Tsjaerddyk 31

Tsjaerddyk 31
©: archief DB Folsgeare

Op 27 maaie 1781 is it in drokte fan belang op de pastorijpleats yn Folsgeare. It is dan ek in besûndere dei foar Folkert Feikes en Yfke Gerrits. Harren soan Feike Folkerts en harren dochter Yfke Folkerts sille hjoed tagelyk trouwe yn de tsjerke. De tsjinst sil ûnder lieding stean fan dûmny Petrus Wigeri, syn frou Catharina Gratiana Eelcoma komt ek mei. 

Feike Folkerts trout mei Baukje Symons út Nijlân. Hja folgje Folkert Feikes op as boer en boerinne op de pastorijpleats. Harren bern Folkert 1783 (stoarn), Trijntje 1784, Yfke 1786, Folkert 1788, Siemen 1792 en Gerrit yn 1796 wurde hjir berne. Yn 1799/1800 komt in grutte buorkerij oan de Tsjaerddyk (nûmer 31) te keap. Nei it lang yn him omgean litten te hawwen, beslút Feike Folkerts de stap te weagjen  om boer te wurden op in eigen buorkerij.

Yn 1811 nimt Feike Folkerts de namme van der Meer oan. Hy sil dizze namme keazen ha, om’t hy tsjin “de Meeren” oer wennet, wat no it Marlân  neamd wurdt.

De bern wurde grut en fine harren eigen paad. Trijntje en Yfke trouwe mei de broers Rintje Jans en Douwe Jans Boschma. Folkert trout mei Aukje Terpstra en wurdt boer yn Nijlân. Siemen sil tegearre mei Gettje van der Goot buorkje op Pikesyl ûnder Abbegea.

Feike Folkerts en Baukje Symens ha no allinne harren jongste soan Gerrit noch thús. Nei syn trouwen mei Riemke Klazes Bosma op 8 maaie 1824, jout Feike Folkerts it stjoer út hannen. Gerrit Feikes wurdt boer op de âlderlike buorkerij. It jier 1824 wurdt tryst ôfsletten as Gerrit syn mem Baukje Symens op 30 desimber ferstjert. Feike Folkerts is noch tsjûge fan de berte fan Klaas Gerrits op 5 april 1825. Hy ferstjert op 14 july 1825. It jonge pear stiet der yn koarte tiid allinne foar.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: archief DB Folsgeare

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)