Clasina S.Flapper

Clasina S.Flapper
©: Clasina Flapper

By it meitsjen fan keunst binne besieling en sfear foar my wichtige eleminten.

Troch der gefoel en ferskillende lagen yn te bringen, kin in ferhaal en/ of djippere betsjutting belibbe wurde.

In portret moat, njonken dat it in lykjend plaatsje is, wat fertelle oer de persoan. Dit kin ta útdrukking komme yn omjouwing, plak, tiid, kleur, emoasje ensfh.

It is oan de sjogger watfoar ferhaal sjoen en belibbe wurdt.

Clasina, ek wol Clasien neamd, komt út Koudum. Se giet hjir nei de legere skoalle ta. Se stiet links boppe op de klassefoto, rjochts nêst master Hielke Dijkstra.  Neffens master hat Clasien de klok wol lieden heard, mar wit se net wêr’t de bingel hinget. Se is in dreamer dy’t oeral op tekenet. Dat de foarleafde foar tekenjen is al betiid  oanwêzich.

Yn 2009 komt Clasina Flapper mei har jongste soan Mart yn Folsgeare te wenjen.  Aldste soan Fokke is dan al útflein. It pân oan’e Tsjaerddyk op nûmmer 40  is tige by tige gaadlik foar har. It is in romme wenning en hat achter in wrytsk útsicht oer it Marlân. Wichtiger is, dat de alde smidderij tige gaadlik is as atelier.  

Clasina hat yn 1985 har oplieding MBU Aktiviteiten Begelieding ôfrûne en giet û.o. oan it wurk mei bern  dy’t it syndroom fan Down hawwe.

Fan 2004 – 2006 docht se de oplieding Carly Kleurtraining en dêrnei fan 2007 oant  2009 de oplieding byldzjend keunstner by Herma Bovenkerk yn Koudum.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Clasina Flapper

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)