Kees fan de bakker
Dit is in ferhaal út de ‘Friese koerier’ fan april 1956. It ferhaal giet oer ”Kees fan de bakker”. Kees hjit eins Cornelis Livius Nauta nei syn pake dy’t fan 1855 oant hast 1885 master yn Folsgeare wie.
Kees is berne yn Folsgeare op 28 jannewaris 1887. Syn âlden binne Feike Cornelis Nauta en Japke Jans Twijnstra, allebeide ek berne yn Folsgeare. Hja hawwe yn it doarp in bakkerij (no Tsjaerddyk 30).
Kees is yn it ferhaal njoggen of tsien jier âld, dat it ferhaal spilet him ôf om 1897 hinne.
Alhoewol’t Kees yn 1956 al in goede santiger is, skitterje syn eagen noch by it tebinnenbringen fan it ûndersteande ferhaal. De reis mei de hûnen foar it weintsje mei de wettertonne yn it doarpke Folsgeare, no in sechstich jier lyn, ferjit “Kees fan de bakker” werklik wier net wer.
Zie voor meer informatie:
Kees van de bakker, NL
Kees fan de bakker, FR
UItgeverij van der Meulen bv, Sneek