Winkelman Hooijsma

Winkelman Hooijsma
©: PBG - Jacob in zijn winkel in de jaren vijftig

Oan de oare kant fan It Hôf, op hûsnr. 28, hienen Jacob (sjoch foto) en syn frou Anna Hooijsma in winkel, mei oan de rjochterkant de wenromte. Hjir die it doarp de deistige boadskippen (kofje, tee, moal, sûker, bûter, sjerp, earte en beane, snobbersguod). Der waard fan alles ferkocht en der wie eins gjin nee te keap. Oan de muorre hong de brievebus fan it doarp.

Jacob gong moarns fia in fêste rûte by de pleatsen en huzen del om de boadskippeboekjes op te heljen. Earst nei de iene kant fan it doarp, dan wer nei hûs om kofje te drinken en nei de kofje nei de oare kant fan it doarp. Underwyls sette syn frou Anna de boadskippen klear, dêr ’t in soad produkten fan ôfwoegen wurde moasten. Yn de boadskippeboekjes waarden de jildbedraggen opskreaun en nei it middeisiten waarden de bestellingen rûnbrocht. Ek feefoer ensfh. út it foeraazjepakhûs (fan ’e oare kant op hûsnr. 15) waard dan útsutele.

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - Jacob in zijn winkel in de jaren vijftig

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)