The Zijlstra Gym

The Zijlstra Gym
©: A.P. van der Feer, Bolsward

Wout jr. en Katinka Zijlstra, broer en suster, binne berne oan ‘e Folsgeasterleane en opgroeid oan’e Tsjaerddyk.

As bern fan Wout Zijlstra, de sterkste man fan Nederlân, wurdt de sport harren mei de brijleppel ynjûn. Se wurde lid fan atletykferiening Horror yn Snits. Se meitsje in hiele soad trainingsoeren op’e baan en behelje in protte súksessen op it alderheechste nivo yn Nederlân. Beide blonken benammen út yn it kûgelstjitten en diskussmiten. Wout hie him dêrneist talein op’e mearkamp.

Katinka likegoed as Wout krige lêst fan blessuereleed en beide ha dêrom it beslut nommen dat it genôch wie, dat it tiid wie foar wat oars. Ze traine sels noch wol om yn goede kondysje te bliuwen, mar gjin topsport mear.

Nei it dien meitsjen fan syn VWO oplieding yn Snits, folget Wout no de stúdzje Natuurwetenschap- en Innovatiemanagement oan’e universiteit fan Utert.  Faak is hy dêr net, it grutste part fan ‘e oplieding bestiet út selsstúdzje.

Katinka folge in VMBO oplieding teoretysk en die dêrnei in oplieding yn’e soarch. Ze hat oanslutend in tal jierren wurke yn’e thússoarch.

Wout sr. rûn al in skoftsje om mei it plan om in punt te setten efter in geweldich libben yn’e krêftssport. Yn 2019 wie hy al opholden mei de trainingsjûnen troch de wike. De coronakrisis ( 2020-2022) twingt him no om hielendal op te hâlden mei de krêfttrainingen yn syn buorkerij. Ek de strongman-trainingen ( it omkiperjen fan bannen, it slepen en tillen fan swiere gewichten en molkbussen) op syn hiem en yn syn greide binne foarby. Hy set syn fitnesspullen te keap en docht foargoed de doarren ticht.    

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: A.P. van der Feer, Bolsward

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)