Pastorij en pastorijhôf

Pastorij en pastorijhôf
©: PBG - luchtfoto uit de jaren vijftig

De pastorij op hûsnr. 26 hearde by de tsjerklik herfoarme gemeente Goaiïngaryp-Broek. De earste stien fan de nije pastorij is lein yn 1865 troch predikant Petrus Holkema. Dit stiet op it tablo neist de foardoar mei de nammen fan de tsjerkfâlden derby. It oarspronkelike âlde gebou hie in puntdak. Yn 1932 gong de lêste predikant út Goaiïngaryp-Broek nei Oppenhuzen en waard de wenning ferhierd oan it gesin fan de weduwe De Vries.

Der wenne ek Rinse Visser as kostgonger by yn. Yn lettere jierren wennen der meardere family’s yn dit hûs. Yn de pastorijtún wienen de grientetún en it appelhôf oan de súdside. Fan de rispinge koe it hiele doarp meigenietsje.

Yn dizze tún steane sûnt 1964 twa blokjes huzen mei elk twa wenningen (nrs. 18-24). Dizze huzen binne boud omt de diakonyhuzen ôfbrutsen waarden en de bewenners nije húsfesting nedich hienen. It oansjen fan de fernijde pastorij is noch frij autentyk bleaun. It ynterieur is lykwols behoarlik feroare en oan de nije tiid oanpast. Dêrby binne spitigergenôch de âlde fryske tegels yn de keuken ferlern gongen.

 

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - luchtfoto uit de jaren vijftig

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)