Timmerbedriuw Riemersma


Timmerbedriuw Riemersma
©: PBG - Timmerbedrijf Riemersma, luchtfoto uit de jaren zestig

Yn in agraryske omjouwing wie altyd wol wat te reparearen of te bouwen. Wat kapot wie waard net fuortgoaid of ôfbrutsen, mar makke. Sa gong dat mar as de beurs it taliet dan makken de bewenners gebrûk fan Timmerbedriuw Riemersma. Op hûsnr. 16 stiet noch altyd de wenning. It wurkplak en de winkel wienen dêr achter oant it bedriuw yn 1980 opdûkt waard. Pake Sjoerd is it bedriuw begûn en syn soannen Ids en Lieuwe hawwe it stokje yn 1937 oernommen. Sy hienen ek noch in tal feinten yn tsjinst. Begjin 70-er jierren ûntdutsen de earste wettersporters it doarp en waarden  troch it timmerbedriuw in tal lytse wenningen en buorkerijen ferbouwd ta rekreaasjewenningen.

Elts jier wie der yn it winterskoft in sjongútfiering fan `Us Lyts Doarpke` yn de âlde skoalle en dêrnei it opfieren fan in toanielstik. De poadiumopbou  waard hielendal fergees dien troch Ids Riemersma. Dat wienen tige leuke jûnen neffens bewenners dy’t dit noch meimakke hawwe.

Ek noch it neamen wurdich is dat Ids Riemersma in probleem mei de klok doedestiids oplost hat. De klok wurdt nammentlik sûnt jier en dei oanstjoerd troch in prachtich meganysk oerwurk út 1575. It stiet op de solder fan de foartsjerke.In skoft hat de klok net slaan kinnen en wie it stil yn it doarp. Ids ûntduts dat it oerwurk út it lead stie en dêrtroch oanrûn. Uteinlik stie it stil. It is mei oan him te tankjen dat we no de moaie klank fan de klok op elts heel en heal oere wer hearre kinne.

 

Colofon

Plaatselijk Belang Goingarijp

© Tekst: Plaatselijk Belang Goingarijp © Foto voorblad: PBG - Timmerbedrijf Riemersma, luchtfoto uit de jaren zestig
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Plaatselijk Belang Goingaryp)