Pontsje

Pontsje
©: Plaatselijk Belang Goingarijp

De pont oer de Lykfeart fart nei de jachthaven en de nije Slachtedyk. De haven wie eartiids lân en hearde by de buorkerij, no De Klokkenstoel. Letter wie it lân fan Siebe van der Leij (direkteur fan de Boerenleenbank te Akmaryp) Der waard in pream brûkt om nei de oare kant te kommen.

Yn 1963 is it lân útbaggere en no is it in haven foar moter- en syljachten. De pont dy’t hjir no fart, waard oant 1995 ta noch yn Heech brûkt, mar is troch feroaringen dêr út ‘e feart nommen en nei Goaiïngaryp sleept en opknapt. De pont fart troch it oanlûken fan in ketting troch in elektromoter. Jo moatte  twa boppe elkoar sittende knoppen yndrukke om de pont farre te litten. Nei inkelde sekonden fart de pont. Mar foardat jo dit dogge: sjoch goed út of der ek boaten oankomme. De ketting komt nammentlik omheech as de pont begjinte farren!

Colofon

Plaatselijk Belang Goingagrijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: Plaatselijk Belang Goingarijp





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)