Deel:


De smidderij fan Folsgeare

 

Op 22 maaie 1870 trout Sybe Cornelis syn dochter Trijntje mei smidsfeint Lourens Lutgendorff út Snits. Sybe wol dat it jonge stel nei harren houlik in goede start meitsje kin. Hy hat dêrom in oerienkomst sletten mei timmerman Pieter Willems Twijnstra út Folsgeare. Pieter Willems bout oan de Tsjaerddyk in smidderij en Lourens Lutgendorff sil it pân foar teminsten fiif jier hiere, foar in bedrach fan fl 169 yn it jier. Sybe Corenelis Nijdam stiet, as eigner fan in skipmakkerij yn Snits, foar it jonge stel garant.

 

Lourens en Trijntje fêstigje harren neffens plan nei harren houlik oan’e Tsjaerddyk. Lourens Lutgendorff is in tige eigensinnich persoan en hy hat al gau spul mei de tsjerkfâden en oare minsken yn it doarp. Nei fiif jier hat Lourens Lutgendorff it dan ek wol besjoen yn Folsgeare en keapet hy de smidderij fan Ynte Roode yn Makkum.

Timmerman Pieter Willems Twijnstra giet fuort út Folsgeare en wurdt boer yn Abbegea. Hy wol ôf fan’e smidderij en set de saak te keap. Hendriekus Monkel, stedsomropper út Snits, bringt in bod út fan fl 1661, - . Dit bod wurdt ôfwezen en it pân wurdt út de ferkeap helle. Nei it fertrek fan  Lourens Lutgendorff  yn maaie 1875, komt Albert de Hond as nije hierder yn it bedriuwspân foar in termyn fan twa jier. Hy betellet in oansjenlik leger hierbedrach fan fl 140, - yn it jier. Twijnstra wol dochs fan it pân ôf en yn 1876 komt it wer te keap. Petrus Jentjes Greydanus, bouboer yn Easthim, wurdt foar fl 1740, - de nije eigner.

 

Zie voor meer informatie:

De smederij van Folsgare, nl
De smidderij fan Folsgeare, fr





















© Tekst: Wytske Heida - © Foto voorblad: uitg. van der Meulen bv Sneek

De smidderij fan Folsgeare
©: uitg. van der Meulen bv Sneek
De smidderij fan Folsgeare
earste stien foar de smidderij lein yn 1870 (©: db Folsgare)
De smidderij fan Folsgeare
kaartsje 1870 (©: db Folsgeare)
De smidderij fan Folsgeare
De smidderij om 1916 hinne (©: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek)
De smidderij fan Folsgeare
brievekaart Andries Bouma (©: archief db)
De smidderij fan Folsgeare
Bouma pân Snits (©: archief db)
De smidderij fan Folsgeare
Krante út 1923 (©: lc)
De smidderij fan Folsgeare
Advertinsje 1024 (©: lc)
De smidderij fan Folsgeare
Smidderij ein jierren 1920 (©: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek)
De smidderij fan Folsgeare
it gebou anno 2021 (©: Wytske Heida)
De smidderij fan Folsgeare
Hikke mei de tekst Memento Mori (©: db Folsgare)


Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur van het item. (Wytske heida)