De tsjerke yn Folsgeare fan 1864 ôf oant hjoeddedei

De tsjerke yn Folsgeare fan 1864 ôf oant hjoeddedei
©: Stichting Monumenten SWF

 

De tsjerke yn Folsgeare is neamd nei de hillige Laurentius. Dizze hillige wie diaken by paus Sixtus II en hie de soarch oer de fûnlingen, earmen en wezen. Tsjerken dy’t neamd binnen nei dizze hillige, ha gauris in hege âlderdom.

De paus waard op 6 augustus fan it jier 258 finzen nommen en de holle ôfslein.

Laurentius koe earst noch ûntkomme. Hy naam al it jild mei en ferparte dat ûnder de earmen. Fuort dêrnei waard hy ek pakt. Om’t de Romeinske Valerianus jildkrapte hie, waard Laurentius útkloarke. Doe’t bliken die dat hy al it pauslike jild fuortjûn hie, waard de keizer poerlilk. Hy liet Laurentius bewurkje mei gleone refters. Dy liet lykwols neat los.  Dêrom waard hy op in roaster lein, dêr’t in fjoer ûnder opstookt waard. Nei in skoftsje tiid- alteast sa wol de leginde- rôp Laurentius: ,,Keere mij om, er is slechts één zijde gaar!’’

Ein 18e iuw is de tsjerke, boud om 1532 hinne, brekfallich wurden en de ûnderhâldskosten nimme ta. It gebou is boppedat te lyts wurden om alle tsjerkgongers altyd in plak jaan te kinnen. It wurdt tiid foar in nije en gruttere tsjerke.

Yn 1769 noegen de tsjerkfâden fan Folsgeare in predikant út om mei him ideeën út te wikseljen hoe’t de nije tsjerke der út sjen moatte soe. Fia it tagongsbrechje oer de grêft geane se troch de súdyngong, de manne-yngong, nei binnen ta.  It earste advys is dat de frouwe-yngong oan’e noardkant, dy’t net mear brûkt wurdt, ferfalle kin. Dan steane se yn’e midden fan’e tsjerke stil by de preekstoel, dy’t neffens de predikant better efter yn’e tsjerke komme kin op it plak dêr’t no de grêftombes fan Hobbe Zyarda en syn frou Foeckel fan Roorda steane. As se wer bûten steane en nei de toer sjogge dy’t der tige min by stiet, advisearret de predikant om dizze te ferfangen troch in slanke toer mei in spits.

 

 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Stichting Monumenten SWF

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)