Skoalhûs en skoalle

Skoalhûs en skoalle
©: PBG - met z’n allen in één lokaal bij schoolmeester Van der Bos (jaren veertig)

It skoalhûs (hûsnr.12) en de skoalle (hûsnr. 14) stienen eartiids ûnder ien dak, mar no binne it twa aparte gebouwen. De skoalle, it Slûske, is yntusken it tredde skoalgebou yn de skiednis fan Goaiïngaryp. It is nei alle gedachten ek it lêste yn dizze funksje.Troch it werom rinnen fan it learlingenoantal is it gebou spitigernôch sletten. In lot dat in soad skoallen yn Fryslân treft.

It hjoeddeiske gebou stiet sawat op itselde plak as de foarige twa ôfbrutsen skoallen. Der hat hiel lang in skoalle yn Goaiïngaryp west. De âldst bekende skoalmaster fan it doarp wie mr. Jan Dirkxz, `schooldienaar tot Goingharijp`. Syn wurk yn it doarp giet werom oant 1617 en yn 1633 wie er hjir noch hieltyd. Yn de twa eardere skoalgebouwen sieten alle klassen yn ien lokaal. Yn it hjoeddeiske gebou wienen de bern ferdield oer twa lokalen en wie der noch in binnenromte dy’t ek tsjinne as `doarpsromte`. It wie in gesellige romte wêr’t de wyklikse kaartjûnen, tonielútfieringen, spultsjemiddeis, fergaderingen fan Pleatslik Belang, de wyklikse rippetysjes fan de sjongferiening `Us lyts Doarpke` en ek de skoalle- en oare doarpsfieringen hâlden waarden.

Oan de súdside fan it doetiidske skoalplein stiet noch it brânwachthok mei de ferrydbere pomp. By brân waard de pomp nei it plak fan it ûnheil rôle. Yn dit wetterrike doarp wie altyd wol wetter yn de buert.

 

 

 

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - met z’n allen in één lokaal bij schoolmeester Van der Bos (jaren veertig)

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)