Buorkerij tsjinoer it Slúske

Buorkerij tsjinoer it Slúske
©: PBG - familie Agricola voor de boerderij rond 1930

Restaurant en B&B de Klokkenstoel sitte op hûsnr. 3 yn ien fan de âldste en heechste buorkerijen út ‘e omjouwing. It pân is mear as hûndert jier âld en hearde ta de lânadel. Ein 19e ieuw wie it fan jonkhear Van Sminia, dy’t yn 1896 stoarn is. Syn dochter, dy’t troud wie mei immen út de adelike famylje Van Limburg Stirum hat dizze sate en landen yn 1910 ferkocht. Yn dy tiid is de buorkerij mei it foarhûs en it lân yn aparte dielen ferkocht.

De famylje Agricola wenne yn de buorkerij en brûkte it omlizzende lân foar de kij en bargen. Ek lieten se de kij weidzje op de Lytse- en Grutte Griene (eilannen yn de Snitsermar) en makken se der hea foar de winter. De kij en de hynders waarden yn preammen nei de eilannen brocht. Dat wienen somtiden drege en kâlde fartochten. Fanôf ûngefear 1965 hawwe ferskillende eigenaren út `Hollân` it boerebedriuw ôfbouwd en is der in rekreative bestemming oan jûn. Wêr’t eartiids it bûthús en de skuorre wienen, is no it restaurant. Op de grutte heasouder sit no in B&B.

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - familie Agricola voor de boerderij rond 1930

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)