Tsjaerddyk 28 en 26b (41)


Tsjaerddyk 28 en 26b (41)
©: Wytske Heida

Age Jans de Vries út de Jouwer is yn 1836 by timmerman Johannes Paulus Spiering yn tsjinst as timmerfeint yn’e nije timmersaak op Tsjaerddyk 44. Hy kriget ferkearing mei Baukjen Ades Jorwerda, dy’t tsjinstfaam is yn it doarp.

“It is mienens” en se trouwe yn 1837 yn Folsgeare dêr’t se ek hinne gean te wenjen. Harren twadde bern Aede wurdt op 29 juny 1842 berne. Aede wurdt troch syn heit oplieden om krekt as him timmerfeint te wurden. Hy groeit goed en flot op en leart lêzen en skriuwen op’e nije skoalle.

Yn 1852 ferhuzet de húshâlding nei Easthim. As Aede 18 jier âld is, ferstjert syn heit, noch mar 53 jier âld. Aede is no as âldste soan ynienen gesinshaad en moat de kost fertsjinje foar de húshâlding. Syn takomstplannen wurde hjirtroch útsteld mar útstel betsjut gjin ôfstel. Als hy 34 jier is, is hy wer frij om syn libben op te pakken. Hy trout mei de 20 jierrige Marijke Zandstra en se komme yn Folsgeare op it Streekje te wenjen dêr’t hy as timmerfeint begjint by Auke van der Velde. Yn 1877 ferhúzje se nei Hichtum dêr’t Age Aedes berne wurdt. Nei syn berte geane se yn 1879 wer werom nei Folsgeare.

Aede de Vries keapet yn 1879 de westlike helte fan it perseel fan’e eardere slachterij / bakkerij (kadaster nû 713). Op dit perseel stiet it âlde bûthús fan’e slachterij en hjiryn begjint hy syn klusbedriuw. Hy moat lykwols fan’e grûn ôf begjinne mar kriget û.o.wurk oan’e tsjerke, toer en de tsjerkehuzen fan’e tsjerkfâden taskikt. Nei in pear jier giet it goed mei it bedriuw en hy bout der om 1880/1881 hinne in wenhûs foar (Tsjaerddyk 28).

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Wytske Heida
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)