Tsjaerddyk 21

Tsjaerddyk 21
©: Atse Bruin

Op 15 jannewaris 1819 sitte Fonger Klases Ringnalda en syn frou Jischjen Freerks Plantinga by de tafel om te oerlizzen oer harren takomstich wenplak. Hja wenje op  Gerbada state oan de Tsjerkebuorren 44 yn Easterwierrum, mar de state wurdt sloopt en sil ferfongen wurde troch in nije pleats. Fonger Klases wol bliuwe, mar syn frou wol graach werom nei de omkriten fan Abbegea, dêr’t har famylje wennet. Hja hat in oplossing foar al syn beswieren en breidet har riddenaasje ôf mei it fersyk oan har man om de oare deis nei Snits ta te gean. Douwe Jeljers Douma hat in buorkerij te keap oan de Tsjaerddyk (21) ûnder it doarpke Folsgeare.  Hja freget Fonger Klases om dy ris te besjen.

Fonger Klases is net ûntefreden oer de buorkerij yn Folsgeare. It hûs mei skuorre is rom en mei de oanboude skuorre der by is der romte genôch.

By de buorkerij heart 23 pûnsmiet lân. De 16 pûnsmiet lân noardlik fan de Tsjaerddyk is bêst greidelân. De kwaliteit fan de 7 pûnsmiet lân súdlik fan de  Tsjaerdfeart is ûnwis. It lân leit leech en yn in wiete simmer is it mar de fraach oft de ‘swarte mole’ it lân drûch hâlde kin. 

Fan de Tsjaerddyk ôf sjocht hy yn de fierte de tsjerketoer fan Abbegea. Fia de ‘Gelderse weg’ troch it Marlân nei de Rige, dêrnei trochrinnend nei de  Abbegeasterketting, kin syn frou yn in oere nei Abbegea rinne. Hy is boer en in man fan in bytsje wurden. Hy wit dat dit is wat syn frou wol. Fonger begjint mei Douwe Jeljers Douma te ûnderhanneljen.  Hja komme der gau út en ein jannewaris 1819 wenje Fonger Klases en Jischjen Freerks mei harren bern Rinske 21, Klaas 19, Freerk 16, Jan 15, Marten 7 yn Folsgeare.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)