Folsgeare, de namme

Folsgeare, de namme
©: Atse Bruin

Folsgare is om de alfde iuw hinne ûntstien oan’e râne fan’e Middelsee.

Wêr komt de namme  Folsgare/ Folsgeare wei?

De Plaatsengids en Wikipedia ferwize beide nei it Aldfryske gâra = geer, in kilich, puntich tarinnend stik lân dat yn besit is fan in persoan mei de namme Foldo of bewenne waard troch immen mei dy namme.

Yn’e Encyclopedie van Friesland (1958) ûnder redaksje fan Prof. Dr. J.H. Brouwer stiet ûnder Folsgare / Folsgeare:  gare = landtong, met mansnaam?

It twadde part fan’e namme:

Ut de list mei skriuwwizen fan it doarp docht bliken dat it efterheaksel earst foaral foaral “gara”  wie y.p.f.  “gare”.  De feroaring fan “gara” nei “gare” hat yn’e rin fan’e tiid syn beslach krigen.

De Plaatsengids  en Wikidedia wize der op dat yn it Aldfrysk “gâra” betsjut:  kilich, puntich tarinnend stik lân.

De Encyclopedie van Friesland skriuwt dat “gare” oerde betsjut.

In greide krekt westlik fan Schenerstate, hat yn’e Floreen kohiers fan 1700 de fjildnamme “de Gare”. Dit stik lân grinsget oan’e noardkant fan it Middelpad of Legedyk. Dizze namme is faaks de oarsprong foar de nammewiksel fan it efterheaksel fan it doarp. De âlde betsjutting wie grif yn’e rin fan’e jierren net mear fan tapassing of bekend en beide, it doarp en de greide  sille in oerde west ha.

“Te gaer” betsjut yn it Aldfrysk “by elkoar komme”.

“Gear” yn it Frysk hat deselde betsjutting as “Gara” , dat de Fryske namme hat de âlde betsjutting oernommen.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)