Mâle Jan

Mâle Jan
©: Ph.H. Breuker en R.N.H. Boerma

Yn de Burkery, in anonym Frysk dichtstik dat fan Feike van der Ploeg wêze sil, wurdt in Beltsumer merke beskreaun, dêr’t Mâle Jan as ien fan de bekendste dravers ek by neamd wurdt

Dat wurk kaam út yn 1774 en doe moat Mâle Jan al jierren bekend west hawwe. Der is yn partikulier besit nammentlik in skilderstik út 1768 fan it hynder bewarre, dat ôfsjoen fan in pear lytse ferskillen yn de eftergrûn, tige liket op de tekening út it Frysk Museum

It mist net dat de iene neffens de oare makke is, of dat se beide troch deselde makke binne. It hynder op de heiling liket dêr lykwols net folle op. Blykber hat Petrus dy oare ôfbyldings net ta foarbyld hân. Syn hynder liket mear op in rashynder as op in hurddraver, sa’t foaral oan de lange sturt te sjen is.

Hurddravers op âlde ôfbyldings hawwe altyd koarte sturten. It gong Joast dêrom faaks foaral om propaganda foar it Fryske hynder yn it algemien, dêr’t er by dizze gelegenheid dit iene legendaryske hynder dan goed foar brûke koe. Hy sil fan Mâle Jan witten hawwe út de publikaasjes fan syn fereare learmaster Van Swinden en oaren, dêr’t er nei ferwiist

Wa’t it skilderstik meitsje litten hat, is te rieden. It kaam sa'n sechstich-santich jier ferlyn op in boekestaltsje yn de Achterhoek foar ’t ljocht. Sokke stikken hongen oars wol yn herbergen. Dat soe dus yn Easterwierrum sels west hawwe kinne. Sa hong der yn it lêst fan de njoggentjinde ieu noch in ôfbylding fan in hynder yn de gelachkeamer fan it Diemermearske Rjochthûs by Amsterdam. Dêr stie op: "De beroemde Tijger, die in één jaar alle Stadszweepen gehaald heeft in Friesland, op Sneek na, daar de baan te kort was. 1798". Dat hynder Tiger is blykber ek nei Hollân ferkocht. Ut it deiboek fan Sluiterman (dat fan 1778 oant 1785 rint), docht bliken dat it eigendom wie fan Klaas Mosk te Beltsum, en yn 1784 en 1785 prizen yn Fryslân wûn.

 Sjoen it byskrift by de tekening yn it Frysk Museum, kin ek oan Rotterdam tocht wurde. Dêr stiet nammentlik ûnder: "Malle Jan de Beroemste Harddraver van Europa te Rotterdam door een liefhebber naar het leve getekend en in kooper gegrift". Soe it sylhouet fan in stêd op ‘e eftergrûn Rotterdam ek wêze? Foar Warkum hat it tefolle tuorren. De Amsterdammer Jacob van der Laan, oan wa’t Hette Eelkes (Altena) Mâle Jan ferkocht, hat grif ek in hynstekeapman west. Sluiterman ferkocht yn 1782 teminsten oan him ek in hynder en kocht fan him in oaren werom. Dat er út Amsterdam kaam, stiet der net iens by. Sa bekend wie er yn Fryslân blykber. Faaks hat dy it dan oan ien yn Rotterdam ferkocht? Altena op syn bar hie it hynder faaks út Easterwierrum. Yn alle gefallen wie it de Easterwierrumer Tsjomme Haijes dy’t neffens de tekst op it skilderstik it hynder draven leard hie.

Easterwierrum wie yn de achttjinde ieu in ferneamd hynstesintrum, faaks wol fan Europeesk nivo, krekt lykas neffens de byskriften Mâle Jan sels. It Fryske hynder hie sûnt âlde tiden rûnom yn Europa al in grutte namme. Yn 1786 neamde Adriana van Overstraten út Bergen op Soom yn har gedicht "Lof van den Vaderlanschen Landbouw", "Vrieslands paardenmarkt Europa’s kermis".

De grutste hynstekeaplju yn Fryslân sille doe yn Easterwierrum wenne hawwe. Dat wienen meiïens ek allegearre boeren. Ien fan har wie Klaas Tsjommes (ca. 1709-1982), de heit fan Haije Klasen en foar ’t neist in omke fan Tsjomme Haijes, dy’t lykwols faillyt blykt te wêzen doe’t er stoar, mar de foarnaamsten hawwe grif de fermoogjende keapman Reinder Tseards (1690/1-1776) en Jouw Gerlofs west mei harren soan en skoansoan Tseard Reinders (ca. 1733-1797).

Fan dizze trije is bekend dat se hiele Fryslân en Grins trochreizgen om hynders en hea en in soad nei Hollân ferkochten. In yndruk fan it fermidden dêr’t se yn ferkearden jouwe de nammen fan it selskip dat op 13 septimber 1780 de middeis by Tseard Reinders op besite wie: útsein de widdo fan Jouw Gerlofs en har dochter en Adema en frou fan Frjentsjer (foar’t neist de skoanâlden fan dy jong widdo wurden dochter) wienen dêr ek de heareboer Sluiterman fan Jorwert, Durk Fontein (tink dy fan Salwert, omdat dy datselde jiers dêr al earder op besite west hie, neistheareboer ek stienbakker en houtseager) mei in net by namme neamde sweager (dr. Georgius Coopmans, dokter te Frjentsjer?) en Hannema fan Harns, Jan foar’t neist, de jeneverstoker.

 Sy hâlden ek hurddravers, en wûnen ek wol prizen. Yn 1781 bygelyks wûn de jonge Reinder Tseards de priis by it belslydjeien te Ljouwert en letter dat jiers op Dokkumer merke, beide kearen mei it hynder fan syn sweager Michiel Ijsselmuiden fan Grou, en Haije Klasen wûn de priis op Ljouwerter merke. Tsjomme Haijes wurdt foarsafier’t nei te gean falt, nea neamd. Soe dy stoarn weze? Of siet er bûten Fryslân?

Hurddraven sels wie trouwens ek in foarname port. Der sieten aristokratyske trekjes oan, of faaks moat men sizze dat it dy yn it begjin fan de njoggentjinde ieu krige. Sa wienen by de lju dy’t yn 1792 en 1793 en fan 1800 oant 1820 meidienen oan de draverij op Frjentsjerter merke, Schwartzenbergh (1809 oant 1811, it earste jier fan Hichtum, dêrnei fan Ljouwert) en Sytzama fan Friens (1817 en 1818), de lettere gouverneur fan ‘e provinsje. It wie echt in Frysknasjonale sport wurden, krekt wat foar de Halbertsma’s en foar in heiling by gelegenheid fan in keninklik besyk. De kening joech sûnt 1823 in gouden swipe foar de hurdraverij te ljouwert. (by side 81) Yn ‘e tekst stiet ynstee fan 53 De Lange 54.

Colofon

Ph.H. Breuker en R.N.H. Boerma, jannewaris 1999

© Foto voorblad: Ph.H. Breuker en R.N.H. Boerma



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (De Easterwierrumer Freonenrûnte)