Slúske

Slúske
©: PBG - sluiswachtershuisje bewoond door familie Van der Vaart in 1930.

By it slúske fan Goaiïngaryp wachtet in prachtich panorama: de Goaiïngarypster Puollen en fierderop de Lytse en de Greate Griene (it lytse en grutte griene lân. En dêrachter leit de Snitsermar.

It wetterlân is ûntstien yn de midsiuwen, foar in part as gefolch fan de ûntginning fan it fean, in proses dat iuwen duorre hat. Yn in part fan Goaiïngarypster Puollen waard sâlte turf wûn. Dit part fan it wetterlân, hjit dan ek de Sâltpoel (op nei Terherne). De stripen tusken de feangatten waarden troch wetter en wyn fuortslein en sa binne de mar en de puollen hieltyd grutter wurden.

It Snitsermargebiet is ûnderdiel fan it Natura 2000 - gebiet.It bekendste eilân, it Kolmarslân, is it Starteilân. Hjirwei wurdt alle jierren yn augustus it grutste sylevenemint fan Europa organisearre: De Snitswike! Dan tilt it op fan boatsjes, soms wiene it der mear as tûzen. It is ek ien fan de plakken fan it tradisjonele skûtsjesilen, it wedstrydsilen mei de âlde frachtskippen, platboaiems, dy `t oan it begjin fan de foarige iuw boud waarden om turf, dong en oare lading by de pleatsen te bringen. Mei de wedstriden yn de rêstige tiid koene de breaskippers wat byfertsjinje. Alle húsrie waard dan út it skûtsje helle en tydlik op `e kant set.

Leafhawwers fan de sylsport, mar ek tûzenen feestgongers komme alle jierren op beide wettersport- eveneminten ôf.

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - sluiswachtershuisje bewoond door familie Van der Vaart in 1930.

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)