Gerben Willem Abma

Gerben Willem Abma
©: Niels Westra

Gerben Willem Abma is op 12 july 1942 berne yn Folsgeare. Hy is de jongste út in húshâlding fan tsien bern. Syn heit wie in boer dy’t teologyske boeken lies en de Bibel letterlik naam. Se wennen op, sa’t dy no noch yn Folsgeare neamd wurdt, de Abma’s pleats. Dizze pleats hat goed 130 jier yn it besit fan de Abma famylje west.

Willem Abma syn heit Jelle Ruurds en mem Doutsje Tjitzes Bouma kamen op de pleats yn 1929, nei’t se earst yn Nijlân buorke hiene. Jelle en Doutsje rieden mei twa bern ( Hessy en Tsjitse)  op’e wein en it hynder derfoar nei Folsgeare. De âldste dochter Ruurdtsje en de faam rûnen der efteroan.

Yn 1965 nimt de âldste soan Ruurd Teades Jelles it bedriuw oer fan harren heit.  Hy lit yn 1975 in lisboksstâl nêst de pleats sette foar 75 kij. Letter is der noch in útwreiding nei 120 kij. Yn 1992 komt Willem syn neef Bouwe Ruurds op de pleats.

De gemeente Snits keapet it bedriuw foar de oanlis fan de nije súdlike rânewei om Snits. Bouwe Ruurds ferhûzet op 18 desimber 2001 nei Winsum. De pleats wurdt sloopt yn likernôch 2003. In leech terpke yn it lânskip en in grêft mei beammen der om hinne binne de stille tsjûgen op it plak dêr’t de âlde pleats stie.

It paad nei de pleats  waard destiids ek wol “Reade leane” neamd, nei de stikkene dakpannen dy’t tsjinnen as ferhurding fan it paad. Abma neamt de leane griffermeard, om’t er kronkelet.

Locatie

Folsgare

© Foto voorblad: Niels Westra

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)