Skeender 2

Skeender 2
©: archief db Folsgare

Op 10 desimber 1910 komt by de gemeente in oanfraach binnen fan Sipke Simons Kooistra foar it bouwen fan ‘ene stelphuizinge’ op perseel “It Werp” ûnder Folsgeare ( Skeender 2). Hjirmei wurdt in tredde Kooistra buorkerij realisearre yn de Folgaasterhem. 

“It Werp” is in perseel dat ûntstien is yn de súdlike slink fan de Middelsee tsjin de Breede dijk oan en betsjut bûtendykslân. It perseel is yn 1850 eigendom fan de Kooistra’s wurden mei de keap fan de buorkerij op Suderbuorren  (Easthimmerwei 23).

Sipke Simons Kooistra is troud mei Trijntje van Wijngaarden. Hja wenje op de buorkerij Scheender state en wolle it rêstiger oan dwaan. Hja meitsje plak foar harren soan Sije Simons Kooistra en Antje Gerbrandy út Boazum. Sije en Antje ha besletten om yn maaie 1911 te trouwen. Sipke en Trijntje ferhúzje nei  de Skeender 2.

Sije en Antje wurde de nije generaasje Kooistra’s op Scheender State. Sije wie net de bedoelde opfolger, maar syn âldere broer Simon wurdt dûmny en dat telt swierder as boer wurde. 

Yn jannewaris stjoert Sipke Simons in fersyk nei de gemeente foar it bouwen fan in weinhûs efter de buorkerij op de Skeender. Alles wurdt goed kard. Begjin 1911 wurdt begûn mei de bou troch Wytse de Boer, de timmerman út it doarp.

De pleats hat in trochrinnende gong dy’t de skieding is tusken it wendiel en de stâl. Oan de linkerkant fan it wendiel is de pronkkeamer, yn’e midden is in sliepkeamer mei in treppen nei boppen ta en rjochts is de wenkeamer. Oan de eastkant is de haadyngong, efter de gong is de keuken mei in doar nei de skuorreed. 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief db Folsgare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)