De pastorij fan Folsgeare

De pastorij fan Folsgeare
©: archief db folsgeare

De pastorij fan Folsgeare hat stien op it pôltsje tsjin de tsjerke oer, in stikje lân fan fjouwer pûnsmiet lyk as stiet beskreaun yn it Charterboek fan 1543.

De pastorij pleats mei 55 pûnsmiet wurdt troch de pastoar ferhierd en fan de pachtjilden dy’t de boeren oan him betelje kin hy himsels ûnderhâlde.

Op 31 maart 1580 wurdt troch de Steaten fan Fryslân de iepenbiere útoefening fan’e katolike godstsjinst ferbean. ( Reformaasje) De ynwenners fan Folsgeare komme, om sa te sizzen, moarns as katolyk fan’t bêd en geane jûns as protestant wer op bêd.

De tsjerkfâden sitte no lykwols al mei in swierrichheid. De pastoars meie harren amt net mear útoefenje en wurde wurkleas. Tagelyk ûntstiet der in grut tekoart oan dûmnys.

De oplossing wurdt socht yn it byelkoar foegjen fan meardere doarpen ûnder ien dûmny. Sa geane yn 1580 de doarpen Easthim, Abbegea, Folsgeare, Wolsum en Westhim byinoar. Yn 1607 is der wat minder in tekoart oan dûmnys en geane  Wolsum en Westhim op harren sels fierder.

Easthim, Abbegea en Folsgeare binne oant hjoed de dei noch altyd tsjerklik meielkoar ferbûn.

© Foto voorblad: archief db folsgeare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)