Boeven yn it hûnegat

De Spaanske legeroanfierder Verdugo lei foar Fryslân. It slagge him net om mei in leger Fryslân binnen te kommen. Derom stjoerde er lytse ploechjes soldaten Fryslân yn. Faak wienen dy ploechjes yn boargerklean stutsen. Sy hienen de taktyk om nachts of oerdeis troch binnenpaden it lân yn te gean. As it harren slagge namen hja minsken yn gizeling en gienen dermei werom nei stânplak Stienwyk. Foar de gizele minsken fregen sy in heech losjild oan de ynwenners fan it doarp. Dizze smoarge manier fan oarlochsfieren koe der sels yn dy tiid net by troch. Steedhâlder Willem Loadewyk skreau dan ek oan Verdugo dat hy Frijbûtsers en ynslûpers beskôgje soe as strjitskeinders en harren net behannelje soe as kriichsfinzenen. Om I585 hinne kriget de Broek ek besite fan sa'n ploech Frijbûtsers. Mar de Broeksters binne op har iepenst. Al wiken wurdt der yn de omkriten wachtrûn. De tsjerke wurdt derby brûkt as wachtlokaal. Op in jûn dogge de Broeksters wer in rûnde. Al wiken moatte sy om bar in nacht opbliuwe om it doarp te behoedzjen foar Frijbûtsers. En dan yn de nacht hearre sy it geklots fan in boom. Sy fertrouwe it net, hielstil wurde de oare manlju fan it doarp der by helle en at sy mei in fikse ploech binne, sette sy op it keppeltsje snoeshanen ta. De frjemden binne krekt dwaande by de wâl op te kommen. De foaroanman fan de Broeksters freget wa't sy binne, mar oan de taal is fuort al te hearren dat de lju hjir net hearre. De frjemden besykje út te piken en it giet op in wrakseljen. Mar de oermacht fan de Broeksters is te grut. De beropsfjochters moatte belies jaan. De wapens wurde sy ôfpakt en goed bewaakt wurde sy nei tsjerke brocht. Derwurde sy ynit hûnegat ûnder de toer smiten. Der sitte sy, de fiif hiersoldaten. Fêstnommen yn de Broek, de deastraf hinget harren boppe de holle. Sa kin it bard wêze. Hoelang de Frijbûtsers der sitten hawwe, is net bekend. Wol is bekend dat de fiif soldaten letter, nei alle gedachten mear as twa jier letter, nei Ljouwert oerbrocht binne. Der moasten sy foar it gerjôcht komme. Sy krigen net de ferwachte deastraf. Der waard graasje ferliend omdat sy al sa'n skôft yn it hûnegat fest sitten hienen. Dat beslút waard nommen op 5 july 1588. It is net bekend hokker straf de manlju wol krigen hawwe. Miskien binne sy frijlitten en hawwe sy tsjinst nommen yn it leger fan steedhâlder Willem Loadewyk. Yn dat gefal hawwe sy fjochtsje moatten tsjin de Spanjerts, harren eardere baas. It hiele barren hat grif in grutte yndruk makke op de Broeksters. In hielskoft hawwe de fiif manlju yn it dampe tsjustere gat ûnder de toer sitten. Alle ynwenners sille wol ris troch it beluchtingsgat loerd ha om te sjen hoe't dy op wetter en brea libjende boeven der út seagen, en har fol ôfgrizen ôfkeard ha en sein: wat sjogge sy der gemien út net? Miskien waarden ûndogenske bern wol drige mei: Tink derom, oars stopje we dy by de boeven yn it hûnegat! Wat sille sy bliid west ha doe't de soldaten nei in lang skoft ophelle waardenen dat der gjin gefaar fan ûntsnapping mear wie. Want men wist fansels noait hoe't dy smjunten dan tekear gean soenen. Fol fjoer en spanning waard it ferhaal trochferteld oan bern en bernsbern. Doe't kronykskriuwer Winsemius sa'n tritich jier letter yn de Broek kaam, krige er in ferhaal te hearren dat slim optúgd wie mei optinksels út de folksmûle. De fiif Frijbûtsers wienen útwreide ta tritich rôvers en hienen in haadman dy't de Boerefijân neamd waard.

Colofon

Broek, it doarpke yn it wetterlân




Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Broek)