Tsjaerddyk 38

Tsjaerddyk 38
©: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

 

Jelle Uiltjes Hoekstra, boerefeint, en Ytje Annes van der Werf, tsjinstfaam, wenje en wurkje beide yn Folsgeare. Jelle en Ytje keapje nei harren houlik op 25 maaie 1824 it westlike stik fan de grientetún fan  Jelle Uiltjes syn broer Hendrik Uiltjes.

Hendrik syn frou Pietje Baukes hat dizze grientetún ( en in komelkerij)  krigen út’e erfenis fan Schelte Edgers, by wa’t hja húshâldster wie.

Jelle en Ytje litte der in winkel mei wenhûs delsette.

Folsgeare wreidet út fan fjouwer nei fiif wenningen en oan’e Tjaardfeart binne no in slachter, in winkelman en in timmerman.

De winkel fan Jelle fungearrret ek as herberch. Yn de efterkeamer is in slokje te krijen en de notaris brûkt dizze romte bytiden om der in iepenbiere ferkeaping te hâlden. Yn de Tjaardfeart efter de winkel, leit de preamskûte dy’t Jelle bouwe litte hat om guod út Snits te heljen. Dat guod sutelet hy dêrnei út by de boeren yn’e omkriten.

Jelle ferstjert ûnferwachts op 26 augustus 1826, in goed jier nei de berte fan harren dochter Pietertje Jelles. Ytje bliuwt efter mei Pietertje en de winkel.

Lykas gauris yn dy tiid nimt in famyljelid de ferantwurdlikens fan’e ferstoarne op him. Jelle syn jongere broer Roel Uiltjes trout op 5 augustus 1828 mei Ytje Annes. Tegearre geane se fierder mei it bedriuw fan Jelle en krije noch twa dochters.

Roel keapet yn 1832 noch in hoekje grûn fan’e grientetún en lit der in skiphûs delsette foar de preamskûte.

 

 

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Uitgeverij van der Meulen bv Sneek

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)