De Peinjumer Halsbân

De Peinjumer Halsbân
©: FrieslandWonderland

In yntrigearjende namme foar in yntrigearjend gebiet. Om Penjum hinne leit in prachtich, ieuwenâld lânskip, dêr’t de lange striid tsjin de see noch dúdlik yn waar te nimmen is. ’Penjumer (Gouden) Halsbân’ is de namme fan in stelsel fan wetterkearingen dat Penjum yn earder tiden beskerme tsjin oerstreamingen. It lân om it doarp hinne waard eartiids foar it grutste part omsletten troch De Marne, in kronkeljende see-earm dy`t oan Boalsert ta kaam. In grut part fan de ’halsbân’ is bewarre bleaun of yn ’e oarspronklike steat werombrocht, en foarmet in moaie kuierrûte.

It gebiet yntrigearret ek om oare redenen. Yn dy krite leit de oarsprong fan it doperske leauwe: de grûnlizzer dêrfan, Menno Simons, waard yn 1496 berne yn Wytmarsum.

In oare romrofte soan fan de streek is Pier Gerlofs Donia, alias Grutte Pier, de legindaryske Fryske frijheidsstrider dy`t 16 jier earder berne waard yn Kimswert.

Blykber is de streek like ynspirearjend as yntrigearjend: it oantal keunstners en galeryen leit dêr opfallend heech...

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland

Relatearre ynformaasje


Finsters