrneist jout de Rie advizen oer flaggen, flaggeprotokollen, wimpels, banieren en findels en (kleur)advizen oer wapens.

Taede Ruurds Abma is op 30 juni 1826 in Folsgare aan de ‘leane’ geboren en wordt aangegeven op 1 juli 1826 door zijn vader Ruurd Freerk Abma met de getuigen Fedde Oeges Breeuwsma en Hendrik Uiltjes Hoekstra, beiden boer en buren van de ouders Ruurd Freeks Abma en Hiltje Klazes Wiersma.

Ruurd Freeks Abma oud zeven en veertig jaren boer wonende te Folsgare welke ons een kind van het mannelijke geslacht heeft voorgesteld, den dertigsten der maand Juny dezes jaars des avonds ten zes uren uit hem declarant en Hiltje Klazes Wiersma zijne Huisvrouw te Folsgare geboren, en aan het welk hij verklaard heeft de voornaam te geven van Tade.

Taede is het tiende kind van Ruurd Freerks en Hiltje Klazes en voor een naam moeten ze wat verder terug in de tijd. Hij wordt vernoemd naar zijn overgrootvader Tade.

Zijn beppe Baukje Taedes is in 1811 overleden. In de nalatenschap van Meinte Ruurds Abma staat een notitie waarin vermeld staat dat Baukje Taedes is geboren op 6 mei 1744. Uit het doopboek van de Hervormde gemeente Oudega, Idzega en Sandfirden blijkt dat haar ouders Tade Murks en Geertje Goverts zijn.  

Taede Ruurds wordt in de geboorte akte door zijn vader aangeven met de naam Tade precies zo als Baukje haar vaders naam geschreven wordt bij haar inschrijving in het doop register van Sandfirden.

Taede blijft de jongste van het gezin en is bijna zeven jaar oud als zijn vader Ruurd Freerks Abma, 54 jaar oud, op 16 maart 1833 overlijdt.

Aangevers zijn Taeke Jans Westendorp, oud zeven en dertig jaren, boer op Suderburen, en Wiebren Lolkes van Wieren, oud dertig jaren, boer op Strûpenkeal, beiden buren van de overledene.

Taede is boerenzoon en groeit net buiten het dorp op aan de ’leane’. Er is nog geen school en hij  krijgt les van zijn moeder en oudere broers en zusters. Het boerenwerk is een onderdeel van zijn opvoeding en als jongste zoon zal hij later als boer op de ouderlijke boerderij komen.      

Taede Ruurds is al op 18-jarige leeftijd gekozen tot kerkvoogd. Het maakt niet uit of je Teerde of Taede schrijft hij hoort nu wel bij de mensen die iets in de melk te brokkelen hebben.

Meinte Jelles  Abma wurdt berne  op 2 septimber 1930. Hy is it fiifde bern yn de húshâlding fan Jelle Ruurds Abma en Doutje Tjitses Bouma. Hy wurdt grut op in buorkerij, krekt bûten Folsgeare, oan’e ein fan de saneamde ‘Reade Leane’

( sjoch ek finster:  Folsgeasterleane 15 )

Meinte giet nei de legere skoalle yn Folsgeare, nei de Rehoboth-mulo yn Snits en docht dêrnei noch de  A-afdieling fan de Ryks-HBS yn Snits.  Hy begjint syn karriêre op de gemeentesekretary fan Snits. Hy is, lyk as syn heit dy’t gemeenteriedslid is yn Wymbritseradiel, in “wisse prater” en hâldt net fan grutsprekkerij.  Nei acht moanne giet hy nei Schoonebeek yn Drinte dêr’t hy in jier bliuwt. Dêrnei wurket hy goed twa jier yn Zoelen, in doarp yn de gemeente Buren, provinsje Gelderlân.  It neikommende steanplak, foar in tiidrek fan trije jier, is Eibergen yn de  gemeente Berkelland yn de Achterhoek. Dêrwei ferhuzet hy nei de gemeente Westland,  wer foar in skoft fan trije jier. Tusken de bedriuwen troch hellet hy yn’e jûnsoeren de diploma’s ‘Gemeente Administratie’ en ‘Gemeente Financiën’.

Fan 1 juny 1960 ôf giet hy oan it wurk yn de gemeente Maartensdijk as haad gemeentefinânsjes en as loko-sikretaris.

Yn 1968 trout hy mei Gijsje Berdina Johanna (Bep) de Nooij, ferpleechster, út Den Haach. As Haachse komt se yn in suvere Fryske famylje terjochte en leart by it útfanhûzjen  yn Folsgeare, it Frysk te ferstean. Meinte en Bep adoptearje twa bern fan Kreta. De âldste kriget de namme Jelle Michalis en de jongste Meinte Gerben Willem. Meinte studearret yn syn frije tiid tusken de bedriuwen troch rjochten yn Utert en hellet yn oktober 1970 syn doktoraal bestjoersrjocht mei as haadfakken steats- en administratyf rjocht.

Meinte Abma hat ambysjes en mei tweintich jier bestjoersûnderfining sollisitearret hy nei de boargemastersfunksje yn Hennaarderadeel. Hy wurdt oannommen en Meinte Abma komt mei syn húshâlding yn 1973  werom nei Fryslân. 

Gerrit Rypma en Rinske Rypma-Goudberg trouwe yn  1966 en sette harren tawenjen yn Folsgeare op Tsjaerddyk 48. Op 13 maart 1967 wurdt Marten Cornelis  (Marco) berne.  De húshâlding bliuwt net yn Folsgeare,  mar ferhuzet yn 1971 nei Tirns nûmer 35.   

Yn 1977 komt de famylje Rypma werom nei Folsgeare en wennet dan oan‘e Folsgeasterleane nûmer 9. Marco syn heit hat dêr in hûs boud.

Nei de middelbere skoalle beslút Marco in oplieding yn boukundige rjochting (oant en mei útfierder) te folgjen. Oanslutend giet hy oan it wurk yn’e bou en hat tegearre mei syn heit in timmerbedriuw

Yn 1990 ferhuzet de húshâlding nei Tsjaerddyk 31b.

Al op de legere skoalle hat Marco in soad ynteresse foar muzyk en sjongen. Op de middelbere skoalle folget hy sjonglessen oan it sintrum foar de keunsten yn Snits. Marco kriget les fan Foppe Wiersma en letter fan Bea van der Wal. Stimulearre troch Bea nimt Marco it beslút om dochs troch te gean yn’e musyk.

Bea bringt him yn kontakt mei Mya Besselink, dosinte klassike sang oan it konservatoarium yn Maastricht. Hy wurdt dêr ta syn blidens oannommen en folget de oplieding solosang en opera (1995 – 1999). Syn haadfak wurdt solosang (stemfak tenoar). Dêrnjonken behellet hy ek it diploma ‘Dramatische Expressie’ (opera). Tagelyk studearret Marco bastuba en folget lessen by Piet Joris (1995/1997).

Yn 1999 studearret Marco ôf,  mar hy giet troch mei lessen te folgjen by Adi le Gue. Boppedat wurdt hy in skoft coacht troch Caroline Kaart.

Wout jr. en Katinka Zijlstra, broer en suster, binne berne oan ‘e Folsgeasterleane en opgroeid oan’e Tsjaerddyk.

As bern fan Wout Zijlstra, de sterkste man fan Nederlân, wurdt de sport harren mei de brijleppel ynjûn. Se wurde lid fan atletykferiening Horror yn Snits. Se meitsje in hiele soad trainingsoeren op’e baan en behelje in protte súksessen op it alderheechste nivo yn Nederlân. Beide blonken benammen út yn it kûgelstjitten en diskussmiten. Wout hie him dêrneist talein op’e mearkamp.

Katinka likegoed as Wout krige lêst fan blessuereleed en beide ha dêrom it beslut nommen dat it genôch wie, dat it tiid wie foar wat oars. Ze traine sels noch wol om yn goede kondysje te bliuwen, mar gjin topsport mear.

Nei it dien meitsjen fan syn VWO oplieding yn Snits, folget Wout no de stúdzje Natuurwetenschap- en Innovatiemanagement oan’e universiteit fan Utert.  Faak is hy dêr net, it grutste part fan ‘e oplieding bestiet út selsstúdzje.

Katinka folge in VMBO oplieding teoretysk en die dêrnei in oplieding yn’e soarch. Ze hat oanslutend in tal jierren wurke yn’e thússoarch.

Wout sr. rûn al in skoftsje om mei it plan om in punt te setten efter in geweldich libben yn’e krêftssport. Yn 2019 wie hy al opholden mei de trainingsjûnen troch de wike. De coronakrisis ( 2020-2022) twingt him no om hielendal op te hâlden mei de krêfttrainingen yn syn buorkerij. Ek de strongman-trainingen ( it omkiperjen fan bannen, it slepen en tillen fan swiere gewichten en molkbussen) op syn hiem en yn syn greide binne foarby. Hy set syn fitnesspullen te keap en docht foargoed de doarren ticht.    

Op 30 april 1847 kriget Anneke Sytzes Osinga, frou fan Hilbrand Rintjes Boschma, in soan dy’t Jouke neamd wurdt. Jouke Hilbrands, de ien nei jongste fan’e húshâlding, belibbet syn jeugd op in buorkerij oan’e Tsjaerddyk ûnder Folsgeare. Hy giet nei  de iepenbiere skoalle yn Folsgeare, oprjochte yn 1843, kriget les fan master Reitsma en letter Nauta.Thús leart Jouke it boerebedriuw fan syn heit en âldere broers.

Jouke wurdt op 30 april 1867 oproppen foar de nasjonale milysje.It is lottingsdei en Jouke lûkt nûmer 57. In leech nûmer, dat betsjut dat hy yn tsjinst moat.

Jouke trout op 4 maaie 1867 mei Botje Rinkes Groenveld út Heech. It pear komt yn Easthim te wenjen dêr’t op 17 augustus 1867 harren earste bern Rink Joukes berne wurdt.     

