Tsiishannel
Yn Wommels wie destiids in wiere tsiishannel. Yn ferskate gebouen yn it doarp binne de tsiissouders noch te sjen. Faak werkenber oan de healrûne finsters. It museum "It Tsiispakhûs" sit yn in âld tsiispakhûs .
It museum "It Tsiispakhûs" is fan 1905 en hearde by it wenhûs fan de tsiishanneler, dat op de foto te sjen is. Yn it tsiispakhûs is yn de sydmuorre noch de deur nei it wenhûs sichtber. De eearste stien waard lein troch Sierd Allards Zandstra (SAZ). Syn inisjalen binne noch te lêzen yn dizze stien, njonken de yngong oan de kant fan de strjitte.
By de yngong fan It Tsiispakhûs stiet ek noch in grinspaal, dy’t oan de Slachte by Kûbaard de skieding tusken it ûnderhâld fan de diken fan de gemeentes Frjentsjer en Frjentsjerderadiel oanjout. En der is in stien te sjen dy’t it begjin fan de Slachte oanjout.
Locatie
It âld hiem 2 - 8731BR, Wommels
Colofon
Brochure Open Monumentendag Littenseradiel 2016