Dyckhuistera state en Scheender state

Dyckhuistera state en Scheender state
©: Schotanus 1718

Yn de Folsgeasterhim steane yn de 15e /16e iuw yn it ferlingde fan de Ringdyk rjochting Folsgeare twa pleatsen, Scheender state en Dyckhuistera state. Scheender state wurdt fóar 1700 ôfbrutsen. De namme Scheender state giet letter oer nei Dyckhuistera state, dy’t dan dus Scheender state neamd wurdt.

De âlde Middelseedyk rûn fan Tirns ôf rjochttroch lâns Folsgeare rjochting Easterbuorren. Yn in stoarmfloed ein 11e iuw is der in dyktrochbraak. De Grienedyk en de Brededyk wurde om it gat hinne oanlein.

Op de resten fan’e dyk wurde letter de twa earder neamde pleatsen boud. De noardlike pleats hjit Scheender state nei de slinke dy’t yn de Middelsee ûntstien is. De súdlike pleats hjit Dyckhuistera state, om’t dizze boud is op de resten fan de Middelseedyk.

Op de âlde Middelseedyk binne fan 1977 ôf de wenningen Ekersein 13, 15, 17, 19 en 21 boud.

Scheender State

Yn 1640 is de hear Nauta eigner fan Scheender State. Gerlse Douwes is brûker. Yn 1698 binne de erven jonkhear Tjalling van Sixma en Bavius Nauta elts foar de helte eigner.  Claes en Dirck Jacobs binne de brûkers. Koart foar 1698 is Scheender State  nei alle gedachten ôfbrutsen.

Floreen nûmer 35 wurdt yn 1700 sa beskreaun:

Claes Willems c.s eigenaar van negen p/m lands genaamd het Dou’ land lopende met de oostkant aan Nauta afgebroken huisstede wordende bij Jentie Heeres gebruikt bezwaard met vier floreen. Jhr Tialling van Sixma ende Juffr Nauta eigenaars van een Zathe lands groot twee en dertig p/m wordende bij Jan Teedes gebruikt hebbende de grietman Tjiaards van Aijlva erven ten zuiden Frans Staak ten westen de Groenedijk ten noorden en de Rijdweg naar Sneek ten oosten bezwaard met vijftien floreen (Rijdweg naar Sneek = Brededyk)

Dyckhuistera state

Widdofrou Teed Gerloffs is yn 1511 meijer (hier- of pachtboer) op Dyckhuistera state.  Goffe Piers van Sjaerdema is de eigner, hy wennet yn Toppenhuzen. Goffe Piers is troch fererving eigner wurden fan de Sjaarda huzen dy’t yn Abbegea, Folsgeare en Toppenhuzen stien hawwe. Dizze huzen of stinsen binne fóar 1500 ferwoastige yn de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Yn it benefisjaal boek fan 1543 stiet dat de tsjerke fan Folsgeare lân noardlik fan it Middelpaad besit. It lân dêrneist wurdt as Goffe Piers syn lân oantsjutten. Goffe Piers syn soan Hobbe Zyarda (Sjaarda), troud mei Fokel van Roorda, erft Dyckhuistera state yn Folsgeare fan syn heit. De grêfsarken fan Hobbe en Fokel lizze ûnder de flier fan de tsjerke yn Folsgeare. Dêrtroch witte wy dat Hobbe op 27 novimber 1557 en Fokel op 8 july 1558 ferstoarn is. 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Schotanus 1718

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)