Jouke Hilbrands kin gjin frijstelling fan tsjinst krije mar der is in mooglikheid om je ferfange te litten troch in ‘remplaçant’. In remplaçant is immen, dy’t him dat jier net hoecht te melden en frijwillich tsjinst nimt. Fan dizze plakferfanging wurdt by  notariële akte “een contract van plaatsvervanging” opsteld. Jouke hat Tjeerd Deinum út Nijlân yn’e earm nommen om foar him in plakferfanger te sykjen. Tjeerd hat Jan Berkenbos ree fûn om tsjin betelling de tsjinst fan Jouke oer te nimmen en lit in “contract van  plaatsvervanging” opmeitsje:

“Op heden den zeven en twintigste juni des jaars een duizend acht honderd zeven en zestig, compareerden voor ons Ansko van der Plaats Notaris residerende te Leeuwarden:Tjeerd Deinum, koopman wonende te Nijland als bij monde gelastigde van Jouke Boschma van boerenbedrijf wonende te Oosthem, loteling voor de dienst bij de nationale militie over dezen jare in bovenstaande gemeente en al daar getrokken hebbende nummer 57 het welk tot den actieven verpligt door voltrokken huwelijk meerderjarig geworden requirant ter eenre en Jan Berkenbos, smidsknecht wonende te Sneek requireerde ter andere zijde”  

Jan Berkenbos nimt foar f 250,--  de tsjinst fan Jouke Boschma oer.

Sjerp Gerbens en Sjoukje Willems trouwe op 31 oktober 1786 yn Jorwert.  Se wurde dêr boer en boerin en yn 1787 wurdt Antje Sjerps berne. Yn 1788 ferhúzje se nei Baard, in doarpke dat wat fierderop leit. Nei de komst fan twa dochters wurdt harren soan  Willem Sjerps berne yn 1792. Nei noch trije dochters, krije se wer in soan yn 1802, Gerben Sjerps. Dêrnei komme der noch in dochter en in soan.

Antje Sjerps trout yn 1809 mei Hielke Pieters Wiersma út Abbegea. Hielke Pieters is boeresoan en it pear begjint mei de stipe fan Hielke Pieters syn heit Pieter Rienks, in eigen boerebedriuw yn Abbegea.

Willem Sjerps giet, krekt as syn âldste suster, om 1812 hinne nei Abbegea en wurdt dêr boerefeint. Hy moetet hjir Japke Pieters Boomsma, dochter fan Pieter Gerrits Boomsma en Antje Freerks Bouwma,  boer op’e pastorijbuorkerij.

Willem Sjerps en Japke Pieters trouwe yn 1816 en begjinne in winkeltsje yn it doarp. Dit bringt te min op en in jier letter regelet skoanheit dat Willem Sjerps boer wurdt op’e tsjerkebuorkerij oan’e Rige fuort by Abbegeasterketting.

Yn 1817 wurdt Antje Willems berne. Dêrnei komme der noch sân bern fan wa’t der trije jong ferstjerre.

Yn 1830 ferhuzet de famylje Twijnstra nei Folsgeare. Yn it doarp steane, útsein in tsjerke en in pastorijbuorkerij, noch mar fiif hûzen. Oan’e súdkant fan’e Tsjaerddyk is in timmerbedriuw (Tsjaerddyk 42), in winkel / herberch (Tsjaerddyk 38), in slachter (Tsjaerddyk 36 e.f),  oan’e noardkant in komelkerij (de lettere Tempel) en in tsjerkehûs.

De húshâlding Twijnstra lûkt yn by Kerst en Jacob Arjens en Willem Sjerps wurdt slachter fan berop. In Folsgeare wurde der noch ris seis bern berne. Der ferstjerre twa bern.

Folsgeare bestiet yn 1850 út in pastorijpleats mei dêrneist de tsjerke en de skoalle. Tsjin’e skoalle oer is de timmersaak fan Johannes Paulus Spiering (no Tsjaerddyk 44), oan de oare kant fan de opfeart / Mieddyk wennet Hans Kreger dy’t kûper is (Tsjaerddyk 42). Dêrneist stiet de herberch/winkel fan Epeus Couperus (Tsjaerddyk 38), de winkel fan Kornelis Sjerps Piersma (Tsjaerddyk 36) en as lêste de slachterij fan Willem Sjerps Twijnstra. Oan de noardkant, dêr skean tsjinoer, steane it tsjerkehûs noard en “de Tempel”.

Willem Sjerps Twijnstra en syn frou Japke Pieters Boomsma hawwe fjouwer soannen: Pieter Willems, Freerk Willems, Sjerp Willems en Gerrit Willems.

Oer dizze broers giet dit finster.

Pieter Willems stiet op 23 maart 1850 mei Trijntje Gorrits van der Goot foar de ambtner fan de boargerlike stân en se jouwe elkoar it jawurd. Dit houlik is yn in streamfersnelling rekke troch it ferstjerren fan Pieter Willems syn baas, timmerman Johannes Paulus Spiering yn desimber 1849. Pieter Willems wol no de timmersaak oernimme en mei de stipe fan syn skoanheit, dy’t boer is op Walma State, sil dat net in  probleem wurde.

Yn 1864 makket timmerman Pieter Willems de bou fan de nije tsjerke yn it doarp dien. Hjirnei makket hy noch in pear wenningen oan de Tsjaerddyk. Hy bout yn 1870 de smidderij nêst de kûperij fan syn broer Freerk. Yn 1871 folget it hûs njonken it hiem fan de pastorijpleats dêr’t syn broer Gerrit Willems komt te wenjen (Tsjaerddyk 47) Gelokkich is hy lykwols net, want de nije tsjerke is oan it

fersakjen en opnij opbouwe komt tichtby. De reaksjes út it doarp meitsje dat Pieter Willems yn 1872 it beslút nimt om op te hâlden as timmerman yn Folsgeare. Hy ferkeapet syn timmersaak oan Auke van der Velde. Pieter Willems ferhuzet earst nei Abbegea, wêrnei’t hy wer timmerman wurdt yn Huzum ûnder Ljouwert.

Goed hûndert jier lyn sit Minne Minnema jûns by kearsljocht te skriuwen. Hy hat krekt in rekken foar Meinte Ruurds Abma, boer op Carpe Diem, útskreaun foar it leverjen fan sekken mail en lynmoal.

Minne Jelles Minnema wordt geboren op 29 juli 1889 en Aaltje Sybrens Sybranda bijna een jaar later op 15 juli 1890. Minne Jelles zijn vader Jelle Minnema is getrouwd met Trijntje Hoekstra. De vader van Aaltje Sybrens, Sybren Sybranda, is getrouwd met Sjoerdje Stastra. Beide echtparen wonen in Scharnegoutum, waar beide vaders arbeider zijn.

Minne is nog maar tien jaar oud, als zijn vader overlijdt. Minne moet daarom al vroeg meehelpen de kost te verdienen en hij wordt boerenknecht in Jutrijp.  Aaltje haar vader is vrachtrijder geworden. Hij heeft voor haar een plekje gevonden in Dearsum, waar ze als boerenmeid aan de slag gaat.

Minne wordt goedgekeurd voor de militaire dienst en gaat op 23 december 1908 in dienst.  Op 9 oktober 1909 wordt hij afgekeurd ingevolge artikel 101 der Militiewet 1901. Minne en Aaltje houden contact en als ze genoeg gespaard hebben, trouwen ze op 15 mei 1915 in de gemeente Wymbritseradiel.

It jonge pear komt op 15 maaie 1915 yn Folsgeare te wenjen, dêr’t Minne arbeider wurdt. Ein novimber 1916 keapet Minne, tegearre mei twa oaren, fjouwer hûzen mei hiem yn Twellegea dy’t se ferhiere sille. Op 21 jannewaris 1917 wurdt yn Folsgeare soan Jelle berne. Op 14 maaie 1917 ferhuzet de húshâlding nei Twellegea, dêr’t op 6 oktober 1918 Sybren berne wurdt. Fanút Twellegea ferhúzje se op 12 maaie 1919 mei harren twa bern nei Wiuwert, dêr’t Minne wer as arbeider oan de slach giet.

In kuier oer de Tsjaerddyk begjin 1900 fan nûmer 48 ôf nei 26 oan’e súdkant en fia de noardkant wer werom.

Op de begjinfoto stiet links de wenning fan it haad fan’e skoalle en rjochts de skoalle nei de ferbouwing yn 1908.

Op’e eftergrûn in pleatske, no Easthimmerwei 1, dat boud is op’e krusing fan’e Tsjaerddyk, Suderbuursterleane, Kerkwech en de Bredeleane (Skeender) dêr’t Douwe Eppinga en Tjitske van der Wal mei harren bern Marten en Trijntje yn 1904 te wenjen kaam binne.

As hja om 1910 hinne ta it rút út sjogge, ha se rom sicht op’e Tsjaerddyk. De Suderbuursterleane is noch in net ferhurde rinpaad (Easthimmerwei) dat ophâldt by it brechje oer de Folsgaaster opfeart. Harren soan Marten sil letter timmerman wurde yn it doarp.

Sjend yn’e rjochting fan’e Tsjaerddyk leit links earst de afgroeven terp ‘it tsjerke pôltsje’ dêr’t de pastorij stie dy’t yn 1701 ôfbrutsen is. ( finster: De pastorij fan Folsgeare) It stikje grûn is eigendom fan’e tsjerke en wurdt ferhierd oan Yde van de Lageweg mei de bepaling dat der gjin bargen holden wurde meie.

Yn it earste hûs oan’e linkerkant wenje Ruurd Rientses Abma en Johantje Martens Visser mei harren bern. Lucas Elzinga hat dit hûs om 1878 hinne bouwe litten. Ruurd Rientses ferkeapet manufaktueren mar hat net in winkel. Hy giet mei in rêchsek fol mei lapen stof by de doarren del. 

Hjirnêst stiet de skoalle mei de bibel, boud yn 1886. ( finster: Twadde skoallegebou fan Folsgeare) Master van der Brug is yn 1904 oan skoalle kaam en makket de ferbouwing yn 1908 mei. Der komt in twadde lokaal, dat der moat ek in twadde learkrêft komme. Dit wurdt  juffer Elisabeth van der Molen. 

Age Jans de Vries út de Jouwer is yn 1836 by timmerman Johannes Paulus Spiering yn tsjinst as timmerfeint yn’e nije timmersaak op Tsjaerddyk 44. Hy kriget ferkearing mei Baukjen Ades Jorwerda, dy’t tsjinstfaam is yn it doarp.

