Tsjaerddyk 47

Tsjaerddyk 47
©: Atse Bruin

Yn 1870 is der in tekoart oan bougrûn yn Folsgeare. Timmerman Pieter Willems Twijnstra tsjinnet dêrom in fersyk yn by de tsjerkfâden om njonken de Tempel, yn it hôf fan’e pastorypleats, in hûs bouwe te meien.

It fersyk wurdt tastien mei in erfpacht fan fjirtich sinten yn it jier. It hûs kriget, lyk as de Tempel, rjocht fan paad lâns de eastkant fan’e nije smidderij nei it stalt oan’e Tjaardfeart.  

Yn 1871 is it hûs njonken de Tempel klear (kadaster nr. 632). Gerrit Willems Twijnstra, broer fan timmerman Twijnstra en widner, wurdt mei syn bern de earste bewenner fan it hûs. Gerrit is timmerfeint by Pieter Willems en wennet no tsjinoer syn broer Freerk Willems Twijnstra (Tsjaerddyk 42) dy’t kûper is.

Yn 1872 giet Pieter Willems Twijnstra fuort út Folsgeare. It hûs dêr’t Gerrit Willems wennet, komt yn’e ferkeap. It wurdt kocht troch Sjoerd Hendriks Kuperus, dy’t nei de keap ferklearret dat hy de wenning kocht hat út namme fan Gerrit Willems Twijnstra.

Gerrit Willems trout opnij yn 1873 mei Sjuttje Bergstra út Easthim. Se bliuwe yn’e wenning oant 1887. Dan giet de húshâlding nei Goutum, it hûs wurdt ferhierd.

Yn juny 1901 wurdt it hûs ferkocht oan Kornelis Jongbloed, kolporteur út Amsterdam. It ferskil tusken de grutte stêd en in lyts doarp as Folsgeare, is lykwols te grut foar Cornelis. Hy ferkeapet it hûs yn desimber fan itselde jier al wer en giet werom nei Amsterdam.

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atse Bruin

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)