Folsgeare 1940-1945
De Twadde Wrâldoarloch is yn Folsgeare relatyf rêstich ferrûn. De oarlochsjierren ha lykwols wol deeglik harren spoaren efter litten, al is der net in soad oer bekend. Yn dit finster binne ferskillende nijsgjirrige saken by elkoar brocht.
It earste dat bekend is, datearret al fan foar it útbrekken fan’e oarloch.
By it ferbouwen fan’e twadde skoalle fan Folsgeare komt der in tekst foar it ljocht dy’t op 13 septimber 1938 op in wand skreaun is. Timmerman Thomas Stallinga ( Tsjaerddyk 22) uteret dêryn syn soargen oer it útbrekken fan in nije oarloch.
Hy hat it goed foarsjoen. Nei de ynfal fan Dútslân yn Poalen ferklearje Frankryk en it Feriene Keninkryk op 3 septimber 1939 nazy Dútslân de oarloch. De Twadde Wrâldoarloch is in útmakke saak.
Under mear op Strûpenkeal ha in soad ûnderdûkers in feilich skûlplak fûn. Feike van der Velde wenne yn’e oarloch as bern op dizze buorkerij. Hy fertelt dat der bytiden wol sân ûnderdûkers op’e buorkerij wennen. Yn’e tún by de famylje stie in spegel dy’t rjochte wie op it paad fanút it doarp nei de buorkerij ta. Fanút it hûs wie dan altyd te sjen oft der immen oan kaam en wa. Yn it doarp hongen guon minsken ek wol spegels op oan’e beammen. Sa koene hja ek yn’e gaten hâlde wa’t der oan kaam.
De measte ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch yn Folsgeare geane oer it grutte tal ûnderdûkers dy’t yn dizze tiid yn it doarp in feilich ferbliuwplak hiene.
Locatie
Folsgare
Zie voor meer informatie:
Folsgare 1940-1945, nl
Folsgeare 1940-1945, fr
© Tekst: Wytske Heida - © Foto voorblad: dbfolsgeare

©: dbfolsgeare

Haitze Wiersma (©: Dorpsbelang Folsgeare)

Familie Posthuma (©: Wout Zijlstra)

tekening Johannes Beute (Tjitse) (©: Atse Bruin)

De Lastdrager, 1915 (©: Dorpsbelang Folsgeare)

De kelder op de achterzijde van de boerderij (©: Tjeerd de Boer)

Anna de Rooij ( Dora) (©: zietsma)

De schuilplaats op zolder bij Sweering (©: Wytske Heida)

Anna de Rooij 1943 (©: zietsma)

Torenklok (©: Dorpsbelang Folsgeare)

kinderen bij de bomkrater (©: Dorpsbelang Folsgeare)

boerderij Speerstra (©: Wytske Heida)

Schilderij van de boerderij op Tsjaerddyk 27 (©: Wout Zijlstra)
