Komelkerij Willem Sjerps Twijnstra ( Tsjaerddyk 26a)


Komelkerij Willem Sjerps Twijnstra ( Tsjaerddyk 26a)
©: dbfolsgeare

Yn 1855 is Willem Sjerps Twijnstra 63 jier âld en 25 jier slachter yn Folsgeare. Hy is troud mei Japke Pieters Boomsma en harren bern binne hast allegearre it âlderlik hûs út. It wurdt tiid foar wat oars.  

Se litte op’e ein fan’e  Tsjaerddyk, nêst de slachteri,j op harren eigen hiem in komelkerij bouwe mei romte foar fjouwer bisten. Willem Sjerps kin it no wat rêstiger oan dwaan mar hat dochs noch wat om hannen.

Geertje, de jongste dochter, wennet by harren yn en wurdt mantelsoarchster.

It wurdt in wenhûs mei in foar- en efterkeamer, in souder en in apart steande skuorre. De stâl is tsjin it wenhûs oan boud mei de doar nei de kowestâl oan’e dykskant. De ôffier fan’e stâl giet mei in buis ûnder de dyk troch en komt út yn’e sleat oan’e oare kant fan’e  Tsjaerddyk. Dizze sleat kriget yn it doarp al gau de bijnamme “Skytsleat”. Dizze is links op ‘e haadfoto te sjen. De komelkerij stiet op dizze foto efter de beam. De sleat rint lâns de dyk efter it tsjerkhûs en de timpel troch yn’e rjochting fan’e pastorij pleats.

© Foto voorblad: dbfolsgeare
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)