“It is mienens” en se trouwe yn 1837 yn Folsgeare dêr’t se ek hinne gean te wenjen. Harren twadde bern Aede wurdt op 29 juny 1842 berne. Aede wurdt troch syn heit oplieden om krekt as him timmerfeint te wurden. Hy groeit goed en flot op en leart lêzen en skriuwen op’e nije skoalle.

Yn 1852 ferhuzet de húshâlding nei Easthim. As Aede 18 jier âld is, ferstjert syn heit, noch mar 53 jier âld. Aede is no as âldste soan ynienen gesinshaad en moat de kost fertsjinje foar de húshâlding. Syn takomstplannen wurde hjirtroch útsteld mar útstel betsjut gjin ôfstel. Als hy 34 jier is, is hy wer frij om syn libben op te pakken. Hy trout mei de 20 jierrige Marijke Zandstra en se komme yn Folsgeare op it Streekje te wenjen dêr’t hy as timmerfeint begjint by Auke van der Velde. Yn 1877 ferhúzje se nei Hichtum dêr’t Age Aedes berne wurdt. Nei syn berte geane se yn 1879 wer werom nei Folsgeare.

Aede de Vries keapet yn 1879 de westlike helte fan it perseel fan’e eardere slachterij / bakkerij (kadaster nû 713). Op dit perseel stiet it âlde bûthús fan’e slachterij en hjiryn begjint hy syn klusbedriuw. Hy moat lykwols fan’e grûn ôf begjinne mar kriget û.o.wurk oan’e tsjerke, toer en de tsjerkehuzen fan’e tsjerkfâden taskikt. Nei in pear jier giet it goed mei it bedriuw en hy bout der om 1880/1881 hinne in wenhûs foar (Tsjaerddyk 28).

 

Timmerman Johannes Paulus Spiering út Folsgeare bout om 1842 hinne in dûbele wenning nêst de winkel fan Sjerp Piersma (Tsjaerddyk 36). De wenningen binne net like grut, wenning a) is in starterswenning en wenning b) in iengesinswenning. De bleek, it stalt, de reinwetterbak, it sekreet en de jiskebak efter de wenningen binne foar  mienskiplik gebrûk.

 

As de bou yn 1842 klear is, melde Murk Lykles Postma, boere-arbeider, en Stijntje ten Kate harren foar de iengesinswenning.  Op 12 maaie 1862 ferhúzje se nei Easthim.

 

Gerrit Willems Twijnstra en Anke Joukes Boschma wurden de nije bewenners. Nei it ferstjerren fan Anke Joukes yn 1869 nimt Afke Hoogma as ynwenjende tsjinstfaam de soarch foar de húshâlding oer. Yn 1870 ferhúzje se nei it nijboude hûs njonken de Tempel (Tsjaerddyk 47).

 

Theunis Smeding en Aaltje Couperus komme dêrnei yn’e wenning. Aaltje is de dochter fan Epeus Couperus, winkelman op Tsjaerddyk 38.

 

Zytse Asses Vierstra is de earste bewenner fan de starterswenning. Hy is frijfeint en wurket by de boer. Yn 1851 trout hy mei Johanna Haitsma. Yn 1857 ferhúzje Zytse en Johanna mei de bern nei Easthim.

 

De neikommende bewenners binne Pieter Gerrits Oppenhuizen en Trijntje Klazes Breeuwsma, dochter fan Klaas Feddes Breeuwsma, boer yn Folsgeare (no Wallemadyk). Hja binne yn 1857 troud en dit is harren earste wenning. Yn 1859 ferhúzje se nei Wolsum.

 

Wytse Jelles de Boer en Janke Bergsma komme no yn’e wenning. Op 16 maaie 1862 ferstjert Wytse Jelles, Janke kriget tsien dagen letter in dochterke. Janke ferhuzet mei har berntsje nei Easthim.

 

Dêrnei wennet Jouke Osinga foar de tiid fan in jier yn’e wenning.

 

Janke is yn 1864 op’en nij trouwd met Folkert Jonkmans en tegearre mei Folkert komt se werom nei de wenning oan’e Tsjaerddyk. Mei 3 bern ferhuzet it pear yn 1873 nei Harns.

 

Andries Smeding en Grietje van der Zee wenje nei harren houlik yn 1873 yn’e wenning.  It pân wurdt yn 1875 troch Epeus Couperus te keap setten.

Andries Smeding wennet op dat stuit yn’e starterswenning, syn broer Theunis yn de iengesinswenning. It pân wurdt kocht troch Douwe Feenstra.

 

Op’e sydkant fan‘e gevel, boppe it winkelrút, hingje twa boerden dêr’t  reklame op makke wurdt foar “Van Nelle Koffie en Thee”  Dêr ûnder steane Anne Sjirks en syn soantsje Sjirk Annes.

Yn 1841 bout timmerman Johannes Paulus Spiering yn Folsgeare tsjin it tsjerkhûs oer in winkel mei dêr efter in wenning.. Hy hat it perseel kocht fan Roel Uiltjes dy’t dernêst wennet en hopet letter in keaper foar it pân te finen. As it pân klear is, hiere Kornelis Sjerps Piersma en syn frou Hjebbeltje Sjoerds Sjaarda de winkel. Kornelis wurket as arbeider en syn frou Hjebbeltje docht de winkel en de húshâlding.

Kornelis en Hjebbeltje hawwe de saken goed foar inoar en keapje yn 1843 de saak fan Johannes Spiering. De winkel rint goed, sadat Kornelis ophâldt mei syn wurk by de boer en himsels  hielendal op’e winkel rjochtet. Yn 1853 ferstjert Hjebbeltje (dy’t yn it doarp Habeltje neamd wurdt). Kornelis is syn stipe en taflecht kwyt en kin de húshâlding en de winkel net allinnne behappe.Yn 1856 set hy de winkel te keap en ferhuzet yn 1858 nei Easthim. Hy ferhuzet yn 1872 wer nei Folsgeare en stjert dêr op 80-jierrige leeftyd (1880)

Sjirk Annes Cnossen en Eelkjen Johannes Grijpsma komme nei harren houlik yn 1856 nei Folsgeare dêr‘t se de winkel fan Kornelis Piersma oernimme.

Trijntje, de âldste dochter fan Sjirk Annes (berne yn 1859) giet yn 1874 nei Abbegea, dêr’t se tsjinstfaam wurdt. Yn 1880 komt se swier wer thús en jout it libben oan soan Sjirk. Wa’t de heit is, bliuwt ûnbekend en har mem Eelkjen rekket hjirtroch sa fan’t sintrum dat se yn Frjentsjer opnommen wurde moat. Bernsbern Sjirk stjert  6 novimber 1880, trije moanne âld en 26 november ferstjert Eelkjen yn Frjentsjer.

De húshâlding Cnossen hat in drege tiid efter de rêch, mar mei stipe fan’e lytse mienskip fan Folsgeare komt it libben wer op ‘e gleed.  Grietje, de jongste dochter (berne 1865), soarget foar har heit en har jongste broerke Anne Sjirks ( berne 1869). 

Dizze Anne Sjirks trout yn 1895 mei Antje of Anna Annes de Jong út Ysbrechtum. Hy is dan keapman en winkelfeint by syn heit.

Yn 1859 wurdt troch de tsjerkfâdij de bou fan it nije tsjerkehûs oan de Tsjaerddyk opdroegen oan timmerman Pieter Willems Twijnstra út it doarp. It hûs komt  tusken de winkels van Epeus Couperus en Sjirk Annes Cnossen te stean. Ein 1859, as it hûs oplevere is, stjoert Pieter Willems de rekken mei in bedrach fan fl 555, 56 nei de tsjerkfâdij. De rekken wurdt betelle mei de opbringst fan in partij terpierde.

It nije tsjerkehûs is in stik lytser as it tsjerkehûs oan’e noardkant fan’e Tsjaerddyk. Dit docht ek bliken út de hierpriis yn 1860. Dy fan it tsjerkehûs noard is fl. 45,-  en fan it hûs oan’e súdkant fl.25, - De earste hierder fan it nije tsjerkehûs is Grietje Sipkes Bleeker, widdo fan Meinte Klazes Zijlstra, dy’t der tegearre mei har dochter Sytske komt te wenjen. Sytske wennet dêr mei har mem oant har houlik yn 1869 mei Willem Wieringa, dy’t skipper is yn Loënga. Na harren trouwen geane se nei Snits ta te wenjen en Sytske rekket al gau swier. As se acht moanne hinne is, komt Willem nei in koart siikbêd te ferstjerren op 20 maart 1870. In moanne letter, op 28 april 1870, wurdt Pieter Willem berne. Sytske is widdow, mei in poppe, sûnder ynkommen, yn in foar har frjemd fermidden. Se seit de hier op en begjin july 1870 komt se werom yn Folsgeare en trekt  mei Pieter Willem yn  by har mem. Har mem is keapman fan berop en Sytske wurdt naaister om in ynkommen te hawwen. Pieter Willem leart fan syn mem it fak dat se sels ek hat en hy wurdt letter dan ek kleanmakker fan berop. Yn juny 1882 ferstjert Grietje Sipkes Bleeker. Se is dan77 jier.  Sytske wennet dêrnei tegearre  mei har soan Pieter Willem yn it tsjerkehûs. Sytske trouwt yn 1884 op ’en nij mei Douwe Feenstra en yn 1885 ferhuzet de húshâlding nei Nijlân.

 

Op 22 maaie 1870 trout Sybe Cornelis syn dochter Trijntje mei smidsfeint Lourens Lutgendorff út Snits. Sybe wol dat it jonge stel nei harren houlik in goede start meitsje kin. Hy hat dêrom in oerienkomst sletten mei timmerman Pieter Willems Twijnstra út Folsgeare. Pieter Willems bout oan de Tsjaerddyk in smidderij en Lourens Lutgendorff sil it pân foar teminsten fiif jier hiere, foar in bedrach fan fl 169 yn it jier. Sybe Corenelis Nijdam stiet, as eigner fan in skipmakkerij yn Snits, foar it jonge stel garant.

Lourens en Trijntje fêstigje harren neffens plan nei harren houlik oan’e Tsjaerddyk. Lourens Lutgendorff is in tige eigensinnich persoan en hy hat al gau spul mei de tsjerkfâden en oare minsken yn it doarp. Nei fiif jier hat Lourens Lutgendorff it dan ek wol besjoen yn Folsgeare en keapet hy de smidderij fan Ynte Roode yn Makkum.

