Het reidpôltsje aan de Tsjaerddyk, nr 24 en 22


Het reidpôltsje aan de Tsjaerddyk, nr 24 en 22
©: archief gemeente Wymbritseradiel

De tsjerke fan Folsgeare hie al iuwenlang in ‘reidpôltsje’ (stikje grûn, begroeid mei reid en mei reid der omhinne), kadastraal nrs. 740 en 741, oan’e Tsjaerddyk. Hoe’t de tsjerke it yn besit krigen hat, is net bekend. Nei alle gedachten is it al foar de reformaasje yn 1580 skonken oan’e tsjerke.

Yn dy tiid wie it net ûngewoan om in stik lân te skinken oan’e tsjerke. Yn ruil dêrfoar waard der foar it sieleheil fan’e ferstoarne bidden. Neffens it tsjerke-argyf wurdt it ‘pôltsje’ al sûnt 1685 jierliks foar in skaplike priis ferhierd.

Lykwols, yn it jier 1875 steane de saken der hiel oars foar. De tsjerkfâden binne warber op syk nei finânsjes om de bou fan’e nije tsjerke bekostigje te kinnen.  Se beslute it ‘pôltsje’ te ferkeapjen. In soad sil it net opleverje, mar alles is meinommen no’t de finansjele need heech is. It ‘pôltsje’ wurdt yn’e ferkeap dien, mar it duorret noch in jier foardat der immen yn ynteressearre is.

De broers Salomon ( yn Folsgeare Sake neamd ) en Sjirk Heyns, soannen fan Wilhelmus Salomon Heyns en Evertje Sikkes Goënga út Wolsum, keapje it ‘pôltsje’ op 23 maaie 1876 foar 75,-  gûne fan’e tsjerke. 

Se litte der in dûbele wenning op bouwe en heakje der in lyts stikje grûn fan’e gemeente oan ta. Salomon en syn twadde frou Anke de Jong ( troud yn 1867) wenje mei harren bern op nr. 24.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief gemeente Wymbritseradiel
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)