De winkelman op Tsjaerddyk 36

De winkelman op Tsjaerddyk 36
©: bd folsgare

Op’e sydkant fan‘e gevel, boppe it winkelrút, hingje twa boerden dêr’t  reklame op makke wurdt foar “Van Nelle Koffie en Thee”  Dêr ûnder steane Anne Sjirks en syn soantsje Sjirk Annes.

Yn 1841 bout timmerman Johannes Paulus Spiering yn Folsgeare tsjin it tsjerkhûs oer in winkel mei dêr efter in wenning.. Hy hat it perseel kocht fan Roel Uiltjes dy’t dernêst wennet en hopet letter in keaper foar it pân te finen. As it pân klear is, hiere Kornelis Sjerps Piersma en syn frou Hjebbeltje Sjoerds Sjaarda de winkel. Kornelis wurket as arbeider en syn frou Hjebbeltje docht de winkel en de húshâlding.

Kornelis en Hjebbeltje hawwe de saken goed foar inoar en keapje yn 1843 de saak fan Johannes Spiering. De winkel rint goed, sadat Kornelis ophâldt mei syn wurk by de boer en himsels  hielendal op’e winkel rjochtet. Yn 1853 ferstjert Hjebbeltje (dy’t yn it doarp Habeltje neamd wurdt). Kornelis is syn stipe en taflecht kwyt en kin de húshâlding en de winkel net allinnne behappe.Yn 1856 set hy de winkel te keap en ferhuzet yn 1858 nei Easthim. Hy ferhuzet yn 1872 wer nei Folsgeare en stjert dêr op 80-jierrige leeftyd (1880)

Sjirk Annes Cnossen en Eelkjen Johannes Grijpsma komme nei harren houlik yn 1856 nei Folsgeare dêr‘t se de winkel fan Kornelis Piersma oernimme.

Trijntje, de âldste dochter fan Sjirk Annes (berne yn 1859) giet yn 1874 nei Abbegea, dêr’t se tsjinstfaam wurdt. Yn 1880 komt se swier wer thús en jout it libben oan soan Sjirk. Wa’t de heit is, bliuwt ûnbekend en har mem Eelkjen rekket hjirtroch sa fan’t sintrum dat se yn Frjentsjer opnommen wurde moat. Bernsbern Sjirk stjert  6 novimber 1880, trije moanne âld en 26 november ferstjert Eelkjen yn Frjentsjer.

De húshâlding Cnossen hat in drege tiid efter de rêch, mar mei stipe fan’e lytse mienskip fan Folsgeare komt it libben wer op ‘e gleed.  Grietje, de jongste dochter (berne 1865), soarget foar har heit en har jongste broerke Anne Sjirks ( berne 1869). 

Dizze Anne Sjirks trout yn 1895 mei Antje of Anna Annes de Jong út Ysbrechtum. Hy is dan keapman en winkelfeint by syn heit.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: bd folsgare

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’sDokuminten





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)