Easthimmerwei 1

Easthimmerwei 1
©: archief DB Folsgare

It is 29 jannewaris 1864. In spannende dei foar Sijmen Sipkes Kooistra, boer op Folsgeasterleane 4, Teade Ruurds Abma, boer op Folsgeasterleane 2 en Klaas Ruurds Abma, boer te Tsjalhuzum. It melken is gau hastich dien makke en yn it sneinske pak steane hja klear om mei elkoar nei Snits ôf te reizgjen.

Hjoed sil notaris C.J. Jorritsma de akte fan boelskieding fan Hiltje Klazes Wiersma, widdofrou fan Ruurd Freerks Abma, iepenbier meitsje. As de notaris klear is mei it foarlêzen fan de akte, beseft Sijmen Sipkes Kooistra dat hy fan de buorkerij moatte sil. De buorkerij dêr’t hy mear as tweintich jier buorke. Tweintich jier, dêr’t Sijmen in soad tsjinslach yn hat en  twa kear widner wurdt. Yn 1842 trout hy mei Baukjen Ruurds Abma. Nei har ferstjerren trout Sijmen  yn 1856  wer mei Johanna Gosses Bootsma.  Dit houlik duorret mar fiif jier. Johanna ferstjert yn 1861. Sijmen trout op’e nij, no mei Sytske Postma út Folsgeare. Hja is widdofrou.

Sijmen syn buorman, Teade Ruurds Abma, wurdt de nije eigner fan de buorkerij.

Sijmen Sipkes wol fierder buorkje en beriedt him mei syn heit Sipkes Gabes Kooistra. Dy  is boer  op Scheender state. Syn heit is wilens 73 jier en wol it wol wat rêstiger oan dwaan op in lytsere buorkerij. Hjirtroch kin Sijmen Sipkes boer wurde op Scheender state.

Syn heit keapet yn maaie 1864, tegearre mei Klaas Feddes Breeuwsma, perseel C nûmer 46, grut twa bunder en njoggen en sechstich roeden. It greidelân wurdt opsplitst in twa stikken. It súdlike part, nûmer C 585, komt by de buorkerij fan Klaas Feddes Breeuwsma. It noardlike stik, nûmer C 586 wurdt eigendom fan Sipke Gabes Kooistra. Beide stikken grûn wurde skieden troch in stikje nij groeven sleat.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief DB Folsgare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)