Kopsykte

Kopsykte
©: familie Hoekstra

Yn de jierren tachtich kaam ik elke wike by myn omke Sipke Hoekstra yn Broek. Ien kear op de praatstoel fertelde hy de moaiste ferhalen oer eartiids. Hjirûnder ien fan dy ferhalen.

Oan it begjin fan de 20e iuw wenne Klaas Hoekstra (myn pake) yn in lyts boerespultsje yn Broek. Klaas wie altyd skipper west en hja ferfierden ierappels, klaaimodder en stront. Op de foto, it skip wer’t hy mei fear. Wierskynlik is Klaas de man rjochts mei de kroade. Lofts fan de mêst steane syn soan Sipke en it soantsje Jan. Jan is net âlder as trije en in heal jier wurden. Sa’t Sipke it fertelde is Jan oan nekkramp ferstoarn. Skipper wêze betsjutte yn ‘e winter net folle fertsjinst dus wie it betiden goed earmoedsjen.

It boerebestean joech mear fêstichheid en sa lieten hja in pleatske sette en buorken op lân yn Súd Broek en by de Jentsjemar. Gjin grut boer fansels, dat in meifallerke op ,‘e tiid wie fan herte wolkom. Dat meifallerke kaam.

By buorman Pekema rakke in ko dea. Kopsykte, fertelde omke Sipke letter oan my. Kopsykte is wat we no de "gekke koeienziekte neame". It bist hie wakker spinfuotte en wie yn in pear oeren dea. Dúdlik wie dat de ko net slachte wurde mocht, nee dy moast djip bedobbe wurde en dat ûnder tasicht fan de plysje. Broek hearde doe by Doanjewerstâl dat de plysje, yn dit gefal de fjildwachter fan Langwar moast tasicht hâlde en proses-ferbaal opmeitsje.

Mar it gie oars. Klaas Hoekstra koe de ko krije en slachte it bist. Mar de plysje dan? Gjin noed. De ko, dat wol sizze, de kop mei it fel der noch oan, waard kreas yn in kûle lein en de fjildwachter koe wol komme. No mocht de fjildwachter graach in slokje en de flesse stie al klear. Knap toarstich seach er it spul ris oer. It lei der mar kreas hinne en wat hie er dochs in droege kiel. Heech tiid om dy efkes goed te smarren. Hy waard it hûs yn noege en naam der ien op en dêrnei noch ien. Wa wit hoefolle, mar genôch om proses-ferbaal op te meitsjen.

Fan de slachte ko hat nea immen lêst hân.

Gjin fantasy, in wier ferhaal.

Sipke Hoekstra

© Foto voorblad: familie Hoekstra



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Broek)