Hylke Rollingswier wint twa kear de Freule

Hylke Rollingswier wint twa kear de Freule
©: Roelie Anema

Yn de iere moarn fan 9 augustus 1905 is de spanning te snijen op it keatsfjild yn Wommels. Foar de tredde kear wurdt dêr de wichtichste keatswedstryd foar jonges fan 14-18 jier keatst: de saneamde Freule. Der stiet hiel wat op it spul, want der binne grouwe prizen te winnen, beskikber steld troch de freule Clara Jacoba Freule de Vos van Steenwijk. 
Achlum docht ek mei. Foar yn it perk stiet in lytse jonge. It bestjoer fan Achlum hat spesjaal oan Wommels frege as er meidwaan mei, want hy is krigel en fol libben. Hylke Rollingswier is noch mar 12 jier as er foar de earste kear meidocht oan de Freule. De Achlumers moatte daliks tsjin it favorite partoer, mar dy lêste wurdt der ôffage, se krije gjin ien earst. De Achlumers warre harren tige dy dei, mar spitigernôch reitsje se der krekt foar de prizen ôf…
Yn 1907 giet Hylke rûnom nei de keatswedstriden yn de Greidhoeke  en as er yn ‘e jûn op ‘e fyts yn Achlum werom komt hat er steefêst de krânse om ‘e nekke en 5 gûne yn ‘e bûse. Dat jier hat er wer maten en docht er ek wer mei oan de Freule. Foaryn, achteryn, opslaan wat mar it bêste útkomt, dêr stiet Hylke. Om priis en preemje moatte se tsjin Harns. It wurdt in fûle striid: 5 earsten gelyk en dêrnei nimt Harns in foarsprong en komt mei skjinne 6 foar. Mar Achlum jout gjin krimp. It wurdt 6 gelyk en in keats. Hylke slacht de bal fier achteryn it perk, de Harnsers reitsje de bal wol, mar se slane de keats net foarby. Op syn fjirtjinde jier wint Hylke foar de earste kear de Freule. In krâns en in gouden horloazje. Hy wurdt op de skouders nommen en it fjild rûndroegen. 
It jier dêrnei is Hylke fierwei de sterkste keatser yn Wommels, hy wint dat jier wer de earste priis op de Freule: in gouden keatling. De spulregels binne doe oanpast en sûnt dy tiid kinst mar ien kear de earste priis winne yn Wommels. Sadwaande komt Hylke op syn sechtsjinde yn it spul fan de folwoeksenen  en dat jier docht er mei oan de P.C. Yn de finale steane Hylke Rollingswier, Jan Kuperus en Hille Ypma foar Catrinus Werkhoven, Rein Zaagmans en Sytse Kooistra oer. Sytse slacht de ballen, dy’t leadswier binne fan de mûlenfol bier en prúmkejarre, fier achteryn allegear op Hylke. Dy wol se allegear boppe slaan, mar dat is tefolle frege foar de jonge knaap, hy is wol taai, mar dit giet te mâl. Hy komt dy dei thús mei de twadde priis. 
It jier dêrnei wint er de tredde priis op de P.C. en de preemje by de Ynternasjonale, de wedstryd tsjin België. Hy kriget in sulveren horloazje en in útnûging om ris yn Flaanderen te kommen. Yn 1911 docht er wer mei oan de Ynternasjonale. Op 5-5 en 6-6, krijt Hylke de bal fier achteryn, hy skikt him der moai ûnder en slacht fier oer alles hinne, hy wint de earste priis. Yn dat jier wint er ek de Jong Nederland en op de PC hat er de 4e priis. Op syn njoggentjinde krijt er lêst fan it skouder. Hy hat te jong, te folle dien en dat is de ein fan syn  keatskarriêre.  
Yn Achlum wurdt noch altyd in protte keatst. Se hawwe it moaiste fjild fan Fryslân, midden yn it doarp op it plak dêr’t eartiids it kleaster stie. Al yn 1896 is KV Hâld Moed oprjochte, yn 1934 komt de kristlike KV Sport en Freonskip der by. Yn 1994 binne dizze twa ferienings fusearre ta KV Achlum. Meielkoar hawwe de keatsers derfoar soarge dat der yn 2003 in kreas klupgebou del setten waard. De namme fan Hylke Rollingswier (1893-1968)  komt alle jierren foarby. In jier nei syn ferstjerren krige de keatsferiening in legaat om fan de rinte alle jierren de Hylke Rollingswier partij te organisearjen. Dat is in KNKB wedstryd foar jonges, pupillen of welpen. En sa bliuwt de namme fan Hylke Rollingswier oan it keatsen yn Achlum ferbûn.

Colofon

Leeuwarder Courant van 21-6-1941, wikipedia

© Foto voorblad: Roelie Anema



    Reageare

    Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Groep Achlum)