Komelkerij De Groot en foeraazjepakhûs Hooijsma

Komelkerij De Groot en foeraazjepakhûs Hooijsma
©: PBG - Hindrik Douwes de Groot voor zijn woning in jaren zestig.

It pittoreske húske op húsnr. 17 stie oant de ruilferkaveling fan 1970 oan ’e râne fan de âlde doarpskearn. Hindrik Douwes de Groot (sjoch foto) wenne dêr. Hy hie in komelkerij mei 6 kij op stâl. De molke waard alle dagen yn de molkpream nei de suvelfabryk yn Eagmaryp brocht. Simmerdeis helle Hindrik it gers fan it pôltsje lân, efter syn hûs oan de oare kant fan de Lykfeart. Hea foar de winter waard helle fan in hierd stikje lân op de Lytse Griene (lyts eilân yn ’e Snitsermar) en opslein as in grutte heabult op it hiem.

De dong út it bûthús bedarre yn in djippe rûchskerne op it hiem. Sydlings achter it hûs oan `e wetterkant, stie doe in houten hok. Dat hok waard yn 1940 ferfongen troch in nij gebou: in foeraazjepakhûs mei agraryske produkten. De nije eigener hiet Jacob Hooijsma. Op `e grutte souder leine learzens, klompen en klompsokken en ûnder wie feefoer, tou, tarre, karboleum en brânstof lykas kooks, antrasyt en aaikoallen.

De steech tusken de húsnrs. 13 en 15 even fierderop, wie eartiids breder. Al foar de bou fan it pakhûs rûn der in rail oant de Lykfeart ta, foar oan- en ôffier. In protte guod waard yn dy tiid oer it wetter oanfierd.

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - Hindrik Douwes de Groot voor zijn woning in jaren zestig.

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)