Diakonyhuzen

Diakonyhuzen
©: PBG - zicht op de Diakoniehuizen vanaf de weg in de jaren zestig

Hjir sjochst wat oars as op de foto (hûsnrs 7 - 9).  Op dit plak stienen nammentlik oant 1966 ta trije húskes ûnder ien kap. De saneamde diakonyhuzen. Tabehearrend oan de tsjerke. Lofts wenne Jan Boelens mei syn gesin. Hy wie boerefeint en troud mei Geartsje. Yn ‘e midden wennen Hindrik en Anna Bakker mei harren gesin. Hindrik hannele yn fodden, âld izer, bargen en kninen en wie ek skiepskearder. Syn frou Anna wie poppefangster en hat in hiel soad lytse bern ut it doarp op’e wrâld holpen.

Rjochts wenne Sybe de Groot. Hy wie frijgesel en min op’e fuotten. Hy hie in komelkerij op it plak wêr’t no It Hof nr. 34 stiet. De molkbussen brocht er moarns nei it stap oan de Lykfeart en dy waarden dan ophelle troch molkfarder Brugt Bergsma en nei de fabryk brocht. Sybe, yn it doarp grutte Sybe, hie fierder noch stikken lân op de Grutte Griene om syn kij weidzje te litten en om hea te winnen foar it winterskoft. 

De ûnbewenne eilannen Lytse- en Grutte Griene skiede de Snitsermar fan de Goaiïngarypster Puollen. No is it yn hannen fan Steatsboskbehear, mar eartiids gongen de boeren mei harren preammen nei de oare kant om te meanen en hea te winnen. Se namen dan de hynders en it ark mei oan board.

 

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - zicht op de Diakoniehuizen vanaf de weg in de jaren zestig

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)