Timmerman Pieter Willems Twijnstra giet fuort út Folsgeare en wurdt boer yn Abbegea. Hy wol ôf fan’e smidderij en set de saak te keap. Hendriekus Monkel, stedsomropper út Snits, bringt in bod út fan fl 1661, - . Dit bod wurdt ôfwezen en it pân wurdt út de ferkeap helle. Nei it fertrek fan  Lourens Lutgendorff  yn maaie 1875, komt Albert de Hond as nije hierder yn it bedriuwspân foar in termyn fan twa jier. Hy betellet in oansjenlik leger hierbedrach fan fl 140, - yn it jier. Twijnstra wol dochs fan it pân ôf en yn 1876 komt it wer te keap. Petrus Jentjes Greydanus, bouboer yn Easthim, wurdt foar fl 1740, - de nije eigner.

 

Midden 19e eeuw stond aan de Tsjaerddyk een huis dat in de volksmond “de Tempel” werd genoemd. Het huis kreeg waarschijnlijk deze naam, omdat er op een klein oppervlak zoveel mensen woonden. In dit venster wordt de historie van het gebouw en zijn bewoners beschreven.

 

In 1751 trouwt timmerman Edger Scheltes uit IJsbrechtum met een meisje uit Folsgare, Ymkje Freerks. Het stel gaat in Folsgare wonen ( Tsjaerddyk 42). Edger timmert veel voor de kerk. Dat is terug te vinden in het kerkarchief als hij reparaties heeft uitgevoerd.  In 1783 komt Edger  te overlijden en volgens het kerkarchief volgt zijn jongste zoon Freek hem op als timmerman. Tot  het jaar 1791 wordt hij regelmatig genoemd bij kerkreparaties.  

 

De oudste zoon Schelte Edgers is boer en heeft een koemelkerij  op de Tsjaerddyk. Zijn bedrijf omvat de huidige huisnummers 41-47. Schelte  blijft vrijgezel,  maar  woont niet alleen. Hij heeft een huishoudster, Pietje Baukes, afkomstig uit Hennaard. Haar ouders zijn Bauke Sybes en Hiltje Jans. Pietje haar vader is kuiper in Hennaard. 

In 1811, als iedereen van Napoleon een achternaam moet aannemen, noemt hij zich daarom ook Kuipers. Ook Schelte moet in 1811 een achternaam kiezen. Hij kiest voor de naam Dijkstra, waarschijnlijk omdat hij aan de Tsjaerddyk woont.

 

Behalve van de koemelkerij op de Tsjaerddyk nr 41-47, is Schelte Edgers ook eigenaar van de winkel annex timmerzaak op  Tsjaerddyk nr. 42 en het perceel daarnaast. Dit perceel, nu Tsjaerddyk nr. 38-40, wordt als moestuin gebruikt.

 

In 1818 overlijdt Schelte op 65 jarige leeftijd. Hij heeft blijkbaar een goede en warme band met zijn huishoudster Pietje Kuipers gekregen, want al zijn bezittingen gaan naar Pietje Kuipers.

Zij krijgt niet alleen het onroerend goed. Pietje erft ook een voor die tijd fors bedrag aan geld. Pietje Baukes Kuipers is van huishoudster nu boerin geworden en is blijkbaar daarmee ook een stuk aantrekkelijker op de huwelijksmarkt. In 1820 trouwt Pietje op 44 jarige leeftijd met de veel jongere Hendrik Uiltjes Hoekstra uit Terherne. Hendrik is pas 29 jaar en als zoon van een schipper zal hij niet erg rijk zijn. Hij vindt in Pietje een goede partij.

 

Tusken de lettere Tempel en it tsjerkehûs oan’e noardkant fan’e  Tsjaerddyk is yn 1832 noch in stikje grûn dat net bebouwd is.

 

Om 1848 hinne bout timmerman Johannes Paulus Spiering in hûs op dit lytse perseel. It pân komt net oan’e dyk te stean mar kriget in lyts foartúntsje, dêr’t hy twa linebeammen plantet as sinneskerm.

 

Johannes Spiering en syn frou vrouw Trijntje Harmens Dijkstra komme mei harren soan Paulus Johannes te wenjen yn it hûs. Timmerman Spiering ferstjert yn 1849.

 

Pieter Willems Twijnstra nimt de timmerzaak  fan Spiering (no Tsjaerddyk 44) oer. Trijntje Harmens ferkeapet it hûs en ferhuzet yn 1851 mei har soan nei Easthim. It hûs wurdt ferhierd. Yn 1855 komt Grietje Sipkes Bleeker, sûnt 1846 widdo fan Meinte Klases Zijlstra, dêr mei har twa bern Klaas en Sytske te wenjen. Yn 1860 komt it hûs yn’e ferkeap.

 

It pân wurdt kocht troch Klaas Gerrits van der Meer. Hy ferkeapet de wenning wer yn 1861 oan Durk Okkes Baarda, dy’t der mei yngong fan 12 maaie 1862 oer beskikke kin. Durk is op 4 maaie 1861 troud mei Fedtje Fokkes van der Meer. Durk en Fedttje krije yn Folsgeare twa soannen, Fokke en Okke. Fokke wurdt al op jonge leeftyd skuonmakkersfeint by Douwe Lucas Elsinga. Hy wurdt letter skuonmakker yn Itens en trout yn 1887 mei Trijntje Eisma. It pear komt foar koarte tiid werom nei Folsgeare. Fokke hat dan in skuonmakkersfeint nedich.

 

Okke giet al jong mei nei de buorkerij en wurdt krekt as syn heit boerefeint. Yn 1893 ferkeapet Durk Okkes it hûs oan Taede Ruurds Abma ( boer op Carpe Diem, Folsgeasterleane 4).

Durk en Fedttje ferhúzje nei Spannum, dêr’t Durk Okkes yn 1897 ferstjert.

 

Nei de 2e W.O. bestiet Folsgeare noch hieltyd út ien strjitte, de Tsjaerddyk, dy’t gauris ek de Buorren neamdwurdt. Oan dizze strjitte stean de tsjerke, de skoalle, de pastorij pleats en sechtsjin, meast âldere, wenningen. It doarp hat lykwols ferlet fan nije wenningen want hierwenningen binne der hast net mear. De Tempel is ôfbrutsen en de wenningen oan it Streekje binne âld. Fan’e twa hierwenningen fan’e tsjerke, is it hûs oan’e noardkant ferkocht en it hûs oan’e súdkant fan’e Tsjaerddyk is âld en tige lyts.

Dorpsbelang is der drok mei dwaande om nijbou te realisearjen. Yn 1948 is it safier dat der oan’e noardkant fan’e Tsjaerddyk, nêst it eardere tsjerkehûs, tsjin it hûs fan oannimmer Marten Eppinga oer, twa blokjes fan twa ûnder ien kap wenningen boud wurde sille.

Fanút syn wenkeamer kin Eppinga folgje hoe’t de bou fan’e wenningen troch boubedriuw Feenstra út Nijlân ferrint. As der tidens de bou in swiere stoarm oer it doarp lûkt, lizze de kajuten fan’e nijbou op strjitte. Nettsjinsteande de tsjinslach wurde de sosjale hierwenningen yn 1949 oplevere. Se krije de nûmers  Folsgeare 10, 9, 8 en 7.

Dizze nûmers wurde yn 1974 omsetten yn Tsjaerddyk 33,  35,  37 en 39 .

De wenningen wurde yn it begjin brûkt as arbeiderswenningen foar de boeren yn en om Folsgeare hinne.

Yn septimber 1949 ferhúzje Hendrik Johannes Oppenhuizen en Annigje Tjalsma mei harren fiif bern  fanút Easthim nei it earste nijbouhûs yn Folsgeare, sjoen fan Nijlân ôf, nummer 33. Hendrik wurket by Hessel Boschma op Walma State.

Over de boerderij die vroeger achter het huis op Easthimmerwei 25 stond, is weinig bekend. De boerderij lag, samen met een aantal andere boerderijen op de oude Middelzeedyk. 

Het vroegste dat op schrift staat over deze boerderij is, dat hier in 1511 Hero Fongersz woont en dat de boerderij vier en veertig pondemaat en twee einsen groot is, inclusief 2 pondemaat  “Saedlant leggende, om ende om an Hero fros  huijs ende Heem“. Het weiland ligt vanaf de boerderij tot aan de Mieddyk en het “hoijland” ligt in het Meerland (Marlân). De boer moet over het Tiltsje, Suderbuursterleane, door het dorp Folsgara naar de Tsjaerddyk om bij het land te komen, aangezien er geen verbinding over de Mieddyk is. 

Hoe de boerderij er uit zag, kunnen we lezen in een advertentie van 24 oktober 1787  in de LC:

De Secretaris ADEMA, zal op Dinsdag den 30 October 1787 ’s Na demiddags om 1 Uur, in het  Waapen van Sneek by de Finale Palm slag verkopen

Een uitmuntende ZATHE en LANDEN met de Huizinge, Schure, Hovinge en wydere annexen gelegen in Folsgare, groot in het geheel, 40 een tweede Pondematen belast met 19 Floreen by JELLE PYTTERS bewoond Petry en May 1793 vry van

Huur, te huur doende boven de lasten a 222 Car. Guldens waarop per Pondem. geboden is 111 g.gls.

Jelle Pytters (Pieters) is de zoon van Pytter Jelles en Ytie Jorrits. Pytter en Ytie zijn in 1757 getrouwd in Oosthem en boeren daarna in Westhem / Wolsum. Zoon Jelle wordt geboren in 1759. In 1768 is Pytter Jelles boer onder Folsgare op de boerderij achter Easthimmerwei 25. Jelle trouwt in 1783 met Meike Beints uit Jirnsum.  Ze volgen dan Jelle zijn vader op. Verder is er weinig over de familie bekend. Na Jelle Pytters komt Yme Keimpes op de boerderij. Daarna komt deze in de verkoop.    

