De bakkerij aan de Tsjaerddyk (nu nr. 30)

De bakkerij aan de Tsjaerddyk (nu nr. 30)
©: archief db folsgeare

Jan Jacobs Meyer wurdt yn 1819 berne yn Snits as soan fan bôllebakker Jacob Meyer en Attje Kraak. Hy leart it bôllebakkersfak fan syn heit. In 1841 trout Jan mei Hylkjen Molenaar en wurdt dan bakkersfeint.

Harren soan Jan Jans Meyer wurdt berne yn 1849 en wurdt letter bakkersfeint by syn heit.

Jan Jans trout yn 1875 mei Aafke Boersma. Nei harren houlik wurdt hy keapman yn Toppenhuzen. Dat sadwaande komt hy yn’e doarpen om Snits hinne en heart hy fan Hessel Rintjes Boschma, boer oan’e Tsjaerddyk (31), dat dizze yn it doarp de earder slachterij fan Willem Sjerps Twijnstra kocht hat. Hessel Rintjes wol graach in bakkerij yn it doarp en wit dat Jan Meyer út in bakkersfamylje komt. Hy sjocht yn him de ideale kandidaat om hjir in bakkerij te begjinnen.

“It giet oan” en op 12 maaie 1877 ferhúzjen Jan en Aafke  nei Folsgeare.

Jan Meyer wurdt de earste bakker yn it doarp en se sette goed útein.

© Foto voorblad: archief db folsgeare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)