Meinte Jelles Abma

Meinte Jelles Abma
©: Wytske Heida

Meinte Jelles  Abma wurdt berne  op 2 septimber 1930. Hy is it fiifde bern yn de húshâlding fan Jelle Ruurds Abma en Doutje Tjitses Bouma. Hy wurdt grut op in buorkerij, krekt bûten Folsgeare, oan’e ein fan de saneamde ‘Reade Leane’

( sjoch ek finster:  Folsgeasterleane 15 )

Meinte giet nei de legere skoalle yn Folsgeare, nei de Rehoboth-mulo yn Snits en docht dêrnei noch de  A-afdieling fan de Ryks-HBS yn Snits.  Hy begjint syn karriêre op de gemeentesekretary fan Snits. Hy is, lyk as syn heit dy’t gemeenteriedslid is yn Wymbritseradiel, in “wisse prater” en hâldt net fan grutsprekkerij.  Nei acht moanne giet hy nei Schoonebeek yn Drinte dêr’t hy in jier bliuwt. Dêrnei wurket hy goed twa jier yn Zoelen, in doarp yn de gemeente Buren, provinsje Gelderlân.  It neikommende steanplak, foar in tiidrek fan trije jier, is Eibergen yn de  gemeente Berkelland yn de Achterhoek. Dêrwei ferhuzet hy nei de gemeente Westland,  wer foar in skoft fan trije jier. Tusken de bedriuwen troch hellet hy yn’e jûnsoeren de diploma’s ‘Gemeente Administratie’ en ‘Gemeente Financiën’.

Fan 1 juny 1960 ôf giet hy oan it wurk yn de gemeente Maartensdijk as haad gemeentefinânsjes en as loko-sikretaris.

Yn 1968 trout hy mei Gijsje Berdina Johanna (Bep) de Nooij, ferpleechster, út Den Haach. As Haachse komt se yn in suvere Fryske famylje terjochte en leart by it útfanhûzjen  yn Folsgeare, it Frysk te ferstean. Meinte en Bep adoptearje twa bern fan Kreta. De âldste kriget de namme Jelle Michalis en de jongste Meinte Gerben Willem. Meinte studearret yn syn frije tiid tusken de bedriuwen troch rjochten yn Utert en hellet yn oktober 1970 syn doktoraal bestjoersrjocht mei as haadfakken steats- en administratyf rjocht.

Meinte Abma hat ambysjes en mei tweintich jier bestjoersûnderfining sollisitearret hy nei de boargemastersfunksje yn Hennaarderadeel. Hy wurdt oannommen en Meinte Abma komt mei syn húshâlding yn 1973  werom nei Fryslân. 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Wytske Heida

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)