Tsjaerddyk 32
Pietje Hilbrands Boschma wennet fanôf har berte yn 1833 yn Folsgeare mar ferhuzet yn 1872 nei Easthim. Se fielt har dêr net thús en wol werom nei Folsgeare, Yn 1876 keapet se fan har jongste broer Jouke Hilbrands Boschma in stikje ûnbeboude grûn oan’e Tsjaerddyk mei kadaster nû 739.( letter Tsjaerddyk 32) Se lit dêr in hûs bouwe en kin no wenje yn in omjouwing dêr’t se opgroeid is en de minsken ken.
Pietje Hilbrands trout yn 1880 mei Jan van Netten en it hûs oan’e Tsjaerddyk komt yn’e ferkeap. Rinke Douwes Reitsma keapet it hûs foar syn skoanmem Yke Ruurds Abma. Yke wennet oan’e Tsjaerddyk oant se stjert yn 1893.
Nei it ferstjerren fan Yke Ruurds wurdt der boelskieding holden en komt it hûs yn it besit fan Rinke Douwes Reitsma. It hûs wurdt ferhierd, mar bliuwt yn eigendom fan de famylje Reitsma. Hinke Rinkes Reitsma en har man Albert Jans Twijnstra ervje it hûs yn 1903 en wolle it ferkeapje. Yn novimber 1904 keapet Rients Hiddes Frankena it hûs, mar it komt pas frij yn 1905.