LC 10-12-1800:

Eene uitmuntende Vrugtdoende en zeer geryflyke ZATHE en LANDEN met deszelfs HUIZINGE en HOVINGE cum annexis, staande en geleegen onder den Dorpe Folsgara , in het geheel groot na naam 69 Pondematen alle kostelyke Greidlanden belast met 17 1/2 Stuivers Schattinge wordende by Yme Keimpes cum uxore bewoond tot St Petry en May 1801 en kan alsdan vry van Huuringe door den Koper worden aangevaard.

Mei yngong fan 1 jannewaris 1886 wurdt de iepenbiere skoalle yn Folsgeare troch de gemeente opheft. Dit berjocht komt net as in tongerslach út ‘e kleare loft, want de âlden hawwe oanjûn dat se kristlik ûnderwiis foar harren bern wolle. Hjirfoar wie al in kommisje oprjochte ta begeunstiging fan kristlik ûnderwiis yn Folsgeare. Wannear’t de statuten op 7 maart 1886 by keninklik beslút goedkard wurde, is de feriening in útmakke saak. Yn septimber 1886 komt it bestjoer wer by elkoar  De foarsitter dûmny E. C. Gravenmeijer iepenet de gearkomste mei gebed. Op de wurklist stiet as wichtichste punt: de bou fan’e nije skoalle. Op de oanbesteging binne fjirtjin ynskriuwingen yn kaam. De leechste ynskriuwing is dy fan timmerman Asma út Heech en de bou sil him gund wurde, oant der immen opmerkt: “Is hy net Roomsk? ”. Dan falt der in stilte, dit hiene se net foarsjoen. Dit feit is sa earnstich, dat de bou gund wurdt oan’e twadde op’e list,  timmerman Walsmeer út Wûns.  

De nij te bouwen skoalle komt foar de âlde skoalle oer te stean. Lyk as by de earste skoalle mei it net ta skea fan in stik greide gean en dêrfoar sil it lêste trochrinnende stik Tsjaerdfeart dempt wurde.

De earste stien wurdt lein op 22 oktober 1886 troch H.E. Gravenmeijer,  de soan fan’e foarsitter. Op 20 april 1887 wurdt de skoalle iepene. It tydlik oanstelde haad fan’e kristlike skoalle,  J. Wielinga út Gauw, wurdt no ferfongen troch de earste ûnderwizer oan’e nije skoalle, Johannes Steenbergen út Wommels.

 

De tsjerke yn Folsgeare is neamd nei de hillige Laurentius. Dizze hillige wie diaken by paus Sixtus II en hie de soarch oer de fûnlingen, earmen en wezen. Tsjerken dy’t neamd binnen nei dizze hillige, ha gauris in hege âlderdom.

De paus waard op 6 augustus fan it jier 258 finzen nommen en de holle ôfslein.

Laurentius koe earst noch ûntkomme. Hy naam al it jild mei en ferparte dat ûnder de earmen. Fuort dêrnei waard hy ek pakt. Om’t de Romeinske Valerianus jildkrapte hie, waard Laurentius útkloarke. Doe’t bliken die dat hy al it pauslike jild fuortjûn hie, waard de keizer poerlilk. Hy liet Laurentius bewurkje mei gleone refters. Dy liet lykwols neat los.  Dêrom waard hy op in roaster lein, dêr’t in fjoer ûnder opstookt waard. Nei in skoftsje tiid- alteast sa wol de leginde- rôp Laurentius: ,,Keere mij om, er is slechts één zijde gaar!’’

Ein 18e iuw is de tsjerke, boud om 1532 hinne, brekfallich wurden en de ûnderhâldskosten nimme ta. It gebou is boppedat te lyts wurden om alle tsjerkgongers altyd in plak jaan te kinnen. It wurdt tiid foar in nije en gruttere tsjerke.

Yn 1769 noegen de tsjerkfâden fan Folsgeare in predikant út om mei him ideeën út te wikseljen hoe’t de nije tsjerke der út sjen moatte soe. Fia it tagongsbrechje oer de grêft geane se troch de súdyngong, de manne-yngong, nei binnen ta.  It earste advys is dat de frouwe-yngong oan’e noardkant, dy’t net mear brûkt wurdt, ferfalle kin. Dan steane se yn’e midden fan’e tsjerke stil by de preekstoel, dy’t neffens de predikant better efter yn’e tsjerke komme kin op it plak dêr’t no de grêftombes fan Hobbe Zyarda en syn frou Foeckel fan Roorda steane. As se wer bûten steane en nei de toer sjogge dy’t der tige min by stiet, advisearret de predikant om dizze te ferfangen troch in slanke toer mei in spits.

 

 

Hoewol’t de toer fan’e Laurentiustsjerke  en de klok al âlder binne, komt der earst yn 1755 in oerwurk mei wizerplaat.  Under lieding fan ds. P. Wigiri, tsjerkfâd Oege Jens Breeuwsma en de tsjerkeriedsleden wurdt der yn dat jier besletten om in toer oerwurk oan te keapjen foar  “de toorn tot Folsgara “.  Twa mastersmeden út Snits, Hans Martens Joustra en Andries Lammers krije opdracht om in oerwurk te meitsjen.

Ynklusyf wurklean, materialen, heakken foar de wizerplaten, ‘gewigten’, ‘touweschijven’ ensfh. kostet dit de tsjerkemienskip 390 Carolus gûne. 

Mooglik wie goedkeap, djoerkeap want… al mei gauwens folget de iene reparaasje op’e oare.

De earste ûnkosten oan it oerwurk komme al yn 1759. De wizers fan’e klok wurde yn dat jier fergulde troch Folkert Reitsma. Yn 1763 wurdt it oerwurk reparearre troch master oerwurkmakker Tjalling Rodenhuis út Drylts en yn 1766 komme master oerwurkmakker Gerrit Johannes en mastersmid Melis Wallis Oppedijk del, beide út Drylts.

Yn 1775 wurdt troch Pytter Zeijlstra in wizerplaat ferve. Yn 1779 reparearret  Gerrit Johannes nochris it oerwurk. Jan Lierks komt yn 1780 om it oerwurk te reparearjen.

Yn 1784 wurdt it oerwurk troch Freerk Ynses nei Wybe Gabes yn Wommels brocht foar grut ûnderhâld. Johannes Camphuis út Snits wurdt yn 1791 útnoege om ris te kommen en nei it oerwurk te sjen. It docht bliken dat de wizerplaten net fan geweldige kwaliteit binne, want yn 1793 komt B. Izerda del foar it ferguldzjen fan’e wizerbuorden.

De tsjerketoer fan Folsgeare stiet al iuwen as beaken yn it doarp. Boppe yn dizze toer hinget sûnt 1535 in klok dy’t  ûnfersteurber troch giet mei syn wurk te dwaan.

Op’e bopperâne fan’e klok stiet it neikommende skreaun:

 Jhezus Maria Johannes Gheert van Wou ende Johan ter Steghe goten

mij toen men schreef 15 ende 35 daer bij.

De klok is yn 1535 getten troch Geert van Wou en Johan ter Steghe. Geert van Wou is de soan fan’e ferneamde klokkejitter mei deselde namme út Kampen.  Geert van Wou sr.( 1450 – 1527) wurdt beskôge as de wichtichste klokkejitter dy’t Europa kend hat.

Yn dy tiid waard in klok fakentiden noch op it plak sels getten. De wegen wiene te min en te ûnfeilich om in klok te ferfieren. Se woene boppedat in eachje yn it seil hâlde op’e gearstalling fan it brûns. It plak dêr’t de klok makke waard, wie meastal op it tsjerkhôf of yn in romte ûnder de toer.

It lieden fan’e klok kin opdield wurde yn it tiidlieden, it sneinslieden en it lieden by besûndere gelegenheden lykas by ferstjerren, gefaar, rou ensfh.

It tiidlieden is it trije kear deis lieden fan’e klok. Dat bart moarns oan it begjin fan’e wurkdei, dêrnei om tolve oere foar it middeisskoft en as lêste jûns oan’e ein fan’e wurkdei.

Yn dizze tiid binne der noch gjin horloazjes en is dit lieden de hiele dei troch foar de minsken it hâldfêst. By de middeisklok fan tolve oere witte de arbeiders op it lân dat it itensskoft is, de memmen sette it iten op’e tafel, de bern meie út skoalle wei.

De koster gie trije kear deis nei de toer om de klok te lieden. Yn it tsjerke argyf stiet te lêzen dat Here Jentjes betelle wurdt foar in “jaar  klockluiden”. Hjirfoar kriget hy 7 carolusgûne. Jentjes hat dit betelle lieden dien fan 1743 oant 1755. Dêrnei wurdt it kloklieden net mear spesifyk neamd. It lieden heart by alle wurksemheden dy’t in koster achte wurdt te dwaan.

It tiidlieden is yn Folsgeare opholden mei de komst fan it elektroanyske lieden fan’e  klok ( 1947).

Yn 1902 wurdt besletten om achter yn de tsjerke in houten sket te pleatsen om sa in foarportaal te kreëarjen. Der is noch wol wat diskusje oft it seildoek of hout wurde moat mar de mearderheid giet foar in houten sket. Der is no in iepen romte, mar as dêr in plafond yn pleatst wurde soe, ûntstiet der in flier dêr’t in oargel op stean kinne soe. Yn septimber 1907 wurdt der in bûtengewoane ledegearkomste útroppen mei as ûnderwerp: it oanskaffen fan in oargel foar de tsjerke fan Folsgeare.

De rju earwearde dûmny van Reeuwijk hat de tsjerkfâden der op wezen, dat Folsgeare ien fan de pear tsjerkegemeenten is, dy’t noch net in tsjerkoargel hat. Dûmny hat fernommen dat de evangelyske feriening yn Boalsert har oargel te keap oanbiedt foar net al te folle jild. In goede gelegenheid om in oargel ynklusyf kreake foar it lytse bedrach fan fl. 950,- oan te tugen. De kosten foar it ôfbrekken en de opbou komme hjir oerhinne, de totale kosten sille likernôch fl.1400,- à fl.1500,- wêze. Nei in stûfe diskusje wurdt oergongen ta stimming. De measten binne foar, al is it entûsiasme net grut. Der binne fiif tsjinstimmers. De tsjerkfâden sille mei in saakkundige in ûndersyk ynstelle. Falt dit goed út, dan sille de hearen Abma en Zoethout mei in yntekenlist omgean. Is it omkearde it gefal dan is de saak sletten. Der komt gjin yntekenlist en gjin oargel.

