Nieuwbouw aan de Tsjaerddyk

Nieuwbouw aan de Tsjaerddyk
©: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

Nei de 2e W.O. bestiet Folsgeare noch hieltyd út ien strjitte, de Tsjaerddyk, dy’t gauris ek de Buorren neamdwurdt. Oan dizze strjitte stean de tsjerke, de skoalle, de pastorij pleats en sechtsjin, meast âldere, wenningen. It doarp hat lykwols ferlet fan nije wenningen want hierwenningen binne der hast net mear. De Tempel is ôfbrutsen en de wenningen oan it Streekje binne âld. Fan’e twa hierwenningen fan’e tsjerke, is it hûs oan’e noardkant ferkocht en it hûs oan’e súdkant fan’e Tsjaerddyk is âld en tige lyts.

Dorpsbelang is der drok mei dwaande om nijbou te realisearjen. Yn 1948 is it safier dat der oan’e noardkant fan’e Tsjaerddyk, nêst it eardere tsjerkehûs, tsjin it hûs fan oannimmer Marten Eppinga oer, twa blokjes fan twa ûnder ien kap wenningen boud wurde sille.

Fanút syn wenkeamer kin Eppinga folgje hoe’t de bou fan’e wenningen troch boubedriuw Feenstra út Nijlân ferrint. As der tidens de bou in swiere stoarm oer it doarp lûkt, lizze de kajuten fan’e nijbou op strjitte. Nettsjinsteande de tsjinslach wurde de sosjale hierwenningen yn 1949 oplevere. Se krije de nûmers  Folsgeare 10, 9, 8 en 7.

Dizze nûmers wurde yn 1974 omsetten yn Tsjaerddyk 33,  35,  37 en 39 .

De wenningen wurde yn it begjin brûkt as arbeiderswenningen foar de boeren yn en om Folsgeare hinne.

Yn septimber 1949 ferhúzje Hendrik Johannes Oppenhuizen en Annigje Tjalsma mei harren fiif bern  fanút Easthim nei it earste nijbouhûs yn Folsgeare, sjoen fan Nijlân ôf, nummer 33. Hendrik wurket by Hessel Boschma op Walma State.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)