Gerben Abma

Gerben Abma
©: Tresoar Haye Bijlstra

Gerben Abma is berne op 29-03-1932 yn Folsgeare dêr`t syn heit boer wie. Op dizze buorkerij oan`e Folsgeasterleane ha dan al generaasjes lang Abma’s buorke. 

Gerben wie de sechsde yn in rige fan totaal tsien bern en groeide op yn in tsjerklik rjochtsinnich fermidden.

Nei de middelbere skoalle, HBS-B, helle hy it steatseksamen gymnasium A. Dêrnei studearre hy teology oan’e universiteit fan Amsterdam. Nei it kandidaatseksamen feroare hy fan stúdzjerjochting en gie fierder mei skiednis, dêr’t er yn ôfstudearre. Dêrneist hat hy as byfak Fryske taal- en letterkunde studearre. Nei syn  doktoraal yn 1963 folge hy noch in oplieding ta wittenskiplik archyf ambtner. Hy is dêrfoar slagge.

Abma waard leraar skiednis en Frysk oan it Stedelijk Gymnasium en de Stedelijke Scholengemeenschap yn Ljouwert en de  Rijksscholengemeenschap yn Snits. De skriuwster fan dit finster, Wytske Heida, hat yn Snits Fryske lessen fan Gerben Abma folge en fan him de taal skriuwen leard. De lessen wiene fakultatyf en waarden jûn nei skoaltiid. Abma joech syn lessen mei strakke dissipline, gjin romte foar grapkes. It groepke wie net grut, de lessen holden op doe’t der net genôch animo mear wie.

Mei syn oare helte Sjoukje Bakker, dy’t as ûnderwizeres de middelbere akte skiednis helle hie, sette hy him te wenjen yn Ljouwert, earst oan’e Nijlânsdyk, letter yn in prachtich hûs oan’e Emmakade. Sy krigen tegearre twa dochters.

Locatie

Folsgare

© Foto voorblad: Tresoar Haye Bijlstra

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’sDokuminten





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)