Monumint de Hoanne

Monumint de Hoanne
©: A. Bruin

Minsken dy’t op ‘e fyts of mei de auto fan Ysbrechtum nei Nijlân ta ride, komme lâns in opfallend monumint. In monumint wêrfan it net foar eltsenien daliks dúdlik wêze sil wat de betsjutting en oarsprong is. As je de muoite nimme om it better te besjen, sjogge je in izeren skulptuer fan in grutske hoanne op in hege stiennen sokkel. De plakette op it monumint makket dúdlik dat it om in monumint foar de omkommen minsken yn de Twadde Wrâldoarloch giet. Ek yn Wymbritseradiel hat de oarloch in soad slachtoffers makke. Dêrom moast der in tinkteken komme. Yn 1946 wurdt troch it gemeentebestjoer in kommisje oansteld dy’t de taak hat it oprjochtsjen fan in oarlochsmonumint te realisearjen, mei as doel de omkommen minsken fan de Twadde Wrâldoarloch út de gemeente Wymbritseradiel te betinken en de befrijing libben te hâlden. 

It architektenburo Goodijk en de Vries út Snits kriget de opdracht. Se komme mei in ûntwerp foar in betinkteken dat bestiet út in 10 meter hege pylder wêrop in kraaiende hoanne komme moat te stean mei in passende tekst yn de pylder. Foar de kraaiende hoanne wurdt byldhouwer Willem J. van der Valk út Eelderwolde oanlutsen en foar de tekst wurdt A.Tamminga frege. Om in gaadlik plak te sykjen wêr’t it monumint stean moat, meitsje boargemaster Tjaberings en byldhouwer van der Valk mei de auto in omreis troch de gemeente. It monumint kriget in plak op de krusing fan Rykswei 43 en de Brededyk. It stiet hjir tusken de doarpen Nijlân, Tsjalhuzum, Ysbrechtum en Folsgeare yn, oan de drokste dyk yn de gemeente en yn in wrydske omjowing.

© Foto voorblad: A. Bruin

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)