Begjin 1920 stiet de oanskaf fan in oargel wer op de wurklist. Dûmny Karres bepleitet de winsklikheid ta it pleatsen fan in oargel yn de tsjerke.  Hy stelt út om in oargelfûns op te rjochtsjen. It jild hjirfoar soe fûn wurde kinne út frije bydragen fan de leden yn Folsgeare en yn de sustergemeenten. Hy stelt himsels beskikber om mei ien fan de leden in ynsamling te hâlden. De tsjerkfâden steane der lykwols net efter want de finansjele posysje fan de tsjerke is net al te bêst. Besletten wurdt om de behanneling fan dizze kwestje ta de kommende gearkomste út te stellen. Op de gearkomste fan maart 1921 krigen de tsjerkfâden de opdracht om te freegjen wat it tsjerkoargel fan Abbegea kostje moat om dêrnei fierdere plannen meitsje te kinnen.

 

Strûpenkeal is in terp fuort by Folsgeare. Fan it fiadukt oer de A7 ôf, by de ôfslach Snits kommend fan’e kant fan Boalsert, is in bochtsjend restant fan’e âlde molesleat te sjen en rjochts stiet in terp yn it lânskip, mei beammen der om hinne. It is in foar dizze omkriten in tige hege terp, goed 3 meter. Foar in soad minsken in ûnbekend, mar tagelyk unyk monumint.

Foardat de terp oanlein waard, hat der al bewenning west op dit plak. Tusken fynsten yn’e terpsoal fan’e terp kamen skerven út’e lette izertiid / begjin Romeinske tiid foar it ljocht, tagelyk mei inkele tsientallen brokstikken rau-izer dat wolf neamd wurdt. Dizze wolf is produsearre yn leechûnen, dy’t folle waarden mei izeroer dat ryklik foarhannen wie yn en lâns de Ald Rien of Groote Rijn.

Foar de minsken dy’t harren hjir goed twa iuwen foar it begjin fan’e jiertelling nei wenjen setten, sil de oanwêzichheid fan grutte hoemannichten izeroer in trochslachjaande faktor west hat. Fynsten fan Romeinske munten noardlik fan’e terp, jouwe oan dat de bewenners kontakt hân hawwe mei de bûtenwrâld.

 

Der binne om Strûpenkeal hinne mear as ien feanterpen fûn, wat oanjowt dat it in, foar dat tiidrek, tichtbefolke gebiet west hat.Troch in feroaring fan klimaat koart nei it begjin fan’e jiertelling, stiigt it seewetterpeil en wurde dy iere bewenners fan hûs en hiem ferdreaun. Op en om’e orizjinele terp wurde noch altyd ierdewurk skerven werom fûn út dat tiidrek.

 

Troch in feroaring fan klimaat koart nei it begjin fan’e jiertelling, stiigt it seewetterpeil en wurde dy iere bewenners fan hûs en hiem ferdreaun. Op en om’e orizjinele terp wurde noch altyd ierdewurk skerven werom fûn út dat tiidrek.

 

Der binne noch gjin diken, de minsken wenje mei it fee yn dizze tiid fan in soad oerstreamings heech en drûch op’e terp. It foardiel fan’e oerstreamings is, dat it seewetter sâlt efter lit yn it fean. Sâlt is yn dy tiid in tige weardefol artikel. It winnen fan sâlt út it fean wurdt ‘zelnering’ neamd. It fean mei sâlt wurdt útgroeven en ferbrând yn in spesjale ûne. De oerbleaune jiske wurdt mongen mei wetter en wer útsean oant it sâlt oerbliuwt. Dit einprodukt wurdt brûkt foar eigen gebrûk of as betelmiddel.

 

 

 

Op 25 desimber 1778 wurdt yn Hidaard Ruurd Freerks berne, it njoggende bern fan Freerk Murks Abma en Gerritje Roelofs. Ruurd Freerks  leart ûnder it tasjend each fan syn âldere broers en susters it boerebedriuw thús op de buorkerij. Hy ûntwille;et him ta in goede boer en hat each foar de mienskip. Om’t hy it njoggende bern is, it de kâns tige lyts dat hy boer wurde sil op’e âlderlike buorkerij.

Lykwols, Ruurd Freerks leart  Hiltje Klazes Wiersma. ( berne 26 febrewaris 1781) út Folsgeare  kennen. Har âlden  Claes Harmens en Baukje Teades wenje op in buorkerij oan’e Folsgeasterleane nû 2, te sjen op’e kaart fan Eekhoff (1850) It is in beskieden buorkerij mei 35 pûnsmiet lân der om hinne. Oer de opfeart fanôf de Ald Rien is de buorkerij goed berikber oer it wetter.

Claes Harmens en Baukje Teades binne der tige mei ynnommen dat harren iennige dochter thús komt mei boeresoan Ruurd Freeks. It stel trout op 25 oktober 1801.

Nei de berte fan trije bern, sjocht Ruurd Freerks ris om him hinne. As de bern grut binne, is de buorkerij te lyts om se in takomst jaan te kinnen.

Syn buorman Douwe Harmens buorket op in buorkerij (Strûpenkeal) besuden Ruurd Freerks.  Dizze is ek 35 pûnsmiet grut en de buorkerij leit prachtich op in grutte terp tsjin de  Ald Rien oan. De buorkerij komt yn’e ferkeap om’t ien fan’e eigners stoarn is.

Ruurd Freeks en Hiltje beslute om de buorkerij te keapjen.  Douwe Harmens wennet dêr foarearst oant de bern fan Ruurd Freerks en Hiltje grut binne.

De húshâlding wurdt útwreide mei noch twa bern.Yn’e jierren dêrnei wurde der noch trije bern berne.

Aldste dochter Gerritje Ruurds trout yn 1820.  Ruurd en Hiltje krije dêrnei noch twa bern.

 

 

 

 

 

Eartiids stiene der yn it gebiet oan’e eastkant fan Folsgeare oant Snits in soad pleatsen dy’t troch rinderspaden mei elkoar ferbûn wiene. Om’t dizze rinderspaden in grut part fan it jier ûnbegeanber wiene, gie it ferfier oer it wetter. De measte pleatsen binne ferdwûn en it gebiet is foar it grutste part bedriuwenterrein wurden. Der binne nije wegen oanlein en yn plak fan hynders en karren sûze der no daagliks tûzenen auto’s oer de neistlizzende autodyk.

Mar noch net alles is ferdwûn. Iensum stiet der noch ien pleats as in oantinken oan eardere tiden. Dizze pleats hat de  namme “Carpe Diem”. Der wurdt net mear buorke, mar de pleats hat oant de dei fan hjoed de útstrieling fan in grutsk ferline.  

De pleats hat in lange skiednis. Ut’e argiven witte wy dat der op dit stee al hiel lang buorke wurdt. Yn 1511wenne hjir in Broer Hottyaz. Yn 1778 is de pleats eigendom fan Johannes Hendriks en wurdt hierd troch Heere Cornelis. Yn 1786 lit Johannes Hendriks der in nije pleats del sette en hy set yn 1787 de neikommende advertinsje yn de LC.

De Secretaris ADEMA, zal op Dinsdag den 11 December ’s Namiddags om één uur in de Witte Arend te Sneek by strijkgeld verkopen.

Een Stemdragende ZATHE en LANDEN, met een Nieuwgebouwde Huizinge en Schuure gelegen te Folsgare, groot over het geheel 61 en drie vierde Pondematen, alle beste griedlanden belast met 25 floreen, te huur doende boven alle lasten 330 Gl. by Heere Cornelis bewoond, Petry en May 1797 vry van Huur.

 

 

 

 

 

 

 

Op 15 jannewaris 1819 sitte Fonger Klases Ringnalda en syn frou Jischjen Freerks Plantinga by de tafel om te oerlizzen oer harren takomstich wenplak. Hja wenje op  Gerbada state oan de Tsjerkebuorren 44 yn Easterwierrum, mar de state wurdt sloopt en sil ferfongen wurde troch in nije pleats. Fonger Klases wol bliuwe, mar syn frou wol graach werom nei de omkriten fan Abbegea, dêr’t har famylje wennet. Hja hat in oplossing foar al syn beswieren en breidet har riddenaasje ôf mei it fersyk oan har man om de oare deis nei Snits ta te gean. Douwe Jeljers Douma hat in buorkerij te keap oan de Tsjaerddyk (21) ûnder it doarpke Folsgeare.  Hja freget Fonger Klases om dy ris te besjen.

Fonger Klases is net ûntefreden oer de buorkerij yn Folsgeare. It hûs mei skuorre is rom en mei de oanboude skuorre der by is der romte genôch.

By de buorkerij heart 23 pûnsmiet lân. De 16 pûnsmiet lân noardlik fan de Tsjaerddyk is bêst greidelân. De kwaliteit fan de 7 pûnsmiet lân súdlik fan de  Tsjaerdfeart is ûnwis. It lân leit leech en yn in wiete simmer is it mar de fraach oft de ‘swarte mole’ it lân drûch hâlde kin. 

Fan de Tsjaerddyk ôf sjocht hy yn de fierte de tsjerketoer fan Abbegea. Fia de ‘Gelderse weg’ troch it Marlân nei de Rige, dêrnei trochrinnend nei de  Abbegeasterketting, kin syn frou yn in oere nei Abbegea rinne. Hy is boer en in man fan in bytsje wurden. Hy wit dat dit is wat syn frou wol. Fonger begjint mei Douwe Jeljers Douma te ûnderhanneljen.  Hja komme der gau út en ein jannewaris 1819 wenje Fonger Klases en Jischjen Freerks mei harren bern Rinske 21, Klaas 19, Freerk 16, Jan 15, Marten 7 yn Folsgeare.

Op 27 maaie 1781 is it in drokte fan belang op de pastorijpleats yn Folsgeare. It is dan ek in besûndere dei foar Folkert Feikes en Yfke Gerrits. Harren soan Feike Folkerts en harren dochter Yfke Folkerts sille hjoed tagelyk trouwe yn de tsjerke. De tsjinst sil ûnder lieding stean fan dûmny Petrus Wigeri, syn frou Catharina Gratiana Eelcoma komt ek mei. 

Feike Folkerts trout mei Baukje Symons út Nijlân. Hja folgje Folkert Feikes op as boer en boerinne op de pastorijpleats. Harren bern Folkert 1783 (stoarn), Trijntje 1784, Yfke 1786, Folkert 1788, Siemen 1792 en Gerrit yn 1796 wurde hjir berne. Yn 1799/1800 komt in grutte buorkerij oan de Tsjaerddyk (nûmer 31) te keap. Nei it lang yn him omgean litten te hawwen, beslút Feike Folkerts de stap te weagjen  om boer te wurden op in eigen buorkerij.

Yn 1811 nimt Feike Folkerts de namme van der Meer oan. Hy sil dizze namme keazen ha, om’t hy tsjin “de Meeren” oer wennet, wat no it Marlân  neamd wurdt.

De bern wurde grut en fine harren eigen paad. Trijntje en Yfke trouwe mei de broers Rintje Jans en Douwe Jans Boschma. Folkert trout mei Aukje Terpstra en wurdt boer yn Nijlân. Siemen sil tegearre mei Gettje van der Goot buorkje op Pikesyl ûnder Abbegea.

Feike Folkerts en Baukje Symens ha no allinne harren jongste soan Gerrit noch thús. Nei syn trouwen mei Riemke Klazes Bosma op 8 maaie 1824, jout Feike Folkerts it stjoer út hannen. Gerrit Feikes wurdt boer op de âlderlike buorkerij. It jier 1824 wurdt tryst ôfsletten as Gerrit syn mem Baukje Symens op 30 desimber ferstjert. Feike Folkerts is noch tsjûge fan de berte fan Klaas Gerrits op 5 april 1825. Hy ferstjert op 14 july 1825. It jonge pear stiet der yn koarte tiid allinne foar.

Naast de kerk in Folsgare staat een boerderij die de “pastorieboerderij “ wordt genoemd. Tijdens de kerstening van Fryslân, zo rond het jaar 750, werden er steeds meer kerken gesticht. Bij de stichting van de kerk hoorde een pastoriehoeve / boerderij. Dit was reeds in 819 bepaald in een handvest van Lodewijk de Vrome. Hij bepaalde dat bij elke te bouwen kerk een hoeve in vol bedrijf moest zijn gelegen, ten behoeve van het onderhoud van de pastoor. Het onderhoud van het pastoriegebouw in het algemeen, evenals van de kerk en toren, werd uit de kerkgoederen (patroons goederen) bekostigd.  Vaak was de pastoor naast priester ook boer en zeker in Fryslân kwam het ook vaak voor dat hij een vrouw en kinderen had.

In Folsgare ligt de pastorieboerderij naast de huidige kerk. In 1511 is hij 48 pondemaat groot, wat duidt op een welgestelde parochie. Het land dat bij de boerderij hoort, ligt in de Nieuwlander polder ten noorden van de hoeve en in latere tijd zal het land in het Marlân ten zuiden van de Tsjaerddyk er aan

toegevoegd worden.  In 1511 is het land verdeeld in ‘Grasland, Hoijland en Saedland’. Het ‘Grasland’ ligt tussen de Tsjaerddyk en het Middelpad. ‘Het ‘Hoijland’ ten zuiden van de Tsjaerddyk in ‘die Meeren’ met een klein perceel ten noorden van het kerkhof. Het ‘Saedland’ ligt langs het Middelpad. 

Het voorhuis van de pastorieboerderij zal gebouwd zijn omstreeks de 16e / 17e eeuw.  In het kerkarchief staat in het jaar 1746 de uitgaven post “Betaald voor onderhoud van huys van de Pastorije Zathe”.

De schuur van de boerderij is volgens een gedenksteen in de muur herbouwd in 1873. In het kerkarchief wordt een opmerking gemaakt dat de eerder gebouwde schuur door brand zou zijn verwoest.

Yn de Folsgeasterhim steane yn de 15e /16e iuw yn it ferlingde fan de Ringdyk rjochting Folsgeare twa pleatsen, Scheender state en Dyckhuistera state. Scheender state wurdt fóar 1700 ôfbrutsen. De namme Scheender state giet letter oer nei Dyckhuistera state, dy’t dan dus Scheender state neamd wurdt.

De âlde Middelseedyk rûn fan Tirns ôf rjochttroch lâns Folsgeare rjochting Easterbuorren. Yn in stoarmfloed ein 11e iuw is der in dyktrochbraak. De Grienedyk en de Brededyk wurde om it gat hinne oanlein.

Op de resten fan’e dyk wurde letter de twa earder neamde pleatsen boud. De noardlike pleats hjit Scheender state nei de slinke dy’t yn de Middelsee ûntstien is. De súdlike pleats hjit Dyckhuistera state, om’t dizze boud is op de resten fan de Middelseedyk.

Op de âlde Middelseedyk binne fan 1977 ôf de wenningen Ekersein 13, 15, 17, 19 en 21 boud.

Scheender State

Yn 1640 is de hear Nauta eigner fan Scheender State. Gerlse Douwes is brûker. Yn 1698 binne de erven jonkhear Tjalling van Sixma en Bavius Nauta elts foar de helte eigner.  Claes en Dirck Jacobs binne de brûkers. Koart foar 1698 is Scheender State  nei alle gedachten ôfbrutsen.

Floreen nûmer 35 wurdt yn 1700 sa beskreaun:

Claes Willems c.s eigenaar van negen p/m lands genaamd het Dou’ land lopende met de oostkant aan Nauta afgebroken huisstede wordende bij Jentie Heeres gebruikt bezwaard met vier floreen. Jhr Tialling van Sixma ende Juffr Nauta eigenaars van een Zathe lands groot twee en dertig p/m wordende bij Jan Teedes gebruikt hebbende de grietman Tjiaards van Aijlva erven ten zuiden Frans Staak ten westen de Groenedijk ten noorden en de Rijdweg naar Sneek ten oosten bezwaard met vijftien floreen (Rijdweg naar Sneek = Brededyk)

Dyckhuistera state

Widdofrou Teed Gerloffs is yn 1511 meijer (hier- of pachtboer) op Dyckhuistera state.  Goffe Piers van Sjaerdema is de eigner, hy wennet yn Toppenhuzen. Goffe Piers is troch fererving eigner wurden fan de Sjaarda huzen dy’t yn Abbegea, Folsgeare en Toppenhuzen stien hawwe. Dizze huzen of stinsen binne fóar 1500 ferwoastige yn de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Yn it benefisjaal boek fan 1543 stiet dat de tsjerke fan Folsgeare lân noardlik fan it Middelpaad besit. It lân dêrneist wurdt as Goffe Piers syn lân oantsjutten. Goffe Piers syn soan Hobbe Zyarda (Sjaarda), troud mei Fokel van Roorda, erft Dyckhuistera state yn Folsgeare fan syn heit. De grêfsarken fan Hobbe en Fokel lizze ûnder de flier fan de tsjerke yn Folsgeare. Dêrtroch witte wy dat Hobbe op 27 novimber 1557 en Fokel op 8 july 1558 ferstoarn is. 

Op 10 desimber 1910 komt by de gemeente in oanfraach binnen fan Sipke Simons Kooistra foar it bouwen fan ‘ene stelphuizinge’ op perseel “It Werp” ûnder Folsgeare ( Skeender 2). Hjirmei wurdt in tredde Kooistra buorkerij realisearre yn de Folgaasterhem. 

“It Werp” is in perseel dat ûntstien is yn de súdlike slink fan de Middelsee tsjin de Breede dijk oan en betsjut bûtendykslân. It perseel is yn 1850 eigendom fan de Kooistra’s wurden mei de keap fan de buorkerij op Suderbuorren  (Easthimmerwei 23).

Sipke Simons Kooistra is troud mei Trijntje van Wijngaarden. Hja wenje op de buorkerij Scheender state en wolle it rêstiger oan dwaan. Hja meitsje plak foar harren soan Sije Simons Kooistra en Antje Gerbrandy út Boazum. Sije en Antje ha besletten om yn maaie 1911 te trouwen. Sipke en Trijntje ferhúzje nei  de Skeender 2.

Sije en Antje wurde de nije generaasje Kooistra’s op Scheender State. Sije wie net de bedoelde opfolger, maar syn âldere broer Simon wurdt dûmny en dat telt swierder as boer wurde. 

Yn jannewaris stjoert Sipke Simons in fersyk nei de gemeente foar it bouwen fan in weinhûs efter de buorkerij op de Skeender. Alles wurdt goed kard. Begjin 1911 wurdt begûn mei de bou troch Wytse de Boer, de timmerman út it doarp.

De pleats hat in trochrinnende gong dy’t de skieding is tusken it wendiel en de stâl. Oan de linkerkant fan it wendiel is de pronkkeamer, yn’e midden is in sliepkeamer mei in treppen nei boppen ta en rjochts is de wenkeamer. Oan de eastkant is de haadyngong, efter de gong is de keuken mei in doar nei de skuorreed. 

It gebiet noardlik fan de Brede Dyk wie om de 11e iuw hinne noch Middelsee. It tij sette der twa kear deis slib ôf. Hjirtroch ûntstie in stik bûtendyks lân dêr’t de boeren yn de simmer harren jongfee op weidzje litte koene. It Werp wie de namme dy’t de bewenners fan Foldesgara brûkten om dit stik lân oan te tsjutten. Werp is in algemiene namme yn Fryslân foar natuerlik of troch minsken ophege lân.

In tal iuwen letter, as de Middelsee der allang net mear is, wurdt op 14 septimber 1852 nei melkerstiid op Scheender state de koets ynspand foar Sipke Gabes Kooistra. Syn frou Yke Ruurds Abma hat de foarrige jûn, om tsien oere hinne, in soan krigen. Sipke Gabes giet, op 61 jierrige leeftyd, nei Snits om oanjefte te dwaan fan de berte fan syn jongste soan Gabe Sipkes. Mei de tsjûgen Jan Pieters Deinum, eksekuteur út Ysbrechtum en klerk Feike Boschma tekenet hy de akte.

Hoewel’t Sipke Gabes al op leeftyd is, is hy noch in krasse fint. Hy sjocht dat de  jonge Gabe Sipkes opgroeit ta in grutte sterke keardel. Gabe is en bliuwt lykwols de jongste fan de bern, syn takomst is net op Scheender state. De buorkerij is ornearre foar syn âldste broer Simon Sipkes. Gabe ferlit Scheender state en giet  nei Boalsert.

Op 1 desimber 1879 geane Fedde Oeges fan de Breeuwsma pleats (achter de pleats op Easthimmerwei 21) en skuonmakker Lucas Elzinga nei Snits om oanjefte te dwaan fan it ferstjerren fan Sipke Gabes Kooistra. Hy is nei in koart siikbêd op 88 jierrige leeftyd ferstoarn.

In wike nei de begraffenis freget syn frou Yke Ruurds Abma de notaris om del te kommen. It besit fan Sipke Gabes moat ynventarisearre wurde en ûnder de neibesteanden ferdield wurde. Simon Sipkes is al boer wurden op Scheender state doe’t syn heit noch libbe. Foar him sil der net in soad feroarje. De jongste soan Gabe Sipkes moat wachtsje oant 1885 ear’t hy oanspraak meitsje kin op syn erfdiel.

It is 29 jannewaris 1864. In spannende dei foar Sijmen Sipkes Kooistra, boer op Folsgeasterleane 4, Teade Ruurds Abma, boer op Folsgeasterleane 2 en Klaas Ruurds Abma, boer te Tsjalhuzum. It melken is gau hastich dien makke en yn it sneinske pak steane hja klear om mei elkoar nei Snits ôf te reizgjen.

Hjoed sil notaris C.J. Jorritsma de akte fan boelskieding fan Hiltje Klazes Wiersma, widdofrou fan Ruurd Freerks Abma, iepenbier meitsje. As de notaris klear is mei it foarlêzen fan de akte, beseft Sijmen Sipkes Kooistra dat hy fan de buorkerij moatte sil. De buorkerij dêr’t hy mear as tweintich jier buorke. Tweintich jier, dêr’t Sijmen in soad tsjinslach yn hat en  twa kear widner wurdt. Yn 1842 trout hy mei Baukjen Ruurds Abma. Nei har ferstjerren trout Sijmen  yn 1856  wer mei Johanna Gosses Bootsma.  Dit houlik duorret mar fiif jier. Johanna ferstjert yn 1861. Sijmen trout op’e nij, no mei Sytske Postma út Folsgeare. Hja is widdofrou.

Sijmen syn buorman, Teade Ruurds Abma, wurdt de nije eigner fan de buorkerij.

Sijmen Sipkes wol fierder buorkje en beriedt him mei syn heit Sipkes Gabes Kooistra. Dy  is boer  op Scheender state. Syn heit is wilens 73 jier en wol it wol wat rêstiger oan dwaan op in lytsere buorkerij. Hjirtroch kin Sijmen Sipkes boer wurde op Scheender state.

Syn heit keapet yn maaie 1864, tegearre mei Klaas Feddes Breeuwsma, perseel C nûmer 46, grut twa bunder en njoggen en sechstich roeden. It greidelân wurdt opsplitst in twa stikken. It súdlike part, nûmer C 585, komt by de buorkerij fan Klaas Feddes Breeuwsma. It noardlike stik, nûmer C 586 wurdt eigendom fan Sipke Gabes Kooistra. Beide stikken grûn wurde skieden troch in stikje nij groeven sleat.

Suderburen is in buorskip ûnder it letter stichte Folsgeare. Yn 1700 is de noardlijke buorkerij, 42 pondemaat grut, yn gebrûk by Anske Thomas. De súdlike buorkerij, 25 pondemaat grut, wurdt brûkt troch Dirk Jacobs.  Yn 1708 hawwe beide buorkerijen deselde eigner en brûker. Letter wurde se  gearfoege ta ien grutte buorkerij.

Taeke Jans Westendorp is op 4 july 1797 berne yn Piaam. Hy trout yn 1819 mei Marijke Sibbles van der Werf. Nei harren houlik hiere hja de buorkerij op Suderburen fan Lambertus de Haan en Eeltje de Hengst. Hjir wurdt yn 1820 zoon Jan berne en yn 1823 Sible Taekes.

Marijke kriget yn oktober 1825 in soan dy’t Taeke Taekes neamd wurdt. In direkt gefolch fan de oerstreaming is in grutte útbraak fan syktes. Taeke Taekes wurdt siik en ferstjert yn oktober 1826, ien jier âld. Marijke kriget yn desimber 1826  in jonge dy’t wer Taeke neamd wurdt. Marijke Sibles van der Werf ferstjert op 5 novimber 1828 op 29-jierrige leeftyd. De buorlju Klaas Feddes Breeuwsma en Gorrit Pieters van der Goot fan Walmastate dogge oanjêfte fan har ferstjerren.

Sible Taekes Westendorp, de twadde soan fan Taeke Jans en Marijke Sibles van der Werf, is ien fan de haadpersoanen yn it boek “De Oerpolder” van Hylke Speerstra. Hjiryn wurdt syn libben beskreaun mei syn frou Margaretha Tjebbes Hettinga út Nijlân op de buorkerij Groot Welgelegen yn It Heidenskip.   

Yn 1831/1832 wurdt der troch de eigners in nije pleats delsetten. De âlde  kopromppleats wurdt ferfongen troch in grutte stjelp pleats. Wannear’t Taeke Westendorp op’e nij trout op 5 maart 1832 mei Sipkie Jarigs Meyer, kastleinsdochter fan herberch ‘het Hoogehuis’ út Snits, begjinne hja op in nije pleats. Twa moanne nei it houlik wurdt Geertruida berne en yn 1833 folget Dominicus. De hierpriis fan de nije pleats leit in stik heger as dy fan de âlde. Taeke Jans beslút te ferhúzjen. De húshâlding giet nei Eksmoarre dêr’t yn 1836 Juliana Maria berne wurdt.

Walma state bestiet al salang, dat nimmen mear wit hoelang. De state stie der al foardat de âlde Middelseedyk oanlein waard. De namme seit it al “Walma state”, in state boud op de wâl (kant) fan de (Middel)see.

De pleats leit yn it deltagebiet fan de Ald Rien, lyk as it neiste buorskip Suderburen. De noardlike ôfsplissing fan de Ald Rien nei de Middelsee wurdt letter kanalisearre. Dit is de Folsgeasteropfeart. In wetterke dat hjirop út komt, is de âlde opfeart nei de pleats. By it oanlizzen fan de âlde Middelseedyk wurdt gebrûk makke fan de terpen dy’t der al binne. Walma State is ien fan de pleatsen op dizze dyk.

Walma state is fan âlds in aadlike state. De state hat fiskrjochten en rjocht op swannejacht. Op âlde kaarten stiet neist de pleats noch in wier. Yn 1511 wurdt der noch in stinsgrêft neamd.

Ut it Register fan oanbring fan 1511 docht bliken dat Epa Ighaz “eijgen geërffd” eigner is en Albert Hoytes pachtboer op de grutste pleats ûnder Folsgara. De buorkerij omfiemet LXXX (80) pûn lân, wêrfan “36 ponden Hooijland, 31 ponden Grasland en 7 ponden Reijdland”. It lân súdlik fan de pleats wurdt it “lege meden” neamd, dêr’t it rijeedmeer (reidmar) leit. It rijeedland (reidlân) leit tsjin de “die grote Rien”. Fierders is der noch “6 ponden saedlant leggende, om ende om op ende an Epas vors. stins graft”. Dizze stinsgrêft omklammet de stinswier en leit tsjin it “saedland” oan.

In oare namme dy’t brûkt wurdt foar stinswier is ‘wijer’. Dizze namme komme wy tsjin yn it Register fan oanbring by de buorman fan Epa Ighaz op Suderburen. Lolla Taekaz is hjir pachtboer en “dije halve huijssteed mijt die halve wijer hoert Epa voer XIV st “. Dat Epa Ighaz is eigner fan de stins op Walma state en besit de helte fan de wijer (wier) op Suderburen. 

Walma state leit net oan in trochgeande rûte. De âlde Middelseedyk is ein 12e iuw foar it grutste part fuortslein troch in stoarmfloed, nei alle gedachten yn 1170.  It rinpaad fan Folsgeare nei Easthim is de iennige lânferbining. It paad is ûngeskikt foar it ferfier fan guod. It is te smel en foar in grut part fan it jier ûnbegeanber. Ferfier oer wetter is de wichtichste ferbining oant yn 1914 de Easthimmerwei oanlein wurdt. Neidat de beweechbere brêge yn Easthim yn 1953 ferfongen wurdt troch in fêste brêge, is it foargoed oer mei it ferfier fan guod oer it wetter.

Minsken dy’t op ‘e fyts of mei de auto fan Ysbrechtum nei Nijlân ta ride, komme lâns in opfallend monumint. In monumint wêrfan it net foar eltsenien daliks dúdlik wêze sil wat de betsjutting en oarsprong is. As je de muoite nimme om it better te besjen, sjogge je in izeren skulptuer fan in grutske hoanne op in hege stiennen sokkel. De plakette op it monumint makket dúdlik dat it om in monumint foar de omkommen minsken yn de Twadde Wrâldoarloch giet. Ek yn Wymbritseradiel hat de oarloch in soad slachtoffers makke. Dêrom moast der in tinkteken komme. Yn 1946 wurdt troch it gemeentebestjoer in kommisje oansteld dy’t de taak hat it oprjochtsjen fan in oarlochsmonumint te realisearjen, mei as doel de omkommen minsken fan de Twadde Wrâldoarloch út de gemeente Wymbritseradiel te betinken en de befrijing libben te hâlden. 

It architektenburo Goodijk en de Vries út Snits kriget de opdracht. Se komme mei in ûntwerp foar in betinkteken dat bestiet út in 10 meter hege pylder wêrop in kraaiende hoanne komme moat te stean mei in passende tekst yn de pylder. Foar de kraaiende hoanne wurdt byldhouwer Willem J. van der Valk út Eelderwolde oanlutsen en foar de tekst wurdt A.Tamminga frege. Om in gaadlik plak te sykjen wêr’t it monumint stean moat, meitsje boargemaster Tjaberings en byldhouwer van der Valk mei de auto in omreis troch de gemeente. It monumint kriget in plak op de krusing fan Rykswei 43 en de Brededyk. It stiet hjir tusken de doarpen Nijlân, Tsjalhuzum, Ysbrechtum en Folsgeare yn, oan de drokste dyk yn de gemeente en yn in wrydske